Leskiste Hjerst

Leskiste Hjerst giet oer wat der bûten allegearre yn ‘e natuer te ûntdekken is yn de hjerst.

Yn ‘e hjerst is der benammen bûten in soad te belibjen. De natuer jout ús in skat oan prachtich materiaal om mei te boartsjen en om fan te learen. Dyn learlingen sille foaral in soad dwaan en al har sintugen ynsette om de hjerst te belibjen.

By de kiste heart ek in fieldoaze en in ûntdekpaad mei aardige hjerstopdrachtkes. Al it materiaal sit yn ‘e kiste. Dus je kinne sa oan de slach!

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Flinters 7-8

Dizze leskiste giet oer it fassinearjende libben fan deiflinters én nachtflinters.

By de kiste krigest in koalflinterpakket, dêr’t jim de metamorfoaze fan aai-rûp-pop-flinter mei yn’e klasse folgje kinne.

In nachtfal heart ek by de leskiste. Dizze kiste mei spesjale lampe sette jim gewoan bûten del en nachts komme dêr de nachtflinters op ôf.  De oare moarns is it altyd wer in ferrassing wat jim no wer fongen hawwe.

Ek binne der lessen foar bûten beskreaun en leare de bern hokker planten nedich binne foar in flinterfreonlike tún.

Let op: it lienen fan de leskiste is fergees, foar it aai-rûp-pop-pakket wurde de kosten yn rekken brocht.

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Wurkstasjon Wecycle

Offal is mear dan rommel datst kwyt wolst!

De leskiste Wurkstasjon Wecycle giet oer op’e nij brûke fan guod en grûnstoffen. Dyn learlingen fan groep 7 en 8 ûntdekke wat der mei it ôffal bard nei’t it fuortgoaid is. Hja wurde har bewust fan harren eigen rol as it giet om it skieden fan ôffal.

Yn it ‘pop-up’ Wurkstasjon Wecycle gean dyn learlingen yn lytse groepkes oan ‘e slach. Yn ‘e leskiste sit ek in Jekko wêrmei’st it ôffal skiede kinst. Tip: lit dyn bern harren eigen fergese Jekko bestelle foar thús.

Untdekke dat werbrûke wille jout stiet foarop yn dizze leskiste oer duorsumens!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

09 industrie innovatie en infrastructuur11 duurzame steden en gemeenschappen12 verantwoorde consumptie en productie13 klimaatactie7. Betaalbare en duurzame energie9. Industrie

De tún mei Stip

Yn ‘e leskiste De tún mei Stip spylje ingeltsje Stip en syn túnfreontsjes kikkert, slak, stikelbaarch, klyster, bij en flinter de haadrol. Sy wenje yn in betegele tún. En och heden, dêr is sawat gjin iten te finen, der is mar in bytsje wetter en it is der hiel waarm.

Dyn learlingen leare Stip en syn freontsjes kennen oan ‘e hân fan it printeboek ‘De Tuin met Stip’.
Dêrnei gean jimme op ‘e siik nei ynsekten en lytse bistkes en ûndersykje oft der rûnom de skoalle in fijne leefomjouwing foar Stip en syn freontsjes is.

Uteinlik leare de bern dat alle bistkes grut en lyts in griene leefomjouwing nedich hawwe en gean hja mei harren eigen minitúntsje oan ‘e slach mei it fergrienen fan harren eigen tún en skoalplein.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Fûgels yn ‘e winter 1-2

De leskiste ‘Fûgels yn ’e winter’ giet oer hûs-, tún- en keukenfûgeltsjes dy’t winterdeis wol wat ekstra iten brûke kinne.

De bern sille sels fetbollen meitsje, pindasnoeren riuwe en foer struie yn in echt fûgelhúske. Yn de klasse wurde fûgels observearre yn in fûgelhutte en der wurdt boarte mei in houten fûgelhúske mei filten fûgeltsjes.
Yn de bûtenles sille de bern sykje om (nep)fûgels.

Kom tegearre mei dyn beukers yn ‘e kunde mei: it readboarstke, de blokmies, de blaumies, de klyster en oare fûgelfreonen dy’t tichtby yn ‘e buert wenje. Aardich om se kennen te learen en te ferwennen!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Fûgels yn ‘e winter 3-4

De leskiste ‘Fûgels yn ’e winter’ giet oer hûs-, tún- en keukenfûgeltsjes dy’t winterdeis wol wat ekstra iten brûke kinne.

Je krije in fûgelfuodderhúske te lien mei fûgelfoer. En mei help fan it materiaal út de leskiste sille dyn learlingen fetbollen meitsje en pinda’s riuwe foar de fûgels. Yn de fûgelsjochhutte foar yn ‘e klasse kinne de bern de fûgels “beloere “.

Fansels geane jim ek nei bûten op syk nei echte fûgels en ferstopfûgels (plaatsjes fan fûgels dy ‘t jim fantefoaren ferstoppe hawwe ).

Om de fûgels fan tichteby goed besjen te kinnen sitte der libbensechte houten fûgels yn ‘e leskiste.

 

 

Yn dizze leskiste sit in soad ferbrûkersmateriaal lykas pinda’s, struifoer en fet, dit meist gewoan brûke. Nei ôfrin follet De Klyster dat wer oan en bringt it brûkte materiaal yn rekken.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Jonge Eintsjes

De leskiste ‘Jonge eintsjes’ giet oer de wylde ein. Sadree’t it yn maart in bytsje lekker waar begjint te wurden, krije ús einen alwer de kribels. Se tinke nearne mear om, se hawwe allinich mar each foar inoar. Geregeld moatst dan ek boppe-op de rem stean. Einen sjochst oeral: yn ’e greide, yn ’e stêd, yn ’e sleat en yn ’e fiver. Se binne grut en net sa skou, guon stêdsjers binne sels hielendal net benaud en in bytsje brutaal. Se snetterje, kweakje en steane op ’e kop yn it wetter en binne sljocht op ús âlde bôle.

Mar it moaiste en skattichste binne dochs wol de jonge einepykjes. Dit alles makket dat “de ein” gewoan in bytsje by ús heart. Mar hoe sjocht de dei fan de ein derút? Wêr wennet de ein. Hokker kleuren hat in ein.  Hoe groeie jonge eintsjes op? De bern ûntdekke it sels mei dizze geweldich leuke leskiste!

 

Yn de kiste sit û.o. in opset einepykje om te aaien.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Grieme mei grûn 7-8

De leskiste ‘Grieme mei grûn – 7 en 8’ giet oer alles dat him ûnder ús fuotten befynt, de boaiem. Dyn learlingen geane nei foarbyld fan Jules Verne nei it middelpunt fan de ierde.

Bûten meitsje dyn learlingen mei help fan de grûnboar in meterdjip boaiemprofyl.  Jim sille ferrast wêze troch alle moai kleure grûnlagen dy’st tsjinkomst. De boppeste laach wurdt ekstra bestudearre. Wat libbet yn dizze fruchtbere toplaach? De boaiembistjes wurde sammele yn in terrarium. Mei help fan identifikaasjefragen ûntdekke jim hoe ‘t it bistje hjit.

Ta beslút meitsje de bern in fotoshoot mei harren bistje en wurde alle gegevens ferwurke yn in presintaasje of in muorreposter.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Brommels

Brommels groeie yn it wyld oan in stikelstrûk en de ripe blauswarte brommels sjogge der net allinne foar bisten mar ek foar ús hearlik út!

Brommels binne famylje fan de ierdbei en echt simmerfruit. Yn de leskiste Brommels sit alles watst nedich hast om mei dyn groep brommels te plôkjen. Sa leare dyn learlingen alles oer brommels: wêr’t en wannear’t se groeie en hokker bisten brommels ek hiel lekker fine. De plukstôken soargje derfoar dat dyn learlingen brommels plôkje kinne, sûnder hielendal ûnder de skrammen te kommen.

Werom yn de klasse sille jimme brommelsjem of -sop meitsje. Alles dat dêrfoar nedich is, sit yn de leskiste.

Altiten suksesfol én de fuortsetting fan in moaie tradysje út dizze krite.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land

De Hynsteblom

Leskiste De Hynsteblom giet oer in swier ûnderwurdearre wylde plant, de hynsteblom. Dyn learlingen geane bûten oan de slach mei in doch-blêd en komme sa fan alles te witten oer dizze opfallende giele blommen.

De hynsteblom is hiel belangryk foar ynsekten en de hynsteblom is in boaiemferbetterer en katalysator foar it bioferskaat. In hiele ûntdekking dy’t derfoar soargje sil dat dit plantsje de wurdearring kriget dy’t it fertsjinnet.

Dyn learlingen moatte ek hynsteblommen plôkje, want werom yn de klasse sille jimme sels hynsteblomsjerp meitsje. Hoe soe dit smeitsje? Dêrnei wurdt der nifele mei de hynsteblom.

Alles watst nedich hast, û.o. itensiedersplaatsje en panne, sit yn dizze keunstich beskildere leskiste.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land