Pluk – meidûnsfoarstelling

Pluk sammelet pitten en siedsjes en stoppet se thús yn potsjes en bakjes. Har broeksbûsen sitte altyd fol en wat fielt dat lekker om mei de hannen troch dy siedsjes hinne te gean. Mar och heden, har bûse skuort en dêr rôlet har skat oer de paden, en oer de grûn. En dan begjint it aventoer fan siedsjes dy’t groeie en bloeie, fan ynsekten dy’t gûnzje op blommen.

In nije meidûnsfoarstelling foar beukers fan de makkers fan De Molkwei, troch Stichting De Beweging, oer groeien en bloeien, magyske siedsjes en plukke en priuwe. Dûns, teäter en muzyk mikst ta in fantasyrike foarstelling dy’t beukers yn beweging set en dyn beukers belibje lit hoe’t in siedsje groeit.

Groeie jim mei?

 

 

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

De Fûgel fan ‘e Wike

De Fûgel fan ‘e Wike is in fleurich projekt oer wa ‘t der allegearre noch mear yn dyn buert libje. Fan 2025 ôf útwreide mei de 4 greidefûgels!

Alle wiken stiet in fûgel sintraal. De fûgel wurdt yn in koart filmke op ludike wize yntrodusearre troch Peer. Yn ‘e klasse hinget in poster fan de fûgel fan de wike en do learst noch wat mear oer de fûgel mei help fan de fûgelweetsjes.

Dyn learlingen sille dêrnei in praktyske opdracht útfiere. Is de opdracht goed? Dan krije se it fûgelplaatsje foar yn it eigen fûgelsammelalbum. As ôfsluting is der de fûgel fan ‘e Wike-Keunst. Dat kin in liet, skilderij of oare keunstutering wêze dy ‘t past by de fûgel.

As lêste wurde dyn learlingen útdage om yn harren frije tiid de fûgel bûten te spotten. Slagget dat, dan fertsjinje se de Gouden Spot (in soarte fan medaljesticker) foar it album. Famyljeleden meie fansels helpe!

Mosk, klyster, protter, blokmies, hússwel, lijp, skries, tsjirk en strânljip….. sparje se allegearre. Dogge jim mei?

 

PS. ‘Vogel van de Week’ is winner fan de lanlike publykspriis foar bêste edukaasjeprojekt!

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Bûtenlesdei 2026

FERGEES
Doch mei mei de Nasjonale Bûtenlesdei op 7 april. We fiere dizze dei dat der op skoallen yn hiel Nederlân troch tûzenen learkrêften hieltyd mear bûten les jûn wurdt. Jou dy op en De Klyster bringt in kompleet fergees learlingpakket op skoalle.

Dit is in koarte positive bewustwurdingsaksje oer natuer en sûnens foar de hiele skoalle. Foar elke learling is der in apel, poster, natuerspeurbingokaart, amulet en op it plein komt wêr mooglik in wettertaap.

Stap 1: bûtenles mei m.b.f. natuerbingokaart

Stap 2: elts bern krijt in apel, glês wetter, amulet

Stap 3: korte les m.b.v. de powerpoint.

Stap 4: learlingen meitsje as ferwurking de poster

 

Dogge jim mei?

 

TINK DEROM: leaver op in oare dei? Dat kin. Jou dat oan yn it opmerkingfjild by dyn oanmelding.

TINK DEROM: wolst in wettertaap op it plein? Jou dat ek oan, dan nimme we dy foar dy mei.

In gearwurkingsprojekt fan De Klyster, GGD en JOGG Sûn op eigen Grûn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

 

 

Oare ynformaasje

De natuer jout ús alle dagen 4 sûne kadootsjes: iten, wetter, soerstof, griene omjouwing. Ast dy dat realisearrest begrypst ek hoe moai oft alles mei-inoar gearhinget. Untdek dit mei de bûtenlesdei. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn

Moestúnkje

Ha jimme in skoaltún of wolst mei dyn klasse moestúnje op skoalle? Mar binne dyn fingers net sa grien en kinst wol wat help brûke? Mei help fan it programma Jong Leren Eten binne Fryske Moestúncoaches oplaat dy’t klear steane om dy te helpen.

Foar De Klyster binne Bertus en Jurjen ynsetber. Sy binne sertifisearre moestúncoach en helpe jimme graach. Moestúnadviseur Joanneke Romkema begeliedt de skoalle by it oanfreegjen fan subsydzjes en jout foarljochting oan it team en de âlden. Sy makket ek in plan oer kontinuïteit en boarging.

Yn de skoaltún as praktyske omjouwing leare bern aktyf en yn ‘e bûtenloft oer produksje fan iten, natuer, bioferskaat, klimaat en wetter. Mar ek de basisfeardichheden lykas rekkenjen en taal komme oan bod. Yn boarnen oer natuer – en duorsumensedukaasje komt de wearde en de tapassing fan skoaltunen werom.

De Klyster wurket yn dit projekt nau gear mei IVN, Jong Leren Eten, Alliantie Schooltuinen

Oare ynformaasje

It ministearje fan LNV en VWS hat in programma mei de namme "Jong Leren Eten". Doel is om bern sûne en duorsume karren meitsje te litten op it mêd fan iten. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen tekenje in moestúnkontrakt tegearre mei de moestúncoach en dogge fan april oant de hjerstfakânsje mei. Groep 6 start mei siedzjen yn april en nei de fakânsje rispje deselde bern dy't dan yn groep 7 sitte foar de hjerstfakânsje fan itselde kalinderjier.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn12 verantwoorde consumptie en productie15 leven op het land

Swalkôffal – Himmeldei

Yn de argewaasje-top-10 stiet al jierrenlang swalkôffal mei stip op nûmer 1. Dat kin sa fansels net mear. Boargerskip giet oer basisnoarmen en -wearden fan ús maatskippij. De basisskoalle is it útlêzen plak om hjirmei te oefenjen.

In praktyske en sinfolle wize om koart oer it tema swalkôffal te wurkjen is helpe om dyn eigen skoalomjouwing op te romjen yn in Himmeldei.

De Klyster regelet mei de gemeente dat al it materiaal foar in Himmeldei op skoalle ôflevere wurdt.

De gemeente leveret prikkers / gripers, wanten, jiskepûden, jiskepûderingen, feilichheidsfestjes en as tank in aardichheidsje foar de learlingen.

p.s.: Wolst in gastles fan Anna? Dat kin. Jou dit oan by it oanmelden of info@klyster.nl

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt ûntfangt subsydzjes fan Oerheid en Gemeente. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

06 schoon water en sanitair13 klimaatactie14 leven in het water15 leven op het land