De Kikkert

Dizze leskiste giet oer nimmen minder as ús kweakjende freon, de kikkert. Kikkerts sprekke ta de ferbylding; se komme foar yn boeken, mearkes en ferhalen en binne rûnom bekend. Harren unike metamorfoaze fan dril, kikkertfiskje oant kikkert, makket learen oer de ûntwikkelingsfazes boeiend.

Yn de leskiste sit in spultsje, in les oan de wetterkant en in kwis oer it bysûndere libben fan ‘De kikkert’.

In fleurige, boartlike leskiste dêr’t alles yn sit watst nedich hast.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

Sied en Bestowing

Wêrom hâlde blommen en bijen fan inoar? De leskiste Sied & Bestowing giet oer it boeiende rûntsje fan hiel lyts siedsje, nei plant, blom, bestowing en wer in hiel lyts siedsje. De learlingen ûntdekke dizze rûntegong troch sels te siedzjen.

Se sjogge troch de beantsjeproef hoe’t in siedsje ûntkimet en woarteltsjes kriget, mar ek dat yn in siedsje al in babyplantsje ferskûle leit.

Fansels geane de learlingen ek lekker nei bûten ta en as lêste sels siedbommen meitsjen. Alles watst nedich hast sit yn dizze leskiste: siedsjes, blompotten, potgrûn, bijeboek en noch folle mear.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land

It Waad Wrâlderfgoed

De leskiste Waad Wrâlderfgoed giet oer de bysûndere posysje fan it waadgebiet yn de wrâld. It Waad stiet sûnt 2009 op de Unesco list. Lykas de piramides yn Egypte, de Sineeske muorre en de Amsterdamske grêften.

De learlingen ûntdekke sels wêrom’t it waadgebiet in unyk plak is yn de wrâld. Want se geane ek op ekskurzje nei it Waad. In waadgids sil mei de bern oer de seeboaiem rinne en op ’e sneup nei krabben, wjirms, fûgels en plantsjes dy’t net benaud binne foar in bytsje sâlt.

Bist op ’e sneup nei Kultuer, Skiednis en Natuer? Dan is dizze prachtich beskildere leskiste wat foar dy. Al it materiaal datst nedich hast, sit yn de kiste en De Klyster regelet de waadekskurzje.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

De natuerskatten fan Wylde Wytse

Eltsenien hat it foarhinne dien: it sammeljen en bewarjen fan ‘natuerskatten’. Dyn learlingen dogge neat leaver. Mei de leskiste de natuerskatten fan Wylde Wytse, ûntdekt dyn groep by in ‘skattetocht’ alderhande ‘natuerskatten’ en ‘piratefoarwerpen’. Wylde Wytse hat se sammele en bewarret se yn in skatkiste.

De bern besjogge de skatten op skaaimerken en oerienkomsten. En fansels geane se sels ek op ‘e siik.

It printeboek fan Woeste Willem -en de Fryske ferzje Wylde Wytse- stiet sintraal.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

De Goudûle + ûleballen plúzje

Leskiste De Goudûle giet oer in ûle mei in hiel opfallend uterlik. Dyn learlingen leare de goudûle te werkennen en komme derefter wat er it leafste yt, troch sels ûleballen te plúzjen. Dat is krekt as datst in kadootsje útpakst, want ûnder it plúzjen kinst in spjelde fallen hearre.

De bonkjes en oerbliuwsels wurde op namme brocht mei help fan sykkaarten. Fansels leare dyn learlingen dat der noch folle mear ûlesoarten yn Nederlân foarkomme.

Hoefolle mûzen hat de goudûle fannacht iten? Untdek it mei dizze spannende en praktyske leskiste!

PS Untdek op dizze prachtige beskildere kiste de stjerrebylden.

Ekstra: by dizze leskiste kin in gastles boekt wurde. Nim hjirfoar kontakt op mei De Klyster.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Moltsje wol ferhúzje

Dizze leskiste hjit Moltsje wol ferhúzje en dat wol er mei syn bistefreontsjes Iikhoarn, Spin, Fûgel, Stikelbaarch en Knyn. Haadpersoan Moltsje is mei syn freontsjes flechte út in bosk dat fuort moast. Wêr moatte se hinne? Hoe wenje dizze bisten eins? Wat fine se noflik? Mei de opdrachtkaarten en it materiaal út de kiste sille de learlingen de omjouwing ferkenne. De sintrale fraach fan de bisten is: ‘Meie wy hjir komme te wenjen?’. De bern ûndersykje sels oft dit kin en nei ôfrin jouwe se alle bisten in advys.

Spylje in stikje teäter mei de hânpoppen. Gean lekker nei bûten ta mei de bern op aventoer!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Master Hazze jout sintúchles

Yn dizze leskiste wennet master Hazze en hy jout mei syn freonen Hûn, Poes en Bij les oer sintugen. Dyn learlingen sille de wrâld ûntdekke mei al harren sintugen. Yn de klasse sille de bern proefkes en spultsjes dwaan en al it materiaal sit yn de moai beskildere kiste.

En fansels sille we ek nei bûten mei dizze fleurige leskiste om û.o. kleurkes te sykjen yn de natuer, in natuerorkest te formearjen en natuerrûkersguod te meitsjen.

Master Hazze jout sintúchles, dochst mei?

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

It lytse bistjes lab

It Lytse Bistjes Lab giet oer lytse bistjes sa as stienkrobben, rûpen en slakken en hoe’tst dêr sels in ûndersyk nei dochst. Bistjes binne altiten populêr by bern. Dyn learlingen sille fragen oan de bistjes stelle dy’t se sels ûndersykje kinne mei materiaal út de leskiste: ûndersyksjassen, laboratoariumguod, potsjes, fergrutglêzen, bisteboeken, alles sit yn de leskiste.

Foar dy as master/juf sit der in spesjale laboratoariumjas yn de kiste, mei allegearre bûsen dêr’t ûndersyksmateriaal yn sit. Dit is in aardige ynkommer foar dyn learlingen.

Mei-inoar krûpe jimme yn de hûd fan in biolooch. Rjochtsje in klasselaboratoariumhoeke yn en wurdt krekt as Freek Vonk in bistje-ûndersiker.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

Pankoek – Ite: ‘alles foar in pankoek’

Dizze leskiste giet oer Pankoeken bakke. Mei it pankoekboek fan Eric Carle komme de bern derachter wêr’t de yngrediïnten fan pankoeken weikomme. It aai fan de hin, it moal fan it nôt en de molke fan de ko. It meitsjen fan in beslach en it bakken komt ek oan bod yn dizze kiste. De bern kinne it bakken neispylje yn in pankoekhoeke.

It lekkerste is fansels it bakken fan echte pankoeken yn de groep.

Alles hjirfoar sit yn de leskiste.

Tip: moai foar op de jierdei fan juf of master.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

12 verantwoorde consumptie en productie

Flinters foar beukers

Dizze leskiste giet oer flinters. Flinters binne moai en jouwe in simmersk, frij en fleurich gefoel. De bern sille yn ’e klasse foar de Grutte Wite Koalflinter soargje. Krigest in aai ➜ rûp ➜ poppakket levere by dizze kiste. De bern observearje hoe’t út in aaike úteinlik in flinter berne wurdt.

Troch de metamorfoaze fan tichtby mei te meitsjen, silst fernimme datst bûten op in oare wize waarnimme silst. Dizze boartlike kiste hat materiaal om jimme mei-inoar te ferwûnderjen oer de pracht en it fernimstigens fan it libben fan in flinter.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land