yn ‘e parse

Zeist, 19 juny 2025 – Ferline wike tongersdei is klyster Marjolein Staal foar fjouwer jier beneamd as lid fan de Ledenraad van Vogelbescherming Nederland. Marjolein fynt it in hiele eare dat se keazen is. De Fûgelbeskerming bestiet al mear as 125 jier en docht fantastysk wurk foar fûgels, ek ynternasjonaal fia Bird Life.

“Fûgels meitsje my bliid en ik genietsje fan fûgels yn myn achtertún en as ik op paad bin. Dit gun ik elkenien. Graach draach ik myn stientsje by en set ik myn ekspertize en jierrenlange ûnderfining op it mêd fan (natuer)edukaasje yn. En fierder fyn ik it wichtich dat ek it Noarden fertsjintwurdige wurdt yn de Ledenraad. Fûgels ha ús in soad te fertellen. As we net goed harkje, misse we net allinnich de sinjalen oer hoe’t sy derfoar steane, mar ek dy fan ús eigen leefomjouwing.”

 

 

Kickoff Sûn en Lekker ite

Op 11 juny is by de Bonifatiuskapel yn Dokkum in nij projekt start: Sûn en Lekker ite. Dit projekt wol bern alle dagen in sûne lunch jaan. It doel is om mei-inoar te wurkjen oan sûn en lekker iten. Net allinnich op skoalle, mar ek thús en yn ‘e buert.

Woansdeitemiddei wie de start fan it projekt. Elkenien mei ynteresse yn opfieding, ûnderwiis of sûnens wie wolkom by de feestlike iepening. Ut namme fan De Klyster wie Marjolein Staal oanwêzich. De Klyster hat in Grien – Sûn – Duorsum Noardeast Fryslân as útgongspunt.

Lês hier  foar berjocht yn ‘e parse.

Netwurkgearkomste Beamfeestdei

NME De Klyster naam op 11 juny diel oan de netwurkgearkomste fan Stichting Nationale Boomfeestdag op it prachtige Kastiel Groeneveld yn Baarn. Op dizze middei waarden we meinaam yn boeiende lêzingen, bygelyks oer de rol fan natuer foar de sûnens fan bern troch Jolanda Maas (VU). Barbara Rijpkema (Steatsboskbehear) gie yn op natueredukaasje yn it basisûnderwiis. Gera op den Kelder (Probos) gie yn op it belang fan klimaatbestindige beamsoarten.

De sfearfolle lokaasje bea dêrneist romte foar moeting en in moaie rûnlieding troch it kastielpark. Yn’e rin fan de dei waarden folop kennis en ûnderfining útwiksele. In weardefolle gearkomste dêr’t klysterprojektmeiwurker Yvonne de Beer mei nocht op weromsjocht!

10-jierrich jubileum Freonen fan de Klyster

Op 11 juny 2025 bestiet de stifting Freonen fan De Klyster 10 jier. De stichting is destiids oprjochte om’t sy it wurk fan it NME-Sintrum stypje wolle, omdat sy it wichtich fine dat bern yn kontakt komme mei de natuer yn harren eigen leefomjouwing. Bestjoersfoarsitter Bertus Mulder: “Wy stimulearje in goed doel tichtby hûs en leverje as Freonen graach in bydrage út de mienskip wei, want wy binne allegearre oan set as it giet om it grutbringen fan ús jeugd yn harmony mei de natuer.”.

Takom jier bestiet NME-Centrum De Klyster 30 jier, by de fiering fan dit heuchlike feit, sil ek omtinken jûn wurde oan it Freonen-jubileum.

Op ‘e foto it bestjoer fan de Freonen flnr: Marjolein Staal – bestjoersadviseur, Durk Holwerda – sekretaris, Bertus Mulder – foarsitter, Sippy Tigchelaar – bestjoerslid, Oege Jan Leegstra – bestjoerslid, Thom Feddema – ponghâlder

 

Training siede mei de klasse

Ofrûne healjier folgen Klystergidsen Trudy en Jurjen de training itensieden mei de klasse fan IVN natueredukaasje.

Yn de training learden de Klysters hoe’t se mei learlingen sûn itensiede kinne mei streekprodukten en yngrediïnten út de natuer. Der waard û.o. sop makke en krûdtsiis.

Ek waard der omtinken jûn oan hoe’t je itensiede mei de klasse organisearje. Om wat men leard hat gelyk yn praktyk te bringen, moasten de kursisten in gastles ûntwerpe en jaan op in basisskoalle.

De training is ûnderdiel fan it programma Jong Leren Eten Friesland.

 

Klystergids Betty Kooistra wint Johan de Jongbeam

Mei grutskens lit De Klyster witte dat Betty Kooistra de Johan de Jongbeam 2025 wûn hat.

Betty hat de natuerpriis fan Omrop Fryslân krigen, omdat se al jierren aktyf is op it mêd fan natueredukaasje, sawol foar bern as foar folwoeksenen.

Se begeliedt ekskurzjes, jout lêzingen en docht dat fol fjoer en passy. En dat wylst se autodidakt is, se hat gjin natuerachtergrûn kwa oplieding. Yn it fjild hat se har kennis opdien en dat is ek wat Betty by oare minsken oerbringe wol: it fjild yn om te sjen hoe moai de natuer is.

Fansels hat Betty letter opliedingen folge. Sy is offisjeel natuer -, waad – en wettergids. Ek koördinearret sy de natuergidsoplieding. Fierder is se geregeld te gast yn it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân om har leafde foar de natuer te dielen.

Betty is al mear as 20 jier natuergids by De Klyster. Moai detail is dat Johan de Jong yn 1996 De Klyster iepene hat. Hy bleau oant syn dea lid fan it Komitee fan Oanrekommandaasje fan De Klyster. De Jong levere altyd braakballen oan De Klyster en Betty jout hjirmei braakbalplúslessen op de basisskoallen yn de klysterregio.

Op ‘e foto ûntfangt Betty (midden) de priis fan Haukje Rypstra, direkteur Omrop Fryslân. Foto: Aukje de Hoop

 

Klyster nijsbrief nr. 05

Beste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Offalprojekt foar 1.200 learlingen
  • De Klyster impact yn 2024 – jierferslach
  • IVN Slootjesdagen
  • Learlingen advisearje gemeente oer poddetrek
  • Koart greidefûgelprojekt – fergees yn juny foar groep 5 – 8
  • Frijwilligers frege
  • Leskist liene
  • Egel / Stikelbaarch dochblêd

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – dochblêd

yn ‘e parse

LEARLINGEN ADVISEARJE GEMEENTE OER SALAMANDERS 
Xaveer Kobus (8 jier) oerlange woansdei 21 maaie 2025 út namme fan de learlingen fan de Julianaskoalle en de Bernhardskoalle in advys oan wethâlder Hanneke Jouta. De learlingen advisearje om in offisjeel warskôgingsboerd “ pas op paddentrek ” te pleatsen yn Kollum, want dêr wurde by de amfibyetrek salamanders, kikkerts en podden dea riden en dat is fansels hiel begrutlik.

Wethâlder Jouta wie ûnder de yndruk fan de aksje. It advys fan Xaveer en Chris nimt se dan ek hiel serieus: “ Wy pakke dit op! ”.

Op ‘e foto f.l.n.r. heit en mem Kobus, Xaveer, wethâlder Hanneke Jouta, Marjolein Staal en Mirja Brandorff

Sjoch hjir it folsleine parseberjocht:

 

yn ‘e parse

Offalposter skittert op jiskewein

Op woansdei 14 maaie wie it ôfslutende parsemomint fan it projekt ‘Koos de Vuilnisman’. Yn totaal hawwe goed 1200 bern meidien, ferspraat oer 20 skoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. De dielnimmende klassen hawwe in poster ûntwurpen, de bêste poster is drukt op in jiskewein.

Fleur Mullender fan CBS De Bron yn Dokkum wie de winneres!

Op ‘e foto f.l.n.r.: wethâlder Hanneke Jouta, winneres Fleur Mullender, berneboargemaster Esmee, berneboargemaster Lilly en Koos de Vuilnisman.

Sjoch hjir it folsleine parseberjocht:

Afvalposter schittert op vuilniswagen – RTV NOF Nieuws

Jierferslach goedkard en online

Alle jierren skriuwt De Klyster in jierferslach oer it ôfrûne kalinderjier mei in finansjele ferantwurding. Dit jierferslach giet nei de kolleezjes fan B & W en riedsleden fan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

It jierferslach 2024 is goedkard en is no iepenbier. Aardich om te lêzen wat De Klyster allegearre dien en berikt hat yn 2024.

Klik op de link en scrol nei ûnderen. Under it kopke <Verantwoording> fine jo it dokumint.

https://www.klyster.nl/over-ons/