Wolvegea Bloeit ynspirearre troch de Klyster

Op moandeitejûn 6 oktober is oan elke basisskoalle (10) yn Wolvegea in leskist oer de Hynsteblom útrikt. Sippy Tigchelaar, bestjoerslid fan stifting Freonen fan de Klyster en it Komitee fan Oanrekommandaasje fan De Klyster organisearre dizze jûn.

De Klyster tsjinne as foarbyld foar it projekt Fryslân bloeit yn Wolvegea. Marjolein Staal fan De Klyster advisearre de Wolvegeasters oer it ûntwikkeljen fan leskisten. Op moandei 6 oktober waarden de resultaten toand. Elke kiste is in keunstwurk op himsels, beskildere troch lokale keunstners en learlingen fan skoallen en folle mei lesmateriaal oer de hynsteblom. Dit om bern yn it algemien sjen te litten hoe fassinearjend de natuer yn harren eigen omjouwing is en de wichtige rol dy’t de hynsteblom dêrby spilet.

25 Fryske doarpen dogge yn 2025 mei oan Fryslân Bloeit! Elk doarp foarmet in wike lang it episintrum fan de Fryske ferduorsuming. Mei in soad aktiviteiten troch en foar de doarpen, litte se yn harren Bloeiwike sjen hoe’t se op in duorsume wize omgean mei klimaat, mienskip, sûnens en natuer. Fryslân Bloeit is in mienskiplik inisjatyf fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân, Stichting Duurzame Gemeenschappen en Arcadia.

It team fan Fryslân Bloeit fergrutte en stipet de krêft fan de Fryske doarpen. It doel is dat minsken sûn en lokkich âld wurde kinne yn Fryslân, yn harmony mei de natuer.

 

Nije leskiste Hjerst

De Klyster is in nije leskist riker mei de titel Hjerst. Dy kiste befettet prachtich hjerstmateriaal en daget learlingen fan groep 1 en 2 út om nei bûten te gean en mei al har sintugen de hjerst te belibjen. Al it materiaal sit yn de prachtich beskildere leskist, wêrmei’t learkrêften sa út de fuotten kinne.

Klysterprojektmeiwurker Mirja Brandorff beskildere de leskist en ûntwikkele ek de edukative ynhâld fan leskist Hjerst.

De skoallen út de Klysterregio kinne dizze moaie leskist fergees liene.

Klyster nijsbrief nr. 08

Bêste nijsbrieflezer,

Yn dizze nijsbrief oandacht foar:

  • Aksje GFT, wat dochst dermei?
  • Duorsume Foarlêsdei 10-10-2025
  • IVN lespakket Berneboekewike
  • Nije leskisten
  • Dochblêden stikelbarchjes

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – doeblad 

Nachtflinterje by de Klyster

Op 10 septimber waard de earste nachtflinterjûn by de Klyster organisearre! Wannes sette in wyt lekken op, sette 4 led-amers del en smarde sjerp op in tal beammen.

Yn totaal binne der 16 ferskate nachtflintersoarten fûn. It wie foar werhelling fetber!

 

GDO Twadaagse

Op 11 en 12 septimber naam Marjolein Staal fan De Klyster diel oan de lanlike GDO-twadaagse by de gemeente Breda, NDE Breda en pleats Wolfslaar.

Mei sa’n 70 kollega’s giene de dielnimmers yn petear oer Breda National Park City en oer de rol fan parkbuorkerijen as leechdrompelige, griene moetingsplakken. Wethâlder Peter Bakker: “We willen wat we bij Wolfslaar hebben neergezet uitbouwen op meer plekken in de stad; daar waar bewoners op een aaibare manier kennismaken met de uitdagingen waar we als gemeente voor staan, zoals rond klimaat en biodiversiteit.”
Wytze de Vries fan Kollektyf Natuerynklusyf beklamme de krêft fan NDE-sintra en bernebuorkerijen om abstrakte opjeften oer te setten nei de minsken: “Wy moatte natuer net sjen as natuer, mar as oplossing foar in soad gemeentlike opjeften. Jim binne allegearre ûnderdiel fan Collectief Natuurinclusief; brûk dy flagge!”
Dêrneist waard wurke oan de posisjonearring fan de lokale sintra én fan Vereniging GDO, tegearre mei partners fan SKBN en SME. Dêrneist waarden ûnderfiningen út de praktyk dield: de pilot kombinaasjefunksjonaris NDE yn it ûnderwiis by Utrecht Natuurlijk en Natuurcentrum Arnhem, en de oanpakken fan Stichting Natuurstad Rotterdam en Stichting Stad & Natuur Almere.

Betanke kollega’s fan NDE Breda foar de gastfrije ûntfangst!

yn ‘e parse, ôftraap edukaasjeprojekt Noardlike Fryske Wâlden

Moandei 1 septimber 2025 sette foar de 17e kear it edukaasjeprogramma agrarysk natuer – en lânskipsbehear útein foar basisskoallen.

Tegearre mei Lânskipsbehear Fryslân, NME-sintra: Pingo & Pet, de Naturij en De Klyster fersoarget de Feriening Noardlike Fryske Wâlden praktyklessen op de pleats. Gemeenten en Provinsje Fryslân stypje dit inisjatyf. Dit jier dogge fjirtich klassen mei en stelle tritich leden harren buorkerij iepen.

Boeren Noardlike Fryske Wâlden zetten erf open voor schoolklassen – RTV NOF Nieuws

Klyster nijsbrief nr. 07

Bêste nijsbrieflezer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Neijiersaktiviteiten fan start
  • Yntergemeentlik NME-Sintrum
  • Team
  • Foarútsjen

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen.

Aktiviteitenboekje + poster Hjerst-Winter

It boekje en de poster mei aktiviteiten foar it 2e semester fan De Klyster binne troch ús frijwilliger Pieter Reitsma yn de earste skoalwike by alle skoallen brocht.

Foar elke dosint is der in boekje en de grutte poster kin ophongen wurde op in sintraal plak yn de skoalle. Opjaan kin fia de webside.

Us Klysterteam is der klear foar om jimme wer in top ûnderfining te bieden yn’e natuer yn ús moaie regio.

 

yn ‘e parse, Bianca en Jan 10 jier frijwilliger

10 – jierrich jubileum Klystergidsen Bianca van Tielen en Jan Rietberg

Bianca van Tielen en Jan Rietberg binne yn it sintsje set, fanwege harren 10 – jierrich jubileum as frijwilliger by De Klyster. Hja krigen by it ôfslutende personielsútsje wurden fan tank en it sulveren klysterspjeldsje opspjelde.

Lês it ferhaal fan Bianca en Jan yn ûndersteand parseberjocht.

 

Klyster nijsbrief nr. 06

Beste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • GFT, wat dochst dermei?
  • Oanbod Hjerst – Winter
  • Gean tûk om mei de sinne
  • Klimaatprojekt sukses
  • Betty wint Johan de Jongbeam
  • Subsydzje edukaasje Stinzen
  • Kickof Sûn en Lekker ite
  • IVN lespakket Berneboekewike
  • Stikelbaarch dochblêd

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – dochblêd

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat