yn ‘e parse – Klyster iepenet eksposysje Stinzenpracht

Sneon 4 april 2026 hat Marjolein Staal fan De Klyster ûnder grutte belangstelling, de eksposysje Stinzenpracht iepene yn de Schierstins fan Feanwâlden. Joke Stapensea en Irene Feenstra eksposearje o/m 17 maaie 2026 yn de Skierstins mei etsen en artistike foto’s dêr’t stinzeplanten sintraal yn steane. Moarns waard omtinken jûn oan de eksposysje by it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân.

Marjolein beklamme yn har iepeningswurd de grutte wearde fan grien kultureel erfgoed foar it bioferskaat. Stinzen binne stiennen huzen mei bûtenpleats dêr’t rike minsken wennen. Hja datearje út de midsiuwen (Fryslân ken gjin kastielen). Stinzeplantsjes binne eartiids troch de adel fanút it bûtenlân as sûvenir nei ús lân brocht. Se fielden har sa thús dat se ferwyldere binne en hjir yntusken in belangrike skeakel binne yn de natuer. “Keunstners litte ús de skjintme fan de stinzefloara sjen, wêrtroch’t ús eagen iepene wurde foar dizze prachtige maitiidsbloeiers. It is wichtich om dy dêrfan bewust te wêzen. En omdat it bioferskaat efterút giet is it wichtich om ek jongerein by stinzen en stinzefloara te belûken foar edukaasje. Sa fine natuer en kultuer inoar”, sa seit Marjolein.

“De Klyster hat dêrom dit jier in edukatyf projekt ûntwikkele oer stinzeplanten mei de namme Stinzeskatten. In pilotprojekt rint op dit stuit ûnder oare by De Schierstins. Tsien skoallen dogge mei en gean op ekskurzje, krije in gastles en meitsje natuerfoto’s fan stinzeplanten. De bêste natuerfoto’s sille ynkoarten taheakke wurde oan de keunsteksposysje, en sa komt alles moai byinoar”.

De eksposysje is noch oant 17 maaie te besjen.

 

yn ‘e parse – Ferkearsbuorden poddetrek pleatst troch learlingen

Ferline jier krige De Klyster de fraach fia de gemeenteried om op de Julianaskoalle en de Bernhardskoalle yn Kollum gastlessen te fersoargjen oer amfibyen. Learlingen Xaveer en Chris hiene nammentlik deariden salamanders fûn en de gemeenteried yn in brief frege om hjir wat oan te dwaan. Klyster Mirja Brandorff gie mei de klassen fan de jonges op ‘en paad en lei út oer de poddetrek. Tegearre makken se in advys foar de gemeente wêryn’t oanret waard om ferkearsbuorden te pleatsen, wêrmei’t de fytsers attint makke wurde op oerstekkende podden, salamanders en kikkerts.

Mei tank oan dizze twa jonge bistefreonen binne der no in jier letter, offisjele warskôgingsbuorden pleatst lâns it fytspaad tusken Tolhuis en Oostenstein. Hjoed hawwe de klassen oanwêzich west by it pleatsen fan de buorden troch de gemeentlike bûtentsjinst.

Wethâlder Hanneke Jouta is grutsk op it inisjatyf: “De bern ha de podden, kikkerts en salamanders in stim jûn en hawwe har mei hert en siel ynsetten foar de natuer. It is in moaie aksje en it krinkje is rûn, de buorden binne pleatst.”

Lês mear yn it parseberjocht en/of klik op it filmke foar in live ferslach.

Op ‘e foto Chris en Xaveer mei manlju fan de gemeentlike bûtentsjinst dy’t it boerd pleatse, filme troch RTV NOF.

 

Xaveer en Chris (9) zorgen voor echte verkeersborden voor paddentrek – RTV NOF Nieuws

 

Workshop hânmikroskopy

Tiisdei 31 maart 2026 folgen NME-ers út hiel Fryslân de workshop Hânmikroskopy yn Drachten. De workshop waard jûn troch biologydosint Jitske van Dieren-Geertsma by De Naturij yn Drachten.

Ut namme fan De Klyster folgen Trudy van Assen en Marjolein Staal dizze nijsgjirrige workshop. De hânmikroskoop is in digitale mikroskoop dy’t ek troch bern hiel goed te brûken is. It apparaat is licht, kin mei nei bûten nommen wurde en soarget foar prachtige fergrutting fan bistjes, plantsjes, skimmels en alles wat je mar better besjen wolle. Kinst fan it byld in foto en in filmke meitsje. Der giet in nije wrâld foar dy iepen ast sa detaillearre sjen kinst. It apparaat biedt moaie tapassings by ekskurzjes en foar leskisten.

By de workshop waard de wurking fan de hânmikroskoop útlein en waarden opdrachten dien dy’tst mei learlingen dwaan kinst. Dizze simmer wurdt de workshop jûn oan it hiele klysterteam.

Op ‘e foto klyster Trudy fan Assen. Sy makke prachtige fergruttingen en foto’s fan koarstmoassen.

yn ‘e parse – Pykjes yn ‘e Klasse

Moandei 30 maart 2026 kaam RTV-NOF opnamen meitsjen fan it Klysterprojekt Pykjes yn ‘e Klasse. Dit projekt is al jierren in hit op de skoallen yn de klysterregio. Ta gelegenheid fan it 30-jierrich jubileum besteget RTV NOF alle moannen omtinken oan in suksesfol NME-projekt. Hjoed dus in besite oan de beukergroep fan juf Sjoukje fan Vivensa, Dokkum.

It projekt draait op meardere skoallen tagelyk en op dit stuit rûlearje 8 briedmasines troch ús regio en kinne learlingen yn ‘e klasse it proses meimeitsje fan aai oant pykjes. Klyster frijwilliger Wytze Postma begeliedt it projekt en helpt de learkrêften. Skoallen fine dat hiel noflik, want it komt bêst hiel krekt. Mar dêrfoar binne wy, skoallen stypje mei ús ekspertize. En Wytze hat sels ûnderwizer west en hat as hobby it fokken fan hinnen. Dus hy kin as gjin oar soargje foar goeie begelieding. Yn it parseberjocht in wiidweidich ferslach.

Op ‘e foto learling mei pykje. Foto is fan Koos Scherjon.

 

 

Klyster nijsbrief nr. 03

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • Bûtenlesdei op 7 april – opjaan kin dizze wike noch!
  • Digi les Kikker & Pad – 15 april, opjaan kin no.
  • Projekt Stinzeskatten – jou dy op foar de pilot
  • Jierplan 2026
  • GFT, wat dochst dermei? – op tv
  • Pykjes yn ‘e klasse – op tv
  • dochblêd Wetterfûgels

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen.

Bijlage: Doeblad watervogels

NWT konferinsje 2026

Op freed 27 maart 2026 organisearre NWT (Natuer, Wittenskip & Technyk) de lanlike konferinsje ‘toekomst in zicht’ foar basisskoallelearkrêften en NME-meiwurkers. De jierlikse konferinsje rjochte him diskear op’e takomst fan natuer, wittenskip en technyk yn it basisûnderwiis, mei tema’s as stedsk aktivisme en griene skoaltunen. Ek de nije kearndoelen foar it primêr ûnderwiis waarden yn ferskate sesjes út’e doeken dien. Benammen de kearndoelen binnen it domein Minske en Natuer stiene yn de skynwerper. Keynote sprekker Menno Schilthuizen hold in nijsgjirrige lêzing oer boargerwittenskip yn’e stedsnatuer.

Ut namme fan De Klyster wiene Eline van den Nieuwenhof en Marjolein Staal oanwêzich: “wy sjogge werom op in tige learsume en ynspirearjende dei en nimme wer hiel wat nije kennis en ideeën mei nei De Klyster“.

Bonifatiusskoalle tekenet moestúnkontrakt

Groep 6 fan JKC Sint Bonifatius út Dokkum giet yn 2026 moestúnkjen en wurdt dêryn begelaat troch klyster moestúncoach Jurjen en klyster moestúnadviseur Joanneke. Fan april ôf krije de learlingen 20 wiken lang alle wiken op syn minst 1 oere les yn de grientetún.

Op ‘e foto yn ‘e midden de learkrêft mei oan har side klysters Joanneke en Jurjen.

 

It Pompeblêd tekenet moestúnkontrakt

Groep 6 fan IBS It Pompeblêd út De Westereen giet yn 2026 moestúnkjen en wurdt dêryn begelaat troch klyster moestúncoach Bertus en klyster moestúnadviseur Joanneke. Fan april ôf krije de learlingen 20 wiken lang alle wiken op syn minst 1 oere les yn de grientetún.

Op ‘e foto klysters Joanneke en Bertus mei direkteur en learkrêften fan it Pompeblêd.

 

De Hoeksteen tekenet Moestúnkontrakt

Groep 6 fan CBS De Hoeksteen út Dokkum giet yn 2026 moestúnkjen en wurdt dêryn begelaat troch klyster moestúncoach Jurjen en klyster moestúnadviseur Joanneke. Fan april ôf krije de learlingen 20 wiken lang alle wiken op syn minst 1 oere les yn ‘e grientetún.

Op ‘e foto klysters Joanneke en Jurjen mei learkrêften fan De Hoeksteen.

 

Oerlis wethâlders – ôfskied wethâlder Hanneke Jouta

Op tongersdei 26 maart 2026 wie it healjierliks oerlis tusken De Klyster en de portefúljehâlders fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. It jierferslach 2025 waard mei de wethâlders bepraat en akkordearre. Fierder kamen rinnende saken oan’e oarder en waard ôfpraat dat de wethâlders ek yn 2026 graach belutsen wurde wolle by NME-aktiviteiten as de foarlêsdei, beamplantdei, projekt Stinzeskatten en ekskurzjes.

Wethâlder Hanneke Jouta fergadere foar it lêst by De Klyster. Sy keart net werom as wethâlder nei de ferkiezingen. Nei ôfrin betanken wethâlder en teamlieder inoar foar de fruchtbere gearwurking. Wethâlder Jouta krige in presintsje fan De Klyster as tank en teamlieder Marjolein Staal krige op har beurt trije tegeltsjes fan de skiedend wethâlder.

Wethâlder Wiebe Strikwerda wachtet de koälysjefoarming earst ôf en koe noch net sizze oft hy al of net weromkomme sil yn it kolleezje fan B & W fan Dantumadiel.