De Wethâlders
De Klyster is in inisjatyf fan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Eltse gemeente leveret in wethâlder dy’t natuer- en duorsumensedukaasje yn de portefeuille hat. Dizze wethâlders binne nau behelle by de Klyster.

"De natuer om ús hinne is ûnmisber foar ús om bestean en noflik libje te kinnen. At wy goed foar de natuer soargje, dan soarget de natuer ek foar ús. Dat hat te krijen mei ús iten en drinken, mar ek mei oare saken. At wy goed each ha foar de natuer en der tûk mei omgeane, dan ha wy folle minder problemen yn ús omjouwing. Dêrom is it wichtich dat elkenien basiskennis hat fan de natuer en fan wat goed en net goed is foar planten en bisten. De Klyster jout dy kennis oan de bern mei, dy ‘t dat meinimme yn harren fierdere libben en de maatskippij dêr ‘t se diel fan útmeitsje."

“De natuer learst net kennen troch it besjen fan plaatsjes, mar troch te belibjen. Mei it hier yn ‘e wyn, dyn learzens yn de modder en dyn fingers troch it sân. Der falt safolle te ûntdekken en te ferwûnderjen. En dit kin hiel ticht by hûs. Bern ha dêrby wol gidsen nedich dy ’t har it paad wize en mei har meigean. Dit kin mei De Klyster!”