Komitee fan Oanrekommandaasje
De Klyster hat in Komitee fan Oanrekommandaasje. Hjir sitte bekende Friezen yn dy’t ambassadeur binne foar De Klyster.
De Klyster hat in Komitee fan Oanrekommandaasje. Hjir sitte bekende Friezen yn dy’t ambassadeur binne foar De Klyster.

"Bûten boartsje is bûten bewege en dat is net allinich hiel spannend en útdaagjend, mar ek nochris hiel sûn én learsum. It klinkt sa logysk, mar just yn dizze tiid is it hiel hurd nedich om dit te stimulearjen. En dat is no krekt wat De Klyster docht!"

"Do wurdearrest pas wat ast snapst watst sjochst! Dêrom gun ik elts bern in master of juf dy’t it klasselokaal útdoart, hup de natuer yn. De Klyster helpt dêrby, dat fyn ik geweldich,"

"Yn dizze tiid wêryn’t bern hieltiten minder bûten komme, fyn ik it tige wichtich dat de jongerein troch De Klyster stimulearre wurdt om derop út te gean. Noardeast-Fryslân is sá moai …. as jonkje wie ik altiten bûtendoar en is myn leafde foar de natuer ûntstien. Dit komt alle bern ta, de learzens en âld spikerbroek oan en it fjild yn!"

“Bern dy ’t leare oer de natuer, leare dat se net allinnich binne op dizze wrâld. Troch bygelyks opmerksum makke te wurden op sjongende fûgels, rûzjende planten en gûnzjende bijen, krije bern each foar in oar en foar de gearhing tusken minsken, bisten en planten. Letter sille se begripe dat der in prachtich lykwicht is dat tige de muoite wurdich is om dat te beskermjen.”