De Slak 5-6

De leskiste De Slak giet oer hoe’t slakken derút sjogge, hoe’t se libje en wat se dêrfoar nedich hawwe. Dyn learlingen sykje sels nei slakken, observearje harren eigen slak in wike en gean mei de slak op ûndersyk út. Hoe bewege slakken? Wat ite se? Hoe hâlde en drage se harren? Hoe sjogge se derút fan tichby? De prachtich realistysk beskildere leskiste lit de meast foarkommende slakken sjen op wiere grutte en helpt mei it determinearjen fan de soarte.

In ûndersykjende, ynteraktive, learsume leskiste fol natuerbelibbing yn de klasse!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Beammen? Boeie!

Beammen binne oeral. Se binne sa fanselssprekkend yn ús omjouwing, dat we der faak net mear op lette. Mar wat falt der te fertellen oer beammen? En noch leuker, wat kinst der allegearre mei dwaan?

Beammen Boeie! In projekt datst it hiele groeiseizoen útfiere kinst mei dyn learlingen. De hantlieding helpt dy op wei mei genôch leuke ideeën.

Leskiste noch net yn de nije styl. Wol nije kiste en sadwaande hiel goed brûkber.

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

De Klyster

Dizze leskiste giet oer nimmen oars as de moaiste fluiter fan ús lân, de klyster. Klyster is de haadpersoan en fansels komme ek syn fluitsjende fûgelfreonen oan bod. Dyn learlingen ûntdekke sels oer it libben fan fûgels dy’t tichtby hûs én skoalplein foarkomme.

Dyn learlingen sille fûgels spotte fanút harren eigen makke fûgelsjochhutte en geane nei bûten om in ‘klysterpaad’ te rinnen om it skoalplein hinne, fol leuke doch-opdrachten.

Yn dizze leskiste trefst unyk byldzjend materiaal oan sa as in klysternêst en houten fûgelfigueren. En fansels in kompleet klysterpaad mei buordsjes en opdrachten.

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land

Beammen

De leskiste Beammen giet oer it belang fan beammen yn ús omjouwing. Beammen leverje ferskillende ekosysteemtsjinsten: se hâlde wetter fêst, bringe ferkuolling, filterje skealike stoffen út de lucht en leverje iten, leefromte en beskerming oan alderhande planten en bisten. Koartsein: beammen wurkje foar in sûn klimaat!

By dizze leskiste Beammen stiet it sels ûndersykjen, mjitten en ûntdekken sintraal. Hoe groeit in beam? Hokker soarten beammen binne der? Hoe ûntstean beammen? Hoe mjitst de hichte fan in beam? Hoe werkenst in beam? Wannear is der sprake fan in bosk?

Dyn learlingen sille it allegearre te witten komme!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie15 leven op het land

Krûdkreft

Leskiste Krûdkrêft giet oer de tapassing fan bysûndere planten mei bysûndere eigenskippen. Yn de earste les yntrodusearrest ferskillende echte krûden yn de klasse. Do krijst dizze boskjes krûden by de kiste fan De Klyster

Yn de twadde les meitsje dyn learlingen yn groepkes sels produkten fan dy krûden, sa as krûdebûter, brânnettelsop en wylde timesjerp. As ôfsluting organisearje jimme in krûdemerk.

In super leskiste wêryn’t natuer- en duorsumensedukaasje en sûnensedukaasje gearkomme!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land

Poddestuollen

Dizze leskiste giet oer it heimsinnige en bjusterbaarlike libben fan poddestuollen. Yn de hjerst ferskine se ynienen yn alderhande soarten, maten en kleuren.

Foarhinne waarden poddestuollen yn ferbân brocht mei mearkefigueren sa as heksen en elfkes. Dizze leskiste fertelt it echte ferhaal: Wêr komme se wei? Hoe groeie se en op hokker plakken?

Los mei dyn learlingen it poddestuollemystearje op troch koarte opdrachten te dwaan en in kreative bûtenles rjochte op natuerbelibbing.

In oanrieder dizze kiste mei prachtich foarmjûn materiaal.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Wysels en ús Sintugen

Sjen, rûke, hearre, fiele, priuwe; mei de sintugen ûntdekke de learlingen de wrâld om harren hinne. Bewust ûnderfine mei de sintugen is boppedat in noflike beuzichheid. Op ferskate wurkplakken sille de bern (yn groepkes) opdrachten útfiere dêr’t de oandacht foaral rjochte is op de sintugen.

De skildering op de leskiste is in ôflieder fan Herman Broods skilderij “horen, zien en zwijgen”.

Yn de hantlieding ekstra lesideeën ferdield yn 6 tema’s: foet, hân, mûle, noas, ear en each.

Leskiste noch net modernisearre. Wol hiel goed brûkber.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn

Lytse Bistjes 1-4

Jonge bern binne faak ûneinich fassinearre troch eamelers, ingeltsjes, rûpen of spinnen. Mei dizze leuke kiste kinne jimme dizze bistjes yn de klasse helje en besjen.

Lytse kribelbistjes binne foar bern hiel boeiend en prikelje de fantasy. It ynrjochtsjen fan in ûntdekhoeke mei û.o. lêsboekjes en loepkes heart ek by dit projekt.

Yn de kiste fynst in skat oan middelen en materialen om der in prachtich projekt fan te meitsjen.

Leskiste noch net modernisearre. Wol hiel goed brûkber.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Lytse Bistjes 5-8

Bern binne faak ûneinich fassinearre en boeid troch eamelders, ingeltsjes, rûpen of spinnen. Mei dizze kiste kinst mei dyn learlingen dizze bistjes  yn de klasse helje en besjen. It meitsjen fan in ûntdekhoeke yn de klasse is in ûnderdiel fan dizze leskiste. Sels bistjes fange en bestudearje: der giet in boeiende wrâld iepen foar de bern!

Leskiste noch net modernisearre. Wol hiel goed brûkber.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Grieme mei Grûn 1-2

Mo Mo de Mol hat help nedich fan de beukers. Sy hat har poatsje sear dien en kin no net nei har iten grave. Dyn learlingen helpe de mol en geane op ‘e siik nei it boaiemlibben. Se ûntdekke hoefolle ferskillende bistkes der yn en by de grûn libje.

Jimme nimme in oantal bistkes mei foar yn in terrarium yn de klasse. Sa kinne dyn beukers sjen en ûntdekke hoe’t de wjirms, stienkrobben en slakken harren hâlde en drage. Fansels wurdt der ek nifele. En as Mo Mo better is, kin hy wer moaie mollebulten grave.

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land