Stinzeskatten – Nij

Nije Klyster-aktiviteit foar groep 7 -8 “ Stinzeskatten ”

Wisten jo dat der yn Fryslân bysûndere skatten yn’e grûn sitte? In grut part fan it jier binne se ferstoppe mar yn’e betide maitiid komme se nei boppen en soargje se foar kleurepracht en iten foar ynsekten. Dit binne de Stinzeskatten of stinzeplanten. Se groeie op histoaryske lokaasjes fol ferhalen út it ferline.

Yn dizze nije Klyster-aktiviteit komme jim yn’e kunde mei dizze stinze-skatten, de histoaryske plakken dêr’t se groeie en wêrom’t se no en yn ‘e takomst wichtich binne.

Dizze aktiviteit bestiet út in gastles op skoalle, in ekskurzje nei in histoaryske lokaasje mei stinzeplanten, en natuerfotografy.

Yn’e ekskurzje leare de bern oer skiednis fan stinzen en states, ûntdekke de learlingen alles oer stinzeplanten en de natuer yn’e iere maitiid en as lêste sille de learlingen mei fotokamera’s op ‘en paad om de skjintme en kleurepracht fan’e stinzeplanten fêst te lizzen.

De aktiviteit wurdt yn’e iere maitiid holden.

 

Oare ynformaasje

De bern sille ek foto's meitsje fan de stinzeplanten. De klystergids ynformearret de learkrêft dêr by it plannen fan de data oer. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

Natuerpaed ‘t Landje

‘t Landje is in lyts paradys flakby Dokkum. Kinst der hearlik omdrave, mar ek even hiel stil genietsje. Om in âld hôf hinne is in nij natuerbeleefpaad oanlein.

Tsien doch-opdrachten steane ferspraat oer it terrein. De bern sille ûnder oare lytse bistjes fange, blommen en fruchten sammelje en op boartlike wize leare dat it fretten fan bisten en minsken út de natuer komt.

Ta beslút sille jimme krûdebûter meitsje mei farske krûden en ytbere blommen. De yngrediïnten plukke de bern sels.

Kom mei-inoar útfinen hoe ‘t ferskillende planten en bisten mei-inoar libje op ‘t Landje!

Ferwachte: ekskurzje ’t Landje foar groep 6, 7, 8 mei survivaleleminten! Back to basic: fjoer meitsje, hut bouwe, oerlibje yn de natuer.

De Klyster wurket yn dit projekt gear mei stichting ‘t Landje.

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Natueravontoer

Natueraventoer is in echte doch-ekskurzje, leare en bûtenboartsje oant datst grien sjochst! Dyn groep sil de natuer boartsjendewei ûntdekke en û.o. kamûflearje, ferstopje, lytse bistjes sykje, en in natuerskilderij meitsje.

Rinsma Pôle is in ûnbekend mar prachtich natuergebiet oan rivier de Swemmer mei kronkelpaadsjes, wetter en heuvels.

Us natuergids Annemarie nimt dyn groep graach mei op aventoer!

Oare ynformaasje

Nei oanmelding bellet de gids mei de learkrêft om in dei en tiid te prikken. Graach 10 minuten yn't foar oanwêzich wêze. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Pykje Fjouwer Paad

“Tik tik tik. tik tik tik….. trije aaien yn it skriezenêst binne al útkaam. Mar it pykje yn it fjirde aai krijt de dop mar net stikken.” Sa begjint printeboek Pykje Fjouwer. Op skoalle lêze je it boek foar.

Dêrnei giest mei dyn groep mei in klystergids op natuerekskurzje, lekker nei bûten. De learlingen krûpe yn de hûd fan skriezepykje Pykje Fjouwer en belibje de natuer mei al har sintugen.

Super leuk, want de ekskurzje fynt plak op’e buorkerij. Leaver by skoalle? Dat kin ek, jou mar oan.

Fanwege sukses yn’e werhelling!

Tip: mear dwaan? Lien dan ek ús leskist Pykje Fjouwer.

 

Oare ynformaasje

It boek is oanwêzich op skoalle yn Frysk en Nederlânsk. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Fisken op Raais

Natuergids Xantha nimt dyn klasse mei op ûntdekkingsreis troch Nationaal Park Lauwersmeer. Hoe sit dat krekt mei dat Lauwersmar? Hiet dat foarhinne net Lauwerssee? Hokker bisten libje der hjir en oan de oare kant fan de dyk?

Sels ûntdekke, fisken fange, in bysûnder spultsje, en by moai waar faaks sels efkes poatsjebaaie. Dyn learlingen sille it Lauwersmargebiet troch ûnderfining ûntdekke en sykje nei spoaren út it sâlte ferline.

De reaksjes fan skiallen binne altyd tige posityf! Nijsgjirrich? Skriuw dy dan yn.

O ja, we begjinne by it strân neist waadpaviljoen Noorman en ûnderfine dêr de sâlte seekant fan de dyk. Dêrnei sille we de swiete oare kant fan de dyk ûntdekke.

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Offsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar. De gids bellet in pear dagen yn ’t foar mei skoalle om de lêste saken te besprekken.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

Strune op it Waad

“Gouwe ouwe”, mar noch altiten superleuke waadekskurzje by Moddergat. Lekker útwaaie oan de oare kant fan de dyk en sykje nei “the big five” fan it Waad. Wa fynt se allegearre: de krabbe, garnaal, seewjirm, moksel en it waadslakje?

Dyn learlingen sille genietsje by it jutten en sammeljen fan skelpkes, wjirms stekke en it ûntdekken fan alderhande plantsjes en bistkes. Wa doart in krabbe fêst te hâlden? En hasto nei ôfrin ek in ‘moddergat’ krigen?

In natuergids fan De Klyster giet mei dyn learlingen op waadekspedysje en fertelt ûnderweis ferhalen oer it Waad mei in kerltsje sâlt en soarget derfoar dat de bern in soad dwaan en belibje kinne. De fûne waadskatten geane fansels mei nei skoalle.

Kop yn ‘e wyn, learzens oan en lekker strune!

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar. Graach 10 minuten foar oanfang oanwêzich wêze.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie14 leven in het water15 leven op het land

it Waad op – stoer!

STOERE EKSKURZJE MEI SLEEPNETFISKJEN EN WAADRINNEN.

’t Waad op mei Peer, in stoere gids en moaie ferteller. Peer is in echte waadleafhawwer en net bang foar in modderpoat. Hy nimt de bern mei foar in stoere tocht oer it Waad en fertelt sterke ferhalen oer krabben, kwabben en stoarm op see.

Én, de ekskurzje is no noch stoerder, want jimme sille te waadrinnen nei it farwetter. Dêr sille jimme korre mei in sleepnet. Mei-inoar lûkst it grutte net troch de see. Skol, garnaal, krabbe, pylk-inketfisk, tarbot… Wat is de fangst fan de dei?

Dyn learlingen moatte bikkelje en der sil flink lake wurde en rekkenje der mar op dat se wiet en wurch mar foldien weromkomme.

Tip: besjoch de powerpoint fan de ekskurzje. Dêr wurdst fuort entûsjast fan.

Tip: dizze ekskurzje is in útsje en de tocht nei de geul soarget dat dyn learlingen inoar op in hiele oare wize kennen leare. It ferbynt om mei-inoar op it wide waad te rinnen.

 

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie14 leven in het water15 leven op het land