De Seehûn

Dizze leskiste giet oer faaks wol it skattichste bist fan de see, de Seehûn. Twa seehûnepups nimme dyn learlingen mei op reis troch dizze leskiste.

Underweis ûntdekke dyn learlingen wêrom’t de seehûn fan dy grutte earen en lange snorhierren hat. En wêr’t de seehûn him it meast op syn gemak fielt en wat er yt. Fansels komme ek de gefaren foar de seehûn oan ‘e oarder.

Op harren seehûnereis ûntdekt dyn groep yn de klasse it Waadgebiet. Alle sintugen wurde ynset.

De seehûnepups, it printeboek en it besjen, fielen en priuwen fan it guod mei help fan de fiel- en leskiste steane garant foar in oantal yndrukwekkende lesmominten.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

Wolven

Leskiste Wolven giet oer in bysûndere, beskerme diersoarte: de wolf. De wolf is in spannend bist en sprekt hiel bot ta de ferbylding. En… de wolf is sûnt 2015 werom yn Nederlân. Tiid om de wolf better kennen te learen. Hoe wurkje de sintugen fan de wolf en hoe kommunisearje se mei-inoar? En wat docht de komst fan de wolf mei ús natuer?

Mar ek, wêrom binne minsken bang of just hielendal net bang. En bist foar of tsjin it weromkommen fan de wolf?

Troch yn de hûd fan de wolf te krûpen, leare de learlingen de wolf better kennen en kinne se in eigen oardiel foarmje.

Lien dizze prachtich beskildere leskiste fol praktysk en oanskôchlik materiaal.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

De Slak 3-4

Leskiste De Slak giet oer túnslakken. En dy binne sterk! Se drage harren eigen húske op de rêch. Jonge bern fine slakken tige yntrigearjend. En wat sa leuk is, se bite net, se prippe net, se stjonke net en se binne sa hearlik stadich. En dat makket datst se hiel goed op dyn hân hâlde kinst om se ris goed te besjen.

De kiste sels is prachtich beskildere en in feest om yn dyn klasse te hawwen. Yn de kiste trefst lessuggestjes oan, opdrachten, materiaal foar it meitsjen fan in slakkebak, loepkes, lege slakkehúskes, foarlêsboeken.

Koartsein alles oanwêzich om in bysûndere natuerles te belibjen mei dyn learlingen!

PS Jimme sille fansels bûten sels slakken sykje. Do silst fersteld stean hoe goed bern sykje kinne.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Grieme mei Grûn 3-4

De leskiste ‘Grieme mei grûn foar groep 3-4’ giet oer de boaiem. Mei-inoar sille jimme neitinke oer de fraach wêrom’t der gjin planten yn de sânbak groeie. Dyn learlingen besjogge it sân fan hiel tichtby en ûntdekke wat planten nedich hawwe om yn groeie te kinnen.

Fansels geane jimme ek nei bûten om te ûntdekken oft der bisten libje yn en by de boaiem. De wjirms nimme jimme mei as gast yn de klasse om ekstra goed bestudearje te kinnen.

Trouwens, wisto dat wjirms lucht yn de grûn bringe én dat se harren in wei troch de grûn hinne ite en fan ôffallen blêden wer fruchtbere grûn meitsje? Untdek it allegearre mei dizze leuke leskiste.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Superwjirm

Superwjirm is in nijsgjirrich en tûk wjirmke. Mei it printeboek Superworm komme dyn learlingen yn ’e kunde mei superwjirm en oare boaiembisten.

Troch aktive bûtenopdrachten leart dyn groep de wrâld fan wjirms op in boartlike wize kennen. En fansels ûntbrekt de kreative ferwurking net.

Witst dat wjirms hiel wichtich binne foar de natuer? Wjirms hâlde de grûn sûn. Mar o jee, ôffal fan minsken is dêr wol in probleem by. In kuier dêr’t learlingen swalkôffal by sammelje, heart hjir ek by.

De learlingen belibje fanalles. Superwjirm is gewoan super moai!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

Grieme mei Grûn 5-6

De leskiste Grieme mei grûn foar groep 5-6 giet oer de boaiem dêr’t we yn Nederlân op libje. De grûn dy’t ûnder dyn skuon sitten bliuwt nei it bûten boartsjen. Wêr rinne we eins op? Is dat yn Limburch itselde as yn Fryslân? En ast fan tichtby sjochst, wa rinne der dan noch mear?

Dyn learlingen geane op ‘e siik nei stienkrobben en sille noch mear boaiembisten tsjinkomme. De stienkrobben gean mei de klasse yn. Dêr sille dyn learlingen yn twatallen in ûndersyk útfiere.

Stienkrobben grizelich of smoarch? Wolnee, se dogge neat en binne krekt hiel netsjes! Untdek it sels mei dyn learlingen!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

In board fol natuer

Dizze leskiste giet oer sûn en ferantwurde iten. Hoe groeit ús iten en wêr? Wat binne streekprodukten en wat binne seizoensgrienten? Dyn learlingen wurde útdage om nei te tinken oer hoe’t it iten op harren board komt. In board fol natuer kin skoalbreed ynset wurde. Do kinst as learkrêft sels de lessen útfiere.

Yn de leskiste treft praktysk materiaal oan, opdrachtkaarten, in bûtensirkwy en doch-materialen.

Ekstra: by dizze leskiste kin in gastles boekt wurde. Nim hjirfoar kontakt op mei De Klyster.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie13 klimaatactie

Lessen dy’t smeitsje

Hoe wurdt sinesapelsop makke? Smakket in biologyske apel oars as in gewoane? En wa doart reade apelsmots te priuwen?

Smaaklessen is in unyk lesprogramma oer iten en smaak foar groep 1 o/m 8 fan de basisskoalle. It belibjen fan iten stiet sintraal. Troch Smaaklessen krije bern aardich wat kennis oer iten én ûnderfining mei sûn en duorsum kiezen. Der is ien hantlieding de groep mei 5 lessen deryn. Foar de beukerbou binne der 9 koarte lessen. By eltse Smaakles heart in opdracht op it digyboerd en dit is fergees beskikber www.smaaklessen.nl

Lien de Smaakleskiste en gean mei de hiele skoalle óf in pear klassen op ûntdekkingstocht yn de wrâld fan ús iten.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie

Fjildblommen

De leskiste Fjildblommen giet oer wat fjildblommen nedich hawwe om in blide blom yn in greide wêze te kinnen. Learlingen ûntdekke dit sels troch bûten koarte opdrachten te dwaan.

Nei de yntroduksje giet dyn klasse nei bûten ta en ûntdekke de learlingen boartsjendewei hokker faktoaren (bygelyks iten, grûnsoarte, behear) in blom nedich hat om in tefreden blom yn in greide wêze te kinnen. Yn de leskiste trefst in skat oan materiaal oan om yn de lessen te brûken.

Sikesto as learkrêft om leuke, learsume en praktyske opdrachten foar yn in blomrike omjouwing, sa as in greide of in berm? Dan is dizze leskiste wat foar jimme!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

Flinters yn ’e klasse 5-6

Yn ’e maitiid, de simmer en geregeld op in moaie hjerstdei sjochst se fleanen, moai kleure deiflinters. Wêr komme se wei? Wat ite se? Hoe hjit dy flinter eins? Dat leare de learlingen mei de leskiste Flinters yn ’e klasse.

De groep kriget in akwarium mei echte flinteraaikes, rûpen en poppen fan de Grutte wite koalflinter. Sa kinne de learlingen live de metamorfoaze meimeitsje fan: aaike ➜ rûp ➜ pop ➜ flinter.

De bern meie sels de flinterbak fersoargje. Untdek mei-inoar hoe lyts oft in rûpke is dat krekt út it aai krûpt is en hoe hurd er dêrnei groeit troch iten, iten en nochris iten. En ûntdek ek it grutte wûnder fan it útkommen fan in flinter út in pop.

Fansels geane de bern ek nei bûten ta om de flinters te ûntdekken yn harren eigen leefomjouwing.

Yn dizze fleurige leskiste sit alles watst nedich hast foar in pear wiken flinterwille.

TINK DEROM: Beskikber fan april ôf.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land