Untdek de blokmies

De leskiste Mees Place, ûntdek de blokmies, giet oer it meast bestudearre fûgeltsje fan Nederlân … de blokmies. De learlingen sille sels dit fleurich kleure blokmieske bestudearje yn de Mees Place, in ûntdek- en ûndersykhoeke. Dizze hoeke rjochtest sels yn mei it materiaal út de leskiste. Dat dochst by in rút yn dyn lokaal, want der sit ek in echte fûgelsjochhutte yn de kiste, dy’tst tsjin it rút hingest.

Mei de 8 opdrachtkaarten kinne dyn learlingen selsstannich oan ‘e slach. Harren notysjes meitsje se yn it spesjale Mees Place notysjeboekje.

Mei dizze útdaagjende leskiste wurde dyn learlingen echte mieze-masters!

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Plestik sop 7-8

De leskiste Plestik Sop, giet oer plestik ôffal en hoe’t dêrtroch de plestik sop ûntstiet. De bern wurde útdage om in superheld te wurden troch by te dragen oan it ferlytsjen fan dit ôffalprobleem.

Witst dat der alle jierren mear as 8 miljoen ton oan plestik yn de oseaan bedarret? Wêr komt al dat plestik dochs wei? En hoe heart de see der neffens de bern eins út te sjen?

Mei-inoar sille de bern op ûndersyk en leare wat plestik docht mei it libben yn de see. Wa wit komme hja mei tûke oplossingen.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn06 schoon water en sanitair11 duurzame steden en gemeenschappen12 verantwoorde consumptie en productie14 leven in het water15 leven op het land

Plestik Sop 5-6

Leskiste Plestik Sop 5-6, giet oer plestik ôffal en hoe’t dêrtroch de plestik sop ûntstiet. De bern wurde útdage om in superheld te wurden troch by te dragen oan it ferlytsjen fan dit ôffalprobleem.

Witst dat der alle jierren mear as 8 miljoen ton oan plestik yn de oseaan bedarret? Wa wit komme dyn learlingen mei tûke oplossingen. Yn de leskiste sit ek materiaal om in opromdei yn de buert te hâlden.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn06 schoon water en sanitair07 betaalbare en duurzame energie11 duurzame steden en gemeenschappen12 verantwoorde consumptie en productie14 leven in het water15 leven op het land

In kiste grôtfol krie-en

Mei In kiste grôtfol Krieën komme dyn learlingen yn ‘e kunde mei in nijsgjirrige en bytsje spannende fûgel: de krie. Krieën binne echte famyljebisten, krekt as de roeken en de kaën.

Dizze leskiste hat krekt it werkennen fan de krie & kollega’s net as foarnaamste doel. Wól is it de bedoeling dat de bern mei in soad wille mei dizze prachtige swarte fûgel yn ‘e kunde komme.

It natuer-edukative aspekt komt op in boartlike wize oan de oarder yn it Krieëpaad dat bûten útset wurdt. De bern sille fleane, skrasse, in nêst bouwe, aaien lizze, krieëhapkes ite ensfh. Mei de buordsjes & bakjes út de kiste setst dit Krieëpaad fluch en ienfâldich út op jimme eigen plein.

Fierder tips foar in ferteltafel en in aktiviteit om mei it printeboek ‘Babykraai’ ferhalefjurkes yn dyn groep oan te wakkerjen.

Alles watst nedich hast sit yn dizze prachtige beskildere kiste.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Ingeltsjes

De meast favorite keversoarte is dochs wol it ingeltsje. Elts bern lit graach it reade freontsje oer syn hân rinne. Mei dizze les ûntdekke dyn learlingen mei in echte kweekset hoe’t in ingeltsje him ûntwikkelet fan larve nei kever.

Dyn groep ûndersiket wat de larfkes ite, hoe’t se groeie en feroarje. As de larven in ingeltsje wurden binne, sykje de bern nei in geskikt bûtenplak en litte harren stippele freontsjes frij.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

Pykje Fjouwer

Pykje Fjouwer is in skriezepykje en de haadpersoan út it printeboek mei deselde namme. Mei de leskiste Pykje Fjouwer ûntdekke dyn learlingen op in fleurige wize dat der yn Fryslân greidefûgels libje en wat dizze greidefûgels nedich hawwe om te oerlibjen.

Dyn learlingen geane fansels ek nei bûten. By it ûntdekpaad krûpe de bern yn de hûd fan Pykje Fjouwer en brûke se al harren sintugen om Pykje Fjouwer better kennen te learen.

Pykje Fjouwer is in fleurich miny-skrieze-projekt foar de alderlytsten. Wedzje dat se Pykje Fjouwer yn harren hert slute?

Ekstra: by dizze leskiste kin in gastles boekt wurde. Nim hjirfoar kontakt op mei De Klyster.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

De stikelbaarch

Leskiste De stikelbaarch giet oer de libbenswize fan dizze bysûndere stikelfreon. Wat yt in stikelbaarch? Wêr sliept er en wêrom hat er eins stikels? Dit alles leart groep 1-2 fan frou Stikelbaarch, in hânpop dy’t yn de leskiste wennet. Foar groep 3-4 sit der in ynformatyf printeboek yn de kiste.

De opsette stikelbaarch fine de bern fassinearjend. En fansels geane dyn learlingen ek nei bûten ta en ûndersykje se oft de stikelbaarch feilich wenje kin yn de omkriten fan de skoalle.

De kiste sels is prachtich beskildere en al it materiaal datst nedich hast by de lessen sit der yn.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Griene Fryske Enerzjy

Enerzjy, eltsenien brûkt it. Mar we stjitte tefolle broeikasgassen út en de fossile brânstoffen reitsje op. Fan 2050 ôf moat Nederlân enerzjyneutraal wêze. Dat is in hiele útdaging. Hoe kinst griene enerzjy opwekke?

Mei help fan de leskiste ûntdekt dyn groep hokker foarmen fan enerzjy der binne. Se leare hoe’t dizze enerzjy opwekt wurdt en wêrom’t it wichtich is om oer te stappen op griene enerzjy.

De leskiste bestiet út 3 tema’s:

Wat is enerzjy en hoe wurket it: enerzjy yn de natuer/it lichem

Wat brûkt stroom: enerzjy yn apparaten

Enerzjy fan alle tiden: Enerzjy foarhinne, no en yn de takomst

Ekstra: by dizze leskiste kin in gastles boekt wurde. Nim hjirfoar kontakt op mei De Klyster

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

07 betaalbare en duurzame energie09 industrie innovatie en infrastructuur11 duurzame steden en gemeenschappen12 verantwoorde consumptie en productie13 klimaatactie

Hup derút!

Leskiste Hup derút! Giet oer de natuer tichtby. Hoe grou is de stam fan in beam? Hoefolle bledsjes hat in blom? Hokker fûgels komme der yn in tún en wat ite se? De bern ûntdekke it sels as se nei bûten geane en de opdrachten fan it ûntdekpaad dogge mei Tomke en Romke.

It ûntdekpaad setst ienfâldich sels út yn in parkje, boskje of om it skoalplein hinne. Yn de leskiste sitte buordsjes en kant en kleare opdrachten.

Ta beslút geane de bern oan ‘e slach mei selsmakke klaai en drûchblommen.

Untdek de natuer mei dyn beukers, dus hup, derút!

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Súvel yn ’e klasse

Molke komt fan de ko en fan molke kinst in hiel soad sûne en lekkere produkten meitsje. De leskiste Súvel yn ’e klasse giet oer de ferwurking fan molke. De learlingen sille sels dy molkeprodukten ûntdekke en priuwe. Hja sille û.o. sels bûter, tsiis, yochert meitsje. Alle praktikummateriaal sit yn de leskiste. Super handich.

By jonge bern kin dizze kiste oanslute by it tema de buorkerij, âldere bern kinne in losse ûntdek- en priuwles útfiere. It is ek hiel geskikt om de lessen te jaan as in bûtenles en te kombinearjen mei in picknick.

In soad wille mei ûntdekken en priuwen!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land