yn ‘e parse – Marjolein nominearre foar Johan de Jong-beam

Klyster Marjolein Staal is nominearre foar de Fryske inisjatyfpriis de ‘Johan de Jong beam‘. Mei dizze priis wurde minsken yn it sintsje set dy’t har bysûnder ynsette foar de natuer. Marjolein wurket dit jier al 25 jier by De Klyster en makket har hurd foar natueredukaasje foar elk bern. Ek yn har frije tiid is sy oanjager om bern de natuer belibje en ûntdekke te litten. Sa is sy al 10 jier foarsitter fan DikGroen, in stichting dy’t lytsskalige natuerinisjativen stimulearret en finansiert en is sy keazen yn de lederied fan Vogelbescherming Nederland. Fierder sit se yn de inisjatyfgroep fan de Pluktún yn har wenplak dêr’t biologyske giffrije blommen plukt wurde kinne en dêr’t sy foar dwaande is mei in edukatyf programma, sadat ek de basisskoalle learlingen hjirby belutsen wurde.

Har tsjinkandidaten binne ek aktive natuerminsken. Dus it sil sneon 30 maaie noch hiel spannend wêze wa’t de beam wint dit jier. As Marjolein wint kiest se as beam foar in plataan. Dizze beam wol se graach plantsje litte by de PABU, de oplieding foar learkrêften basisûnderwiis, “omdat dit de nije juffen en masters binne dy’t stimulearre wurde moatte om ûnder skoaltiid mei de learlingen nei bûten te gean. De Klyster en oare NME-sintra stypje de learkrêften hjirby graach, want NME-sintra hawwe frijwilligers yn tsjinst dy’t steane te popeljen om de bern de natuer belibje te litten.”, leit se út.

“Foar my is it al in hiele ear dat ik nominearre bin en ik gun it de oare kandidaten ek hiel bot”, seit Marjolein. “It set NME op de kaart en dat is geweldich en ja, winne is fansels leuk”.

Marjolein ferskynde ôfrûne sneon 23 maaie yn it programma Op en Ut fan Omrop Fryslân en it promoasjefilmke sirkulearre op de sosjals. “In moaie promoasje foar achter it byldskerm wei, jas oan, learzens oanen en hup nei bûten“, sa seit Marjolein.

 

30 jier De Klyster – set ‘m fêst: 6 november 2026

30 jier De Klyster – Wy fiere it mei-inoar!

De Klyster bestiet dit jier 30 jier. Al tritich jier fersoargje wy mei passy natuer- en miljeuedukaasje foar basisskoallen. Dizze mylpeal fiere wy graach mei elkenien dy’t dêrby belutsen is: skoallen, gemeenten, frijwilligers, meiwurkers en oare gearwurkingsrelaasjes.

Jubileumfeest op freed 6 novimber

Der komt in ynspirearjend programma mei nijsgjirrige sprekkers. De krekte ynfolling bliuwt noch in ferrassing. Belangstellenden kinne de datum alfêst yn de aginda sette. De ûntfangst is fan 14.30 oere ôf. It programma set om 15.00 oere útein en rint oant uterlik 17.30 oere. Mear details en it folsleine programma folget noch.

Wy sjogge dernei út om dizze bysûndere mylpeal mei-inoar te fieren!

Team De Klyster

Foarstelling ‘Troep!’ komt deroan!

Nei de simmerfakânsje biedt de Klyster de foarstelling ‘Troep!’ fergees oan op alle skoallen.

De foarstelling

Jelmar makket teäter; se litte fan begjin oant ein sjen hoe’t je sênes betinke, meitsje en spylje. By it meitsjen fan dizze foarstelling makket se trouwens ek aardich wat troep. Mar meitsje dy net ûngerêst, de jiskemannen Johan en Johan soargje derfoar dat alles der wer ‘spic en span’ útsjocht en alle troep ek wer kreas opromme wurdt. Dêrby krijt se net allinnich help fan de jiskemannen Johan en Johan, mar ek fan menear van der Laan en buorfrou Trees. Wêrom is menear van der Laan altyd sa lilk en segrinich? Is hy wol hielendal fit? Miskien moat er de rommel yn syn holle ris wat better oprêde, lykas Johan en Johan dat dogge. Dan wurdt net allinne de wrâld wer in bytsje better, mar ek menear van der Laan én fansels de strjitte mei ús troep!

HympHamp theater is in teäterkollektyf út Súdeast-Fryslân, dat lytsskalige en meast Frysktalige – of op syn minst twatalige – teäterfoarstellingen makket. Harren teaterproduksjes binne foar jong en âld altyd like fermaaklik en boppedat edukatyf.

Marjolein 25 jier by De Klyster

Tongersdei 7 maaie 2026 fierde Marjolein Staal har 25 jierrich amtsjubileum tegearre mei it team fan De Klyster, bestjoersleden en famylje, mei in feestlike lunch by restaurantbuorkerij de Omlieding yn Feanwâlden.

Yn maart 2001 begûn Marjolein by De Klyster en har opdracht wie û.o. om it NME-Sintrum op de kaart te setten, fierder út te bouwen en om in skoallenetwurk op te bouwen yn de regio. En dat is goed slagge, want no, fiifentweintich jier letter, telt it team 14 frijwilligers en 11 projektmeiwurkers dy’t har mei hert en siel ynsette om basisskoallebern te belûken by de natuer en it miljeu yn de eigen leefomjouwing en binne alle skoallen lid fan De Klyster. De ôfrûne tiid dogge alle jierren mear as 10.000 x learlingen mei oan klysteraktiviteiten en telt it útliensintrum 75 edukative leskisten!

“Yn dizze tiid wêryn’t hast alle krisissen werom te fieren binne op hoe’t wy omgean mei de ierde, is duorsum-dwaan fan it grutste belang. Dêrfoar is it nedich dat je as bern in goede bân opboud hawwe mei de natuer. Dêrom belûke wy bern by de natuer yn harren eigen leefomjouwing, troch se sjen te litten hoe moai oft de natuer is. Ut leafde, wille en ferwûndering wei kostet duorsum gedrach gjin muoite. En dat moatte we tegearre dwaan, as team mei de skoallen, gemeenten, âlden en natuerferieningen. Dêr bin ik grutsk op en ik hoopje dit noch jierren tegearre dwaan te kinnen”, fertelt Marjolein by har koarte speech.

It wie hearlik waar, de sinne skynde folop en elkenien koe gesellich mei-inoar byprate en oantinkens ophelje. Marjolein waard bedoarn mei in soad kadootsjes en hja geniete fan ‘e gesellichheid. “It wie noflik om dit jubileum mei-inoar fiere te kinnen, dêr bin ik echt hiel tankber foar.”, meldt de jubilaris nei ôfrin fan de feestlikheden.

Klyster Sjanne Pol makke de foto.

yn ‘e parse – Ofsluting Stinzenprojekt mei eksposysje

Tongersdei 7 maaie 2026 is yn de Skierstins fan Feanwâlden in bysûndere foto-eksposysje iepene, nammentlik in tentoanstelling fan foto’s fan stinzeplanten, makke troch learlingen fan it basisûnderwiis. Learlingen fan groep 7 en 8 fan tsien basisskoallen út de regio, hawwe dizze maitiid meidien oan in nij edukatyf projekt fan De Klyster oer stinzen en stinzeplanten.

Underdiel wie it op ‘e foto sette fan stinzeplanten. Ut de hûnderten foto’s keas in saakkundige sjuery de 10 moaiste foto’s út dy’t no tentoansteld wurde yn de eksposysjeromte fan de Skierstins. Teamlieder Marjolein Staal en projektkoördinator Mirja Brandorff fan De Klyster ferwolkomden de útnûge lju en holden in taspraak by dit feestlike barren.

Op ‘e foto fan klyster Sjanne Pol sjonge wy learlingen fan groep de Ooievaars fan SBO De Twine en juf Danielle, meiwurkers De Klyster, túnfrijwilligers fan de Schierstins, Harstastate, Philippusfenne, leden Bestjoer Freonen en leden Advyskommisje Streekwurk.

It klysterprojekt mei de namme Stinzeskatten is in inisjatyf fan de Freonen fan De Klyster en is sponsore troch IMF Streekwurk Provinsje Fryslân, Versnellingsagenda Noardeast-Fryslân en stichting DikGroen. De kommende jierren wurdt dit projekt fuortset en is de leskiste ûnderdiel fan it oanbod fan De Klyster.

Lês mear yn dit parseartikel  Schierstins opent expositie vol kleurrijke stinzenfoto’s van kinderen – RTV NOF Nieuws

Klyster nijsbrief nr. 04

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Wike fan de Skoaltún 18 – 22 maaie
  • Digiles Sûn begjint yn ‘e grûn – 20 maaie
  • Gastles In board fol natuer
  • Foarstelling Troep!
  • Bêd en Brochje foar Bijen
  • Dochblêd Mosken

In protte lëswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Doeblad april Mosken

Jierferslach 2025 goedkard

It jierferslach 2025 fan De Klyster is goedkard troch de Kolleezjes fan B & W fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân en is ta kundskip trochstjoerd nei alle riedsleden.

Lês wat wy mei-inoar yn 2025 berikt hawwe op it mêd fan natuer – en duorsumensedukaasje. In jier fol groei, gearwurking en impact (11.349 learlingen). It jierferslach fynst troch op de link te klikken  https://www.klyster.nl/over-ons/ en hielendal nei ûnderen te scrollen.

 

Training survivalekskurzje ‘t Landje

Op woansdei 25 maart binne in tal Klystergidsen yn ‘e kunde kommen mei de nije survivalekskurzje, bedoeld foar groepen 7 en 8.

De learlingen sille oan ‘e slach mei it meitsjen fan fjoer, it bouwen fan ûnderdak en it sykjen fan ytbere planten. Yn juny sille in tal pilots folgje.

 

yn ‘e parse – Bêd en Brochje foar bijen

Moandei 20 april 2026 hat klystergids Peer Zaal mei learlingen fan groep 7 en 8 fan CBS De Gearing út Ie, in Bêd en Brochje foar bijen timmere en ynrjochte yn de boarterstún fan Ie. De learlingen hawwe hurd wurke en fûnen it super leuk om de hannen út de mouwen te stekken en sa in bydrage te leverjen oan it bioferskaat. Se makken ek siedbommen, sadat de ynsekten ek te iten hawwe.

Op ‘e foto ien fan de learlingen yn overal drok dwaande mei it foljen fan it bijehotel. Yn ûndersteand parseberjocht is mear te lêzen.

De Klyster bouwt met leerlingen een Bêd en Brochje foar bijen in Ie – RTV NOF Nieuws

 

yn ‘e parse – Bûtenlesdei 560 learlingen

Tiisdei 7 april 2026 wie it de 11e edysje fan de Nasjonale Bûtenlesdei 2026. Yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân giene op 7 skoallen 560 learlingen nei bûten om dêr les te krijen.

De Klyster fasilitearre de dielnimmende skoallen fan Lentebingo-speurkaarten. Fierder wie der foar elk bern in lekkere apel en waard der wetter dronken.

Lês yn it parseberjocht hoe’t juf Daniëlle van SBO De Twine mei har groep 8 de bûtenles fierd hat.

Nationale buitenlesdag: 560 leerlingen in de regio naar buiten – RTV NOF Nieuws