Lanlike netwurkgearkomste

Op 10 en 11 septimber wie wer de jierlikse twadaagse fan it lanlike GDO-netwurk. Marjolein Staal represintearre De Klyster. Sy die mei oan it panel mei as ûnderwerp brêgen bouwe tusken Natuer en Kultuer. De Klyster hat in soad ûnderfining mei it ferbinen fan kultuer en natuer.

Alwer foar de 10de kear kamen wy byinoar mei hast 70 besiele direkteuren fan sintra foar Natuer – en Duorsumheidsedukaasje en NDE-amtners. Wy praten ûnderoaren oer de ûntwikkelings oangeande de duorsume skoalle en de stipe fan it ûnderwiis, en oer brêgen bouwe tusken natuer – en kultueredukaasje. Lykas alle jierren is der ek in hiel soad kennis en ûnderfining dield.

Wethâlder Jacqueline van Dongen, ús foarsitter, iepene de twadaagse. Theo Leupen fan DuurzaamDoor en Giuseppe van der Helm fan Coöperatie Leren voor Morgen  joegen harren lanlike blik op duorsum ûnderwiis en de krêftige rol fan de NDE-sintra hjiryn: ‘Duorsumens is net wat derby komt; it is de kearn fan it ûnderwiis ‘

Gastorganisaasje wie Kunstwerk yn ‘e gemeente Zevenaar. Hja lieten sjen dat de ferskate edukaasjes – natuer, kultuer en erfgoed – foar skoallen hiel goed mei-inoar ferfrissele wurde kinne en dat hja inoar fersterkje. Om dat te ûnderfinen, waarden wy traktearre op in rûnlieding oer bûtenpleats Sevenaer en op in fragmint fan de jeugdopera Benno en de wûndere wrâld fan de boaiemdieren fan Pier21; in perfekte gearraning fan natuer en kultuer. De Klyster hie opera Benno yn 2023 ek yn har NME-programma doe.

It wie in ynspirearjende gearkomste, wêryn’t benammen ferankering fan Duorsumens yn ‘e fyzje fan ‘e skoalle, boargerskip, de regio as klaslokaal en de gearwurking tusken ferskate edukaasjes, aktuele ûnderwerpen wiene.

yn ‘e parse

Start edukaasjeprojekt Noardlike Fryske Wâlden

It edukaasjeprojekt oer de Noardlike Fryske Wâlden is moandeitemoarn 9 septimber 2024 wer fan start gien. Fjirtich skoalklassen út de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân sille oan ‘e slach mei it lesprogramma ‘Takomst foar in unyk Lânskip’. In projekt om mear te witten te kommen oer de Fryske Wâlden. Wethâlder Jelle Boerema fan Achtkarspelen en foarsitter fan ‘e feriening Noardlike Fryske Wâlden Albert van der Ploeg joegen it startsein fan it lesprogramma.

De Klyster koe wer 16 skoallen dielnimme litte. Binnen in sucht wie dit al jierren suksesfolle projekt folboekt.

Foto: Isa Visser, RTF NOF

Lês mear Wethouder Jelle Boerema geeft startsein educatieproject in Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden (destreekkrant.nu)

 

Aktiviteiten neijier/winter 2024

Damwâld, 4 septimber 2024 – Alle skoallen ûntfange yn ‘e earste skoalwike de grutte poster foar yn ‘e leararekeamer en foar eltse learkrêft it aktiviteiteboekje.

De kar is tige: 16 aktiviteiten om mei dyn learlingen natuer en lânskip te ûntdekken.

 

Simmerfakânsje

It Klysterteam winsket eltsenien in noflike simmerfakânsje ta. Yn ‘e moanne augustus is De Klyster sletten. Graach oant septimber!

Klyster nijsbrief nr. 06

Bêste Nijsbrieflêzer,

In dizze 6e nijsbrief oandacht foar:

  • Neijier oanbod
  • Jubileum frijwilliger Hilda
  • Frysk op Skoalle
  • Berik earste semester Klysterteam
  • Doeblêd Sweltsjes

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Sweltsjes Weetsjes Sykkaart

Taheakke: Sweltsjes Doe-blêd

yn ‘e parse – Jubileum Hilda Buursma

Op tongersdei 11 july 2024 waard Hilda Buursma by it teamútstapke fan De Klyster yn it sintsje set, fanwege har 10 – jierrich jubileum as frijwilliger.

Hilda begûn yn 2014 by De Klyster as frijwillige gastdosint by it projekt: Help myn eintse ferdwynt yn it rioel. In projekt wêryn ‘t de bern learden hoe ‘t it smoarge wetter wat wy trochlûke en fuortspiele yn de rioelwettersuvering suvere wurdt troch baktearjes. Dit projekt levere har de geuzenamme POEPJUF op (oan ‘e ein fan de gastles giene de bern in nep-drol meitsjen fan ontbijtkoeke om it thúsfront te foar de gek te hâlden, mar foaral ek om thús te fertellen oer wat se leard hiene).

Fiif kear better Besich, wie ek sa ‘n topprojekt. Hilda fersoarge as frijwilliger 125 gastlessen oer hoe ‘t je as bern je stientsje bydrage kinne oan de duorsume mienskip én wat op skoalle duorsumer kin: drinkbekers mei, papier skiede, yn it skoft de ljochten út, ensfh.

Foar it projekt Underweizzz oer bermen, biodiversiteit en bijen, joech Hilda ‘ bijles ‘ en makke sy mei de bern bijehotels en siedbommen.

Hilda wie folslein oerrompele troch de huldiging: ” De tiid is omflein en ik hie net yn de gaten dat ik al sa lang by De Klyster frijwilliger bin. It is machtich om mei bern te wurkjen. En De Klyster fielt echt as in soarte fan famylje foar my. Ik hoopje noch hiel lang frijwilliger te wêzen en bern te belûken by de natuer en duorsummens “, liet Hilda witte.

En dat sit wol goed. Nei de simmerfakânsje sil Hilda gastlessen jaan oer Einekoaien. Kultureel lânskiplik erfgoed, dêr ‘t se prachtige ferhalen oer fertelt yn ‘e klasse: koaikerhûntsjes, lokeinen en it berop fan koaiker. Boppedat is der in nij projekt oer Stinzeplanten yn de maak. Gjin tiid om stil te sitten dus.

Op ‘e foto nimt frijwilliger Hilda Buursma de lokwinsken yn ûntfangst fan teamlieder Marjolein Staal. Hilda ûntfong it sulveren Klysterspjeldsje.

 

 

Teamútstapke Klyster

Tongersdei 11 july 2024 fûn it teamútstapke fan alle natuergidsen en frijwilligers fan De Klyster plak. Dizze kear moasten alle klysters in overal oanlûke, want der waard skildere ûnder lieding fan byldzjend keunstner Stef Vedder. Mar earst waard klyster gastdosint Hilda Buursma yn it sintsje set fanwege har 10 – jierrich jubileum.

Dêrnei krige elkenien in foske fan papier masjee om te beskilderjen. Dat mocht libbensecht, mar elkenien wie ek frij om der in eigen draai oan te jaan. Sa kaam der in Mondriaanfoks, in Flowerpowerkfoks, mar ek prachtige libbensechte foksen. De hiele groep moast dêrneist ek mei-inoar in libbensgrutte ree beskilderje. By it skilderjen wie der in lekker soad tiid om gesellich by te praten oer de belibbenissen yn it ôfrûne semester.

Nei it skilderwurk stie in buffetsje klear en waard der tegearre iten. De keunstwurkjes kinne no drûgje en wurde oer in pear wiken yn ‘e lak set.

It wie wer in tige slagge teamútsje.

 

7 redenen wêrom ‘t lokale NME-sintra essinsjeel binne foar de maatskippij

Lokale natuer – en duorsumenssintra (NDE-sintra en NME-sintra) en bernebuorkerijen spylje in ûnmisbere rol yn ús maatskippij. Dizze sintra, lyts en grut, wurkje elk op harren eigen wize oan ferskate duorsume tema’s. It binne net allinnich plakken foar jong en âld om te learen oer natuer en duorsumens, mar ek om te ûnderfinen, boartsjen, belibjen, ûntspanne en gearkomme. De sosjale wearde foar learlingen, minsken mei in lytse beurs, minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk en buertbewenners is folle grutter as faak sjoen wurdt.

Yn dit artikel diele wy sân redenen wêrom ‘t NME-sintra fan ûnskatbere wearde binne.

7 redenen waarom lokale NDE-centra essentieel zijn voor onze samenleving – GDO (vereniginggdo.nl)

Klyster nijsbrief nr. 05

Bêste Nijsbrieflêzer,

In dizze 5e nijsbrief oandacht foar:

  • Besite Berneboargemaster
  • Leskist boeke mei gastles
  • Nij Klimaatprojekt
  • Aktiviteiten nei de simmerfakânsje (let op: boeke kin al fan 1 july ôf fia de webside)
  • De Klyster yn byld
  • Simmerplaat doeblêd

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Simmerplaat Doeblêd

yn ‘e parse – Berneboargemaster bringt besite oan de Klyster

Woansdei 29 maaie 2024 krige Marjolein Staal fan De Klyster de berneboargemaster fan Noardeast-Fryslân, Ruben van der Veen, oer de flier. Hy brocht in wurkbesite oan De Klyster.

It wie in tige slagge besite, dêr ‘t de berneboargemaster tige brûkbere advizen yn joech oan ‘e gemeente en oan ‘e skoallen. Ruben pleitet der foar om mear nei bûten te gean op de basisskoalle en op syn minst om ‘e wike op natuerekskurzje te gean. De Himmeldei soe in fêst ûnderdiel fan it lesprogramma wêze moatte.

Hjir kinne wy it allinne mar hielendal mei iens wêze.

Op ‘e foto f.l.n.r. riedslid en buddy Ruurd-Jan Torensma, Ruben v.d. Veen, riedslid en buddy Tjitske Aline v.d. Veen, Marjolein Staal. De foto is makke troch Koos Scherjon

Lês mear yn it parseartikel