Stinzeskatten – Nij

Nije Klyster-aktiviteit foar groep 7 -8 “ Stinzeskatten ”

Wisten jo dat der yn Fryslân bysûndere skatten yn’e grûn sitte? In grut part fan it jier binne se ferstoppe mar yn’e betide maitiid komme se nei boppen en soargje se foar kleurepracht en iten foar ynsekten. Dit binne de Stinzeskatten of stinzeplanten. Se groeie op histoaryske lokaasjes fol ferhalen út it ferline.

Yn dizze nije Klyster-aktiviteit komme jim yn’e kunde mei dizze stinze-skatten, de histoaryske plakken dêr’t se groeie en wêrom’t se no en yn ‘e takomst wichtich binne.

Dizze aktiviteit bestiet út in gastles op skoalle, in ekskurzje nei in histoaryske lokaasje mei stinzeplanten, en natuerfotografy.

Yn’e ekskurzje leare de bern oer skiednis fan stinzen en states, ûntdekke de learlingen alles oer stinzeplanten en de natuer yn’e iere maitiid en as lêste sille de learlingen mei fotokamera’s op ‘en paad om de skjintme en kleurepracht fan’e stinzeplanten fêst te lizzen.

De aktiviteit wurdt yn’e iere maitiid holden.

 

Oare ynformaasje

De bern sille ek foto's meitsje fan de stinzeplanten. De klystergids ynformearret de learkrêft dêr by it plannen fan de data oer. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

GFT, wat dochst dermei?

Grien ôffal is eins gjin ôffal. Skimmels en lytse bistjes binne der sljocht op! En de poep is humus en dat is wer fretten foar planten en beammen. Sa is it rûntsje wer rûn. Dus helje we it griene ôffal op by de húshâldens. Mar hoe sit dat dan op skoalle? Dat is gjin húshâlden. Hjiroer komt De Klyster op skoalle in koarte gastles jaan. Mei dyn learlingen betinke wy hoe’t wy dochs it GFT skiede kinne.

En der is foar elts klasselokaal in lyts grien kontenerke én in kompostfet. Fergees en om ‘e nocht!

Fan Offal Nei Grûnstof (FANG). Dat is Duorsum dwaan en Boargerskip. Gjin wurden mar dieden!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

11 duurzame steden en gemeenschappen12 verantwoorde consumptie en productie13 klimaatactie4

Wêr komt ús iten wei? – gastles

IN BOARD FOL NATUER – WER KOMT US ITEN WEI?

Dizze aktive gastles giet oer sûn en ferantwurde iten. Hoe groeit ús iten, en wêr? Hokker woartels, sied, pitten, stâlen en blêdgriente lizze yn’e winkel en wat fynsto lekker?

Dyn learlingen wurde útdage om nei te tinken oer hoe’t it iten op harren board komt.

In superaardige gastles, dêr’t alle sintugen yn brûkt wurde.

Yn dit projekt wurket De Klyster nau gear mei IVN, Jong Leren Eten en Alliantie Schooltuinen.

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie

Bisten yn ‘e klasse

In ” tentoanstelling ” fan echte bisten op skoalle. Hinnen, kninen, kavia’s, dowen… dy bisten komme allegear yn ‘e klasse. In feest!!!

Frijwilligers fan De Klyster en PKV Frisia fertelle oer it hâlden en fersoargjen fan (hús)bisten en beäntwurdzje alle fragen fan de bern. En fansels is der ek genôch tiid om de bisten te aaien, te fuorjen en te krûpen.

De gastles kin fan maart oant ein maaie jûn wurde. Dêrnei binne der gjin jonge bisten mear.

De Klyster wurket yn dit projekt gear mei PKV Frisia.

Oare ynformaasje

Ha dyn kollega's ek belangstelling? Dan wurde sy frege om sels in gastles te boeken. It is net mooglik om ' efkes ' by de bisten del te rinnen. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Klimaat – gastles

Hjittestress, hoasbuien en seespegelstiging, we ha der allegearre wolris fan heard. It hat te krijen mei klimaatferoaring. Mar hoe sit dat no krekt?

Mei help fan twa grutte klimaattafels kinne dyn learlingen boartsjendewei maatregels útfiere. Lykas: dykferheging, stien ferfange troch grien en wadi’s pleatse foar in bettere wetterberging. Mei in grutte jitter dogge jim in hoasbui nei om te sjen oft it wurket.

In gidsenduo  komt op skoalle en jout dizze gastles.

In byldzjend projekt dêr ‘t dyn learlingen mei 2 wettertafels de gefolgen fan klimaatferoaring yn neispylje én wêrmei ‘t se ûntdekke hoe ‘t wy ús hjirop tariede kinne.

EXTRA: Hoe sit it yn ús regio? Noardeast-Fryslân hat in klimaatatlas makke klimaatatlas(link is ekstern)  mei útlis en kaarten. Dyn learlingen meie ek suggestjes dwaan!

Oare ynformaasje

Tink derom: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie

Natuerfotografy KidzKlix – spesjaal ûnderwiis

TINK DEROM: yn’e  maitiid fan 2026 kin KidzKlix allinnich troch it spesjaal ûnderwiis boekt wurde!

Faak is it tichtby hûs ûnferwachts moai, mar dat moatst earst wol leare te sjen! En dat is wat KidzKlix docht. In natuerfotograaf sil mei de learlingen in útstapke meitsje om troch it each fan de kamera de natuer te ûntdekken en fêst te lizzen op de gefoelige plaat.

De learlingen begjinne mei de KidzKlix Natuerkenniswizzz en meitsje dêrnei bûten natuerfoto’s yn in natuergebiet net fier fan skoalle. Underweis fertelt de fotograaf nijsgjirrige natuerweetsjes.

Op ‘t lêst meie de learlingen harren stim útbringe op de natuerfoto dy’t sy it aldermoaiste fine. De winner wurdt oan ‘e ein fan dizze super moaie dei bekend makke en huldige.

Oare ynformaasje

  1. Eltse learling kriget in eigen kamera te lien.
  2. Skoalle siket in geskikt bioferskaat natuergebiet. De reistiid moat koart wêze.
  3. De learkrêft assistearret en soarget dat alle materialen dy’t nedich binne rom op ‘e tiid klear stean.
  4. De winner fan de foto fan de dei kriget 'Natuurfotografie voor de junior fotograaf'
  5. Foto-Bart lit bestânnen efter mei alle makke bylden.
  6. De start is om 9.00 oere hinne en eintiid om 13.00 oere hinne. Yn oerlis mei skoalle kin ôfwykt wurde fan dizze tiden. Oerleist dit streekrjocht mei foto-Bart.
TINK DEROM: om safolle mooglik skoallen de kâns te jaan om mei te dwaan kin per skoalle 1 klasse meidwaan. Hat in skoalle belangstelling foar noch in groep, dan meitsje wy in reservelist. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land