yn ‘e parse – Duorsume Foarlêsdei

Op freed 9 oktober hat de Duorsume Foarlêsdei wer plakfûn, op fiif basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Wethâlders liezen de learlingen foar út it Fryske berneboek ‘De Oprommasine’ fan skriuwster Lida Dijkstra.

Dit jier draaide de foarlêsdei om plestikfersmoarging en masines dy’t helpe kinne om plestik ôffal op te romjen. Neist it harkjen nei it ferhaal giene de bern oan de slach mei learsume aktiviteiten oer ôffal en duorsumens. Ek wie der romte om fragen te stellen oer de gefolgen fan plestik yn de natuer.

Yn Damwâld lies wethâlder Tom Bakker tegearre mei skriuwster Lida Dijkstra foar op de Dr. J. Botkeskoalle. Op CBS De Sprankeling namen wethâlders Kempenaar en Heringa it foarlêzen foar harren rekken. Yn Noardeast-Fryslân lies wethâlder Braaksma foar op de Wrâldwizer yn Easternijtsjerk en wethâlder Bos-Jonkmans op CBS De Tarissing yn Aldwâld.

De Duorsume Foarlêsdei wurdt alle jierren hâlden yn de Berneboekewike. Mei de aktiviteit wolle de gemeenten bern op in tagonklike wize yn ‘e kunde komme litte mei duorsumens en tagelyk it (foar)lêzen stimulearje. Dêrby krijt ek de Fryske taal omtinken, omdat it ferhaal alle jierren yn it Frysk foarlêzen wurdt.

Sjoch ek: Wethouders lezen Friese verhalen voor tijdens Duorsume Foarlêsdei – RTV NOF nieuws uit Dokkum, Damwâld, Burgum, Buitenpost, Surhuisterveen

Klyster nijsbrief nr. 08

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Utnûging Jubileumfeest nijsbrieflêzers – jou dy no op!
  • Tefredenheidsûndersyk skoallen
  • Komplimint
  • Nije kearndoelen basisûnderwiis
  • IVN lespakket Berneboekewike
  • IVN help by Grien Skoalplein
  • Nije wethâlders foar De Klyster
  • Yn memoriam Henk Kroes, lid komitee fan oanrekommandaasje fan De Klyster
  • Dochblêd Wolken

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Doeblad Wolken

Klyster nijsbrief nr. 07

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Neijiersoanbod
  • Nij projekt: wjirmeaventoer
  • IVN Klassenkalinder
  • IVN Lespakket Gouden wiken kleurje grien
  • Lien ris in leskist – fergees
  • Foarstelling Troep – fergees
  • Start projekt Noardlike Fryske Wâlden
  • Yn memoriam klystergids Sieberen Postema
  • Dochblêd Fearren

In protte lêswille!

 

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Dochblêd Fearren

 

yn ‘e parse – wethâlder Tom Bakker trapet edukaasjeprojekt ôf

Yn elke bôletromp sit wol wat fan ‘e boer!

” Suvel, bôle, fruit of dochs in koekje? De oarsprong leit by de boer. Dus tink tenei ast dyn tromke iependochst efkes oan de boeren. Boer Corné de Vries fan Wâlterswâld fertelde dit by de iepening fan de 18e edysje fan it jeugdedukaasjeprojekt yn Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden oan de bern dy’t in deidiel op syn bedriuw wiene.

Neist it produsearjen fan iten ûnderhâldt de boer ek de natuer. Yn it Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden dogge boeren dit ûnder oare mei snoeien. Hjirmei wurdt romte makke foar nije groei en mear bioferskaat. Foarsitter fan Feriening Noardlike Fryske Wâlden Ids Hellinga ûnderstreke hjirmei it belang fan in sûne keten yn de lânbou. Wethâlder Bakker fan Dantumadiel wie oanwêzich om de tradisjonele iepeningshanneling te dwaan. It snoeien fan in tûke. De wethâlder fertelde dat er eartiids ek by boeren snoeid hie.

Snoeie, bioferskaat en kreativiteit steane sintraal by it deidiel yn it fjild. De klasse giet yn groepkes it fjild yn. Landschapsbeheer Friesland en Natuer – en Milieuedukaasje sintra De Klyster, de Naturij en Pingo & Pet soargje foar de edukative begelieding. Dizze unike gearwurking fan partijen soarget al 18 jier foar in suksesfol lesprogramma. Dit jier binne der fernijde biodiversiteitsopdrachten wêrby’t de learlingen op syk gean nei libben yn de houtwâlen en singels. Dêrmei slute wy mear oan op de belibbingswrâld fan bern. Gjin teory, mar mei de fuotten yn it gers. Der waard ûnder oare in moaie griene sprinkhoanne fûn troch de klasse fan CBS de Wynroas.

De kommende wiken gean der noch mear as 30 klassen it fjild yn by boeren yn Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden om it kûlizelânskip wêryn’t se wenje, boartsje en leare te ûntdekken.

Yn memoriam, Sieberen Postema

Dizze wike berikte ús it drôve berjocht dat âld-frijwilliger fan De Klyster Sieberen Postema op tiisdei 21 july op 78-jierrige leeftyd hommels ferstoarn is. Sieberen Postema wie fan 2008 ôf oant en mei 2022 frijwillige natuergids by De Klyster.

Hikke en tein yn de Wâlden op’ e Tike, boarte Sieberen as bern altiten bûtendoar en sa ûntstie in sterke bân mei de natuer. En dat bleau, want hy wie noch altiten regelmjittich te finen by de Leijen, fierrekiker om ‘e nekke.

Sieberen hâlde fan de natuer, fan it fiskjen, d’r op út mei it boatsje, fûgels sjen, en hy mocht der hiel graach oer fertelle, benammen oan bern, want it oerbringe fan leafde foar de natuer fûn er tige wichtich. Hy hat dêrom destiids de natuergidsenoplieding fan it IVN folge en is sadwaande yn 2008 by NME-sintrum De Klyster kaam as frijwillige natuergids.

Sieberen hat sa’n 3.000 bern kennismeitsje litten mei de natoer yn noardeast Fryslân. Hij wurke mei oan û.o. de projekten: Noardlike Fryske Wâlden, takomst foar in unyk lânskip, Waadstrúne,  Swalkkuier troch it Houtwiel en Op Avontoer by de Boer.

Troch syn grutte postuer en waarme swiere stim makke Sieberen yndruk, mar de measte yndruk makke hy wol as hy it ikoanyske doaske út de bûse wei helle. Tidens de ekskurzjes oan bern fan de boppebou tovere hy steefêst dat doaske mei nijsgjirrige natuerskatten foar it ljocht mei û.o. in hazzepoatsje, in kowetosk, in fûgelpoatsje en by eltse skat fertelde Sieberen in sterk ferhaal en dat makke syn ekskurzjes foar bern, mar ek foar learkrêften en âlders, ta in ûnferjitlike natuerbelibbing.

Sieberen wie in smoute prater en dat wie der ek tidens de teamútjes fan De Klyster. Hy naam faak efkes it wurd en dan waard der hiel wat ôflake om de sterke ferhalen fan dizze Wâldpyk, mei in hert fan goud en op it goede plak.

Sieberen Postema hat in soad betekene foar De Klyster op it mêd fan edukaasje, en ek foar it Fryske Gea, wêr ’t hy ek frijwilliger wie en him dwaande hâlde mei natuerbeskerming troch it tellen fan fûgels.

Sieberen, natuerminsk en sympatike kollegagids, do stiest yn ús ûnthâld gravearre en wy tinke mei in soad respekt en in glim om ‘e mûle oan dy werom.

Ut namme fan it klysterteam winskje wy de neisten en syn frou Lammie, in soad sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit grutte ferlies.

 

Yn de parse by RTV-NOF ferskynde it folgjende berjocht.

Oud-natuurgids De Klyster Sieberen Postema overleden – RTV NOF Nieuws

 

 

Simmerfakânsje sletten

De Klyster is yn de simmerfakânsje sletten. Moandei 17 augustus 2026 begjinne we wer en kinne jimme ús belje en wurde de mailtsjes wer binnen in wike beäntwurde.

Leskisten kinne gewoan reservearre wurde yn de fakânsje en fan 17 augustus ôf wurde se wer op skoalle brocht.

Ekskurzjes, gastlessen en projekten kinne fan moandei 24 augustus ôf fia de webside boekt wurde. TINK DEROM: útsûndering binne de wadekskurzjes, dy kinne no al boekt wurde.

Wy winskje jimme in noflike simmerfakânsje ta en graach oant sjen.

 

Klyster nijsbrief nr. 06

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • NME-oanbod nei de fakânsje
  • Nije frijwilligers, even foarstelle
  • Subsydzje: Frysk foar no en letter
  • Save the date, 30-jierrich jubileum Klyster
  • Dochblêd koweblomkes

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Doeblad juni madeliefjes

 

Berneboargemaster folget les oer greidefûgels

Freed 26 juny 2026 folge berneboargemaster Menthe van der Zee in nijsgjirrige les oer greidefûgels by groep 6 fan master Erik Lei fan de Burgerschool yn Dokkum. Master Erik is in echte natuermaster en daget syn groep út om safolle mooglik fûgels te spotten. Dizze les gie it oer de ljip*, in echte greidefûgel. Foar dizze les wie ek Pyke Kroes fan IVN natueredukaasje oanskood. Pyke joech bûten in wjirmeles. Ljippen en oare greidefûgels ite nammentlik hiel graach wjirms en oare ynsekten en boaiembisten.

De learlingen learden ek dat it aaisykjen al in âlde Fryske tradysje is en dat tsjintwurdich de aaien net mear meinommen wurde, mar op ‘e foto set. De priis foar de finer fan it earste ljipaai fan Fryslân is de Sulveren Ljip en wurdt útrikt troch de Kommissaris fan de Kening. Dêrneist is der in priis foar it bern dat it earste ljipaai fynt; It Sulveren Polske.

Ek de gemeente Noardeast-Fryslân rikt in priis út foar de finer fan it earste ljipaai yn de gemeente. “Spitich dat der gjin bernepriis is”, fine de learlingen. De berneboargemaster en de groep fan master Erik soene dit wol hiel aardich fine nammentlik. De berneboargemaster sil dit by har ôfskied as tip meijaan oan ‘e gemeente.

En wa wit fynt ien fan ‘e learlingen fan master Erik takom jier wol it earste ljipaai en krijt hy of sy in priis út hannen fan boargemaster Johannes Kramer. De learlingen hawwe der no al sin oan. Sy geane derfoar!

* de les is ûnderdiel fan it troch De Klyster ûntwikkele projekt ‘Weidevogel-van-de-Week’.

Op ‘e foto berneboargemaster Menthe van der Zee, Pyke Kroes en groep 6 fan de Burgerschool.

 

Klyster nijsbrief nr. 05

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Winner Johan de Jong-beam
  • Digiles Energie
  • 30-jier Klyster
  • Ekskurzjeseizoen losbarsten
  • ‘Weren, Kleren, Smeren’ 
  • Jierferslach fêststeld
  • TINK DEROM: 8 juny website iepen
  • Workshop bewege
  • 25-jierrich jubileum Marjolein
  • Dochblêd Gers

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Doeblad Maaie Gers

yn ‘e parse – Marjolein wint Fryske Natuerpriis 2026

Ofrûne sneon 30 maaie 2026 krige Marjolein Staal fan De Klyster de Fryske Natuerpriis 2026 útrikt troch Houkje Rijpstra, direkteur fan Omrop Fryslân. In prachtige erkenning foar har jierrenlange ynset foar natuer – en miljeuedukaasje.

Under lieding fan Marjolein Staal groeide De Klyster út ta in ynspirearjend sintrum dêr’t jierliks tûzenen bern leare oer natuer, bioferskaat, lânskip en duorsumens. De priis bestiet út it plantsjen fan de Johan de Jong-beam op in troch har keazen plak yn novimber fan dit jier.

Lês hjir it parseartikel.   Marjolein Staal wint de Johan de Jong-boom: “Ik dacht: die prijs gaat naar iemand anders” – Omrop Fryslân

Bekijk hier het filmpje (20+) Facebook