Klyster nijsbrief nr. 04

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief oandacht foar:

  • Fisken op Raais
  • Natoeravontoer
  • Safary op it skoalplein
  • Natuerpaad ‘t Landje
  • Noch in pear plakjes frij
  • Klyster ûntfangt kwaliteitserkenning
  • Wike fan ‘e skoaltún
  • Fergees Siedpakket
  • Wike fan ‘e Natuer
  • Nij: Fjildkiste Maitiid om skoalle hinne
  • Stikelbaarch dochblêd

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – dochblêd

Eben Haëzer tekenet Moestúnkontrakt

Freed 4 april hat CBS Eben Haëzer fan Dokkum as fjirde en lêste skoalle foar 2025 it moestúnkontrakt ûndertekene. Yn 2025 krijt de skoalle it hiele jier stipe fan klyster moestúncoach Bianca van Tielen en klyster moestúnadviseur Joanneke Romkema.

Belutsenen fan de skoalle binne direkteur Jan-Willem Sakko en twa juffen fan groep 6.

Op ‘e foto de beide juffen, moestúncoach Bianca en moestúnadviseur Joanneke Romkema.

 

yn ‘e parse – lanlike erkenning Moestúnprogramma Klyster

 

Op freedtemiddei 4 april krige De Klyster it berjocht dat it Skoalmoestúnprogramma lanlike kwaliteitserkenning krigen hat. Fakorganisaasje GDO rikte it byhearrende sertifikaat út oan De Klyster.

It programma is no offisjeel erkend troch de Modelinterventie Schooltuinieren. Dat betsjut dat it folslein foldocht oan de 15 kearneleminten fan dizze wittenskiplik ûnderboude oanpak.

Alle wiken sille learlingen fan groep 6 fan fjouwer basisskoallen mei harren grientetún oan de slach. Fan siedzjen oant wjudzjen ta rispjen: se ûntdekke mei eigen hannen wêr’t har iten weikomt en leare boartsjendewei oer natuer en duorsumens. It skoaltúnprogramma draacht by oan it befoarderjen fan sûne ytgewoanten, ferbûnens mei en respekt foar de natuer en persoanlike groei en ûntwikkeling.

De Klyster hat trije moestúncoaches en in moestúnadviseur dy’t alle jierren wer fjouwer nije basisskoallen helpe en stypje by it opsetten en ynbêdzjen fan skoalmoestúnkjen. De stipe bestiet út moestúnkjen mei learlingen, mar ek út it oanfreegjen fan subsydzjes en foarljochting jaan oan direksje, learkrêften en âlden.

Op ‘e foto f.l.n.r. moestúncoach Jurjen Bylsma, moestún adviseur Joanneke Romkema, coach Bianca van Tielen, moestúncoach Bertus Volbeda

www.rtvnof.nl/landelijke-erkenning-schoolmoestuinprogramma-de-klyster/697689/

 

 

Klyster nijsbrief nr. 03

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief oandacht foar:

  • Kabouterpaad
  • Fûgel fan de Wike – útwreide mei greidefûgels
  • Wike fan ‘e Skoaltún 19-23 maaie
  • Pykjes yn ‘e klasse
  • Reservearje in leskiste
  • In memoriam oud klystergids Jan Idskema
  • Stikelbaarch / Egel dochblêd

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – dochblêd

Fjouwerhoeke tekenet Moestúnkontrakt

Freed 21 maart hat CBS De Fjouwerhoeke út Hantumhuzen as tredde skoalle it moestúnkontrakt ûndertekene. Yn 2025 krijt de skoalle it hiele jier stipe fan klyster moestúncoach Jurjen Bylsma en klyster moestúnadviseur Joanneke Romkema.

Fan elke les fan Jurjen wurdt alle wiken in byldferhaal-foto stjoerd oer de skoalgrientetún.

Belutsenen fan de skoalle binne direkteur Petra de Groot en juf Gerda Pander-Dijkstra.

Op de foto wurdt it kontrakt troch beide partijen ûndertekene troch Jurjen en Gerda.

Tarissing tekenet Moestúnkontrakt

Groep 6 fan CBS De Tarssing út Aldwâld sil yn 2025 moestúnje en wurdt dêryn begelaat troch klyster moestúncoach Bertus en klyster moestúnadviseur Joanneke. Fan april ôf krije de learlingen 20 wiken lang alle wiken op syn minst 1 oere les yn de grientetún.

De Tarissing is de twadde fan fjouwer skoallen dy’t dit jier it moestúnkjen opsette en fêstlizze sille yn it skoalkurrikulum. Op 20 maart hawwe direkteur Peter Braam en master Arjen de Jong it moestúnkontrakt fan De Klyster ûndertekene.

Op de foto f.l.n.r. klysters Joanneke en Bertus, direkteur Peter, master Arjen

 

Oerlis Wethâlders

Woansdei 19 maart 2025 besprutsen wethâlder Gerben Wiersma en wethâlder Hanneke Jouta de nijste ûntwikkelingen op it mêd fan NME by De Klyster.

Mar der waard ek weromsjoen. Op de aginda stie it jierferslach 2024. De wethâlders joegen De Klyster in grut komplimint foar de behelle resultaten en de nij ûntwikkele projekten fan ferline jier. Jierferslach 2024 wurdt no ta fêststelling oanbean oan de kolleezjes fan B & W en giet dêrnei nei de Riedsleden fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

Beide wethâlders joegen oan dit jier graach mei in skoalle mei te gean op in natuerekskurzje.

Tijstream tekenet Moestúnkontrakt

Groep 6 fan SLS De Tijstream fan Holwert sil yn 2025 moestúnje en wurdt dêryn begelaat troch klyster moestúncoach Jurjen en klyster moestúnadviseur Joanneke. Fan april ôf krije de learlingen 20 wiken lang alle wiken op syn minst 1 oere les yn ‘e grientetún.

De Tijstream is de earste fan fjouwer skoallen dy’t dit jier it moestúnjen opsette en fêstlizze sille yn it skoalkurrikulum. Op 18 maart hawwe direkteur Anneke Stienstra en master Kees it moestúnkontrakt fan De Klyster ûndertekene.

Op de foto f.l.n.r. Jurjen, Joanneke, direkteur Anneke, master Kees

 

In memoriam Jan Idskema

Hjoed berikke ús it tryste berjocht dat ús âld-frijwilliger Jan Idskema op tongersdei 13 maart lêstlyn ferstoarn is.

Jan Idskema wie goed 7 jier in entûsjaste frijwillige waadgids by De Klyster. Hikke en tein yn Peazens mei de kwelder as achtertún wie Jan fan jongs ôf  altyd op it Waad te finen. Jan koe it Waad dan ek as syn broeksbûse: alle bistjes, plantsjes, geulen en de grillen fan it waar koe er as gjin oar. Jan siet fol ferhalen oer syn Waadgebiet en hy fûn it dan ek fantastysk om benammen jeugd mei te nimmen op waadekskurzje.

Yn’e ekskurzje droech Jan altyd de pet mei it gouden ankerke. Hy begûn syn ekskurzje dan mei in spannend ferhaal. Hy fertelde de bern dat er noait nei de kapper hoegde, en dat it geheim yn syn pet ferstoppe siet. It smiet altyd wer hilaryske mominten op as Jan de pet fan’e holle sette en in echte krabbe sjen liet dy’t yn’e pet siet en it hier koart hold. Noch sa’n moaie act wie as Jan in waadpier op iet en fertelde dat pieren hiel streksum binne en dat fûgels dat mar al te goed witte. Moaie anekdoaten, dy’t de ekskurzje ta in echte waadbelibbing makke dy’t de bern nea wer ferjitte sille. Jan hat in soad bestjutte at it giet om de bewustwurding en beskerming fan Wrâlderfgoed it Waad. Allinich al foar De Klyster hat er mear as 2.000 learlingen mei harren learkrêften en âlden meinaam it waad op.

Ek by ús klysterútstapkes wie Jan dejinge dy’t altyd soarge foar in fleurige noat. Yn april 2022 moast Jan spitigernôch ôfskied nimme as frijwilliger fan De Klyster fanwege in ôfnimmende sûnens. Dochs koe er it net litte en kaam er de jierren dêrnei noch faak efkes de seedyk oer om by de waadekskurzjes fan klystergidsen Peer, Olga en Annemarie. Wat sille wy him misse.

Jan mei de pet, do stiest yn ús ûnthâld gravearre en wy tinke mei in hiel soad wille oan dy werom. Ut namme fan it klysterteam winskje wy de neisten en syn frou Anneke in soad sterkte ta mei dit grutte ferlies.