Pluk – meidûnsfoarstelling

Pluk sammelet pitten en siedsjes en stoppet se thús yn potsjes en bakjes. Har broeksbûsen sitte altyd fol en wat fielt dat lekker om mei de hannen troch dy siedsjes hinne te gean. Mar och heden, har bûse skuort en dêr rôlet har skat oer de paden, en oer de grûn. En dan begjint it aventoer fan siedsjes dy’t groeie en bloeie, fan ynsekten dy’t gûnzje op blommen.

In nije meidûnsfoarstelling foar beukers fan de makkers fan De Molkwei, troch Stichting De Beweging, oer groeien en bloeien, magyske siedsjes en plukke en priuwe. Dûns, teäter en muzyk mikst ta in fantasyrike foarstelling dy’t beukers yn beweging set en dyn beukers belibje lit hoe’t in siedsje groeit.

Groeie jim mei?

 

 

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

Stinzeskatten – Nij

Nije Klyster-aktiviteit foar groep 7 -8 “ Stinzeskatten ”

Wisten jo dat der yn Fryslân bysûndere skatten yn’e grûn sitte? In grut part fan it jier binne se ferstoppe mar yn’e betide maitiid komme se nei boppen en soargje se foar kleurepracht en iten foar ynsekten. Dit binne de Stinzeskatten of stinzeplanten. Se groeie op histoaryske lokaasjes fol ferhalen út it ferline.

Yn dizze nije Klyster-aktiviteit komme jim yn’e kunde mei dizze stinze-skatten, de histoaryske plakken dêr’t se groeie en wêrom’t se no en yn ‘e takomst wichtich binne.

Dizze aktiviteit bestiet út in gastles op skoalle, in ekskurzje nei in histoaryske lokaasje mei stinzeplanten, en natuerfotografy.

Yn’e ekskurzje leare de bern oer skiednis fan stinzen en states, ûntdekke de learlingen alles oer stinzeplanten en de natuer yn’e iere maitiid en as lêste sille de learlingen mei fotokamera’s op ‘en paad om de skjintme en kleurepracht fan’e stinzeplanten fêst te lizzen.

De aktiviteit wurdt yn’e iere maitiid holden.

 

Oare ynformaasje

De bern sille ek foto's meitsje fan de stinzeplanten. De klystergids ynformearret de learkrêft dêr by it plannen fan de data oer. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

De Slak 1-2

Fjildkiste De Slak is foar groep 1 -2.

Dyn beukers komme mei de hânpoppen earst yn’e kunde mei Hidde de húskeslak en Nynke de neakenslak. Dêrnei sille jim lekker nei bûten en in slakkebak ynrjochtsje, slakken sykje en yn 3 groepkes natueropdrachten dwaan lykas in bleatefuottepaad.

Al it materiaal sit yn de moai beskildere fjildkiste. Goed foar op syn minst in moarn slakkewille.

 

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs