Klyster nijsbrief nr. 01

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn de earste nijsbrief fan 2025 omtinken foar:

  • Jierplan 2025
  • Oprop meidwaan teste konseptkearndoelen Minsk & Natuer
  • Gastles Klimaat
  • De Egel
  • Doebladen Stikelbarchjes

In protte lêswille !

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – tuinopdracht

yn ‘e parse – Jierplan 2025

It jierplan 2025 stiet on-line. Benijd nei wat De Klyster yn 2025 docht, ambiearret, wat it kostet en nei it team? Gean nei it menu, klik op OER DE KLYSTER en dan op De ORGANISAASJE, ûnder de kop FERANTWURDING EN BELIED stiet it jierplan.

De parse jout ek omtinken oan it jierplan:

 

Jaarplan De Klyster: Nieuwe activiteiten en projecten voor basisscholen in de regio – RTV NOF Nieuws

 

 

 

 

Us foarnimmen foar 2025

De Klyster nimt har foar om yn 2025 safolle mooglik learlingen mei nei bûten te nimmen. En learkrêften en âlden te fasilitearjen mei ekskurzjes, projekten en lesmaterialen.

Sa plantsje we mei-inoar it siedsje fan de leafde en soargje foar de natuer!

NME De Klyster slút suksesfol jier ôf

Damwâld, 19 desimber 2024

NME De Klyster sjocht grutsk werom op it ôfrûne jier. Yn totaal hawwe der yn 2024, 10.427 bern mei nei bûten west.

Ek is der it ôfrûne jier in soad gebrûk makke fan it útliensintrum. Skoallen hawwe yn 2024, 116 kear edukatyf materiaal liend yn ‘e foarm fan in leskist of los NME-materiaal. NME De Klyster hat der in ferskuorrend soad sin oan om yn 2025 noch mear bern ferwûnderje te litten oer de natuer.

Zie ook: Meer dan 10.000 kinderen ontdekken natuur met NME De Klyster – RTV NOF Nieuws

De Klyster Rockt, krystbuorrel 2024

Tongersdei 19 desimber wie de jierlikse Klyster krystbuorrel. Under it motto ‘De Klyster Rockt‘ trede muzikant en lietsjeskriuwer Anno van der Werf op foar it klysterteam fan 22 persoanen sterk.

Teamlieder Marjolein Staal seach werom op in suksesfol 2024: “Mei-inoar hawwe we wer in topprestaasje levere. Leafst 10.427 learlingen giene mei De Klyster nei bûten en 116 leskisten waarden útliend. Dat de Klyster rockt blykt wol út it feit dat yn 2024 ús aktiviteiten samar fol sieten, en wy skoallen teloarstelle moasten. Wy sitte mei in lúkseprobleem” fertelde Marjolein. ”

En dat wie sjonger Anno ek opfallen doe’t er as tarieding fan syn optreden de webside fan De Klyster bestudearre. Hy makke hjiroer dizze machtige Klysterblues.

Nei de blues koe it team genietsje fan in goed fertsjinne hearlik buffet, hapkes en drankjes en stie in krystpakket klear foar elkenien.

 

DE KLYSTERBLUES

Cursus Klimaat met hittestress

Hoosbuien, zeespiegelstijging

Overstroming door heftige regenbuien

Daarna een periode van droogte

Dijkverhoging en steen vervangen door groen…

Aanmelden is helaas niet mogelijk op dit moment

Omdat de activiteit is volgeboekt

Dat heet Klysterblues.

 

Dan maar project Otter

Handen uit de mouwen voor een schoolklas

Betterwird in Dokkum wordt vergroend

Voor meer ruimte voor dier en plant

Waar door biodiversiteit toeneemt

Graag met schoeisel wat tegen een stootje kan …

Aanmelden is helaas niet mogelijk op dit moment

Omdat de activiteit is volgeboekt

Dat heet Klysterblues.

 

Ik wil wel Struinen op het Was

Op zoek naar The Big Five van het Wad

Garnaal, zeepier, mossel, wadslakje en de krab

Ik hou een krab vast

Onder begeleiding van een wadgids en een leerkracht…

Aanmelden is helaas niet mogelijk op dit moment

Omdat de activiteit is volgeboekt

Dat heet Klysterblues.

 

Ik ga zelf ook nog dood

En dan lig ik onder het gras

Dan ben ik nog van betekenis

Voor het project op de begraafplaats

Ik verteer in de grond en ben eten voor worm en pier…

Aanmelden is helaas niet mogelijk op dit moment

Omdat de activiteit is volgeboekt

Dat heet Klysterblues.

 

Klyster nijsbrief nr. 10

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze tsiende nijsbrief omtinken foar:

  • Hichtepunten yn it ôfrûne Klysterjier
  • Opjaan foar betide maitiidsaktiviteiten
  • Kreative Stikelbaarchfreontsjes
  • Dochblêd: Klyster-Kryst-Natuer-Kleurplaat

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijlage: Klyster-Kryst-Natuer-Kleurplaat 2024

 

 

yn ‘e parse – Bioferskaat op begraafplakken

Boppeboulearlingen fan SBO De Twine en CBS Eben Haëzer út Dokkum hawwe dizze moanne holpen mei it fergrutsjen fan it bioferskaat op begraafplak It Damwâldsterreedsje yn Dokkum.

De learlingen hawwe mar leafst 800 biologyske blombollen plante yn in nij oanlein perk op dit gemeentlik begraafplak. Blêdlok, de boskanemoan, it krookje, it ayttablomke, it liderke, wylde hyasint, gêrsstjer en stjer hyasint sille yn’e iere maitiid bloeie en in fiedselboarne wêze foar ynsekten.

Ek binne der 24 nêstkasten ophongen foar de blaumies, blokmies, fjildmosk, bûnte miggefanger, skiere miggefanger, beamkrûper en grutte bûnte spjocht. Dêrneist binne der ek 2 flearmûzekasten ophongen. Dat draacht by oan it bioferskaat, en just dat soarget der foar dat it begraafplak in goed plak is foar minsken om harren dierberen yn it sin te bringen.

Jan van der Meer fersoarge op skoalle en op it plak sels, in gastles oer de kringloop fan it libben. De gastles foarmet ek in wichtich ûnderdiel fan it edukaasjeprojekt “Biodiversiteit op Begraafplaatsen” fan De Klyster. Projektkoördinator Jan Tiede Bouma fan De Klyster begeliede de biodiversiteitsaksje tegearre mei Theo van der Horn en kollega’s fan de gemeente Noardeast Fryslân. It projekt krige fan de skoallen in dikke 10 en de kommende jierren sille alle gemeentlike begraafplakken mei help fan learlingen mear-biodivers makke wurde.

Zie ook: Basisschoolleerlingen zorgen voor biodiversiteit op begraafplaats it Damwâldsterreedsje – RTV NOF Nieuws

yn ‘e parse – Beamfeestdei Feanwâlden

FEANWALDEN – Hast fyftich bern út de gemeente Dantumadiel hawwe moandei mei wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel beammen plante yn Feanwâlden. De Beamfeestdei, organisearre troch NME De Klyster, hie as doel, bern bewust te meitsjen fan it belang fan beammen en bioferskaat.

De dei begûn mei in gastles op OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Dêr learden de bern oer de rol fan beammen yn it miljeu en harren bydrage oan in sûn bioferskaat. Dêrnei giene de bern tegearre mei de wethâlder oan ‘e slach yn it Spoorpark yn Feanwâlden, dêr’t sy de beammen sels plantsje mochten. De learlingen plantten ek noch biologyske bollen yn de beamspegel en krigen fan de gemeente Dantumadiel ek in pûdsje bollen mei om thús te plantsjen.

Projektkoördinator Yvonne de Beer fan De Klyster organisearre dizze dei en traktearre oan ‘e ein op in appel (in sûn kadootsje fan in beam).

Foto Koos Scherjon

 

yn ‘e parse – Beamfeestdei Boerum

BOERUM 18 novimber 2024 – Foar de 19e kear organisearre De Klyster de Beamfeestdei foar de gemeente Noardeast-Fryslân. Learlingen fan CBS Op de Hoogte út Boerum giene dit kear beammen plantsjen.

De Klyster fersoarge earst in gastles om de bern wat by te bringen oer it nut fan beammen en wêrom’t dit wichtich is foar it bioferskaat. Troch beammen te plantsjen, fergriene de bern net allinnich harren eigen doarpen, mar ek de direkte leefomjouwing.

Wethâlder Hanneke Jouta wiist mei klam op it belang dat bern hjirby belutsen wurde: “It is wichtich dat bern harren bewust wurde fan it belang fan bioferskaat, sadat se dit ek foar de rest fan harren libben meinimme.”

Projektkoördinator Yvonne de Beer fan De Klyster organisearre de dei en traktearre de groep ta beslút op in apel (in frucht dy’t in beam ús jout). Fan de gemeente Noardeast-Fryslân krigen de learlingen in pûdsje biologysk blomsied mei nei hûs.

Omrop Fryslân ynterviewde Yvonne op radio en RTV-NOF makke in moaie fideo-opname fan dizze slagge dei.

Foto: Sake Beerstra

yn ‘e parse – Klyster wint lanlike edukaasje publykspriis

Utert, 14 novimber 2024 – De Klyster hat de publykspriis wûn mei it edukaasjeprojekt Vogel van de Week. Dizze priis wurdt alle jierren útrikt troch de Nederlandse Vereniging van Gemeenten voor Duurzame Ontwikkelingen (GDO) by de GDO Innovatie & Impactprijs.

Fûgel fan de Wike is fia it IVN en de Fryske NME-sintra oer de skoallen yn Fryslân ferspraat en wurdt op dit stuit útwreide mei greidefûgels. De priis jout mooglikheden om it projekt ek lanlik op te skalen.

Maitiid 2025 kinne alle skoallen yn de Klysterregio wer meidwaan oan Vogel fan de Week, in fleurich projekt oer wa’t der noch mear yn dyn buert libbet, fluitet, nêstelet en omskarrelet.

Op ‘e foto it team fan Vogel van de Week  mei f.l.n.r. creative filmdesigner Wybo Smids, presintator Peer de Bakker en projektûntwerper Marjolein Staal.