Maitiid om skoalle hinne

Natuer begjint ast oer de drompel stapst. Dat sille dyn learlingen sels ûntdekke mei it natuerpaad út fjildkiste Maitiid om skoalle hinne. Jim sille ûnder oare sykje nei lytse bistjes, blommen dy’t lekker rûke en genêskrêftige plantsjes. Mar ek harkje nei fûgels en ûntdekke hoe’t fûgelfearren opboud binne.

Dêrneist ûntdekke de learlingen hokker natuerlik materiaal lykas stien en hout der yn harren omjouwing brûkt is.

Hokker waar it yn de maitiid is? Dat ûndersykje de learlingen sels troch oan de slach te gean mei in termometer en in kompas.

Koartsein in leskist fol ûndersyk en ferwûndering.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Hjerst om skoalle hinne

Ien stap oer de drompel en je rûke en fiele de hjerst. Hoe sjocht de hjerstnatuer derút op it plak dêr’t dyn learlingen alle dagen bûtenboartsje?

Dat sille se bûten sels ûntdekke mei it natuerpaad út de leskist. Dyn learlingen sille op syk nei spinnen, slakken, fruchten en hjerstblêden. En ûndersykje it hjerstwaar mei in termometer en in kompas.

Yn dizze fjildkiste fynst opdrachtkaarten (differinsjearre foar 1,2 en 3, 4, 5) mei byhearrende materialen. Untdek mei dyn groep de hjerst om skoalle hinne mei in oare bril: in griene natuerbril!

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

De Slak 1-2

Fjildkiste De Slak is foar groep 1 -2.

Dyn beukers komme mei de hânpoppen earst yn’e kunde mei Hidde de húskeslak en Nynke de neakenslak. Dêrnei sille jim lekker nei bûten en in slakkebak ynrjochtsje, slakken sykje en yn 3 groepkes natueropdrachten dwaan lykas in bleatefuottepaad.

Al it materiaal sit yn de moai beskildere fjildkiste. Goed foar op syn minst in moarn slakkewille.

 

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs

Sipke fynt in ljipaai

Untdek tegearre mei Sipke de greidefûgels!

Fjildkiste Sipke fynt in ljipaai , nei it printeboek ‘Sipke vindt een kievitsei’, wêryn’t in lyts pipermûske, tegearre mei syn pake te aaisykjen giet. De âlde pet op syn holle, in fierrekiker en in polsstôk yn ‘e hân.

Nei it foarlêzen fan it boek geane jim nei bûten om krekt lykas Sipke aaien te sykjen, dy’sto yn’t foar ferstoppe hast. Mar ek meitsje dyn learlingen in nêst en sykje sy wjirmen krekt as de ljip.

Kompleet mei in opsette ljip, nepaaien, polsstôk en noch folle mear aardich materiaal.

 

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

153

Sleatsjefiskje

Ien kear yn ’t jier organisearret IVN natueredukaasje de SLOOTJESDAGEN.

Dizze fjildkiste sit fol praktysk materiaal om mei dyn groep dwaande te wêzen mei de sleat. Yn de kiste û.o. fisknetsjes, fangstbakken en sykkaarten.

It IVN Waterdoeboek jout in skat oan ynformaasje en opdrachten dy’t mei wetter te krijen hawwe.

Gean ek ris in oerke sleatsjefiskjen mei de groep.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

It Boskmiel

Foks, Knyn, Stikelbaarch en Mûs wolle lekker ite. Mei in boadskiplistke yn ’e hân sykje de bern bûten (yn in parkje of boskje) iten foar harren. Op ’t lêst krije alle fjouwer bisten it iten dat hja it leafste ite op harren eigen board.

Tiid is in middei/moarn. Nei in koarte les yn ’e klasse geane de bern mei in boadskiplist en in kuorke nei bûten mei de opdracht: ‘meitsje in feestmiel’. Dit kin goed yn de neisimmer en de hjerst, yn in bosk of in parkje. De bern sille genietsje!

In super moaie leskiste foar in middei natuerbelibjen: ienfâldich en útdaagjend.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land

Ekspedysje Reinbôge

Wannear’t it reint wylst de sinne ek skynt, ûntstiet der in reinbôge! Dit fassinearjende natuerferskynsel is it útgongspunt fan ‘Ekspedysje Reinbôge’. Mei de fjildkiste spylje wy dat de reinbôge stikken is. Och heden, wat no? De bern wurde útdage om yn de natuer kleurkes te sammeljen, dêr’t de reinbôge wer mei reparearre wurde kin.

De bern harkje earst nei in ferhaal en geane dêrnei fuortendaliks bûten oan ’e slach. By eltse opdracht heart in houten doaske mei guod. Alle sintugen wurde ynsetten by it op in boartlike wize ferkennen fan de natuer.

Dit natuerpaad kin yn in park útfierd wurde, mar ek yn de eigen skoalomjouwing. Alles sit yn de leskiste.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land

Fjildwurk Boaiumbistkes

Mei dit Fjildwurk Boaiumbistkes kinne bern folop yn ’e kunde komme mei it ferskaat ûnder de krobben, spinnen, tûzenpoaten en oare ynsektesoarten. Kies út de opdrachtsuggestjes en lit de bern bûten op ûndersyk gean. Ynhâld pakket: loeppotsjes, pinset, skepke, ynsektesûger, sykkaarten, nepbistjes, ûndersyksbakken, petriskaaltsjes. Foar elts bern is der in natuur-heeft-schatten-kaart. Eftergrûnynfo en bûtenopdrachten steane yn it boek De wereld van kriebelbeestjes.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land