Siedzje yn’e klasse

Fergees siedpakket

Elk bern moat yn syn libben in kear sels siedde hawwe. It is in wûnder hoe’t der út in siedsje in plantsje groeit. En dat kinne we wol fertelle, mar sels dwaan is folle leuker en learsumer!

Moestúnje is hielendal yn. Siedzje fan eigen grienten is aardich en learsum. Belûk dyn bern by wêr’t har iten weikomt.

Ek oan de slach mei siedzjen? Bestel dan no ien of mear siedpakketten foar yn de grientetún of de moestúnbak.

Ynhâld siedpakket 2026

It pakket bestiet út 10 pûdsjes mei sied foar snijbyt, bynslaad, radys, kropslaad, tomaat, brokkoly, reade byt, prei, spinaazje en woartels. Oanfoljend lesmateriaal fynst hjir  Educatie is theorie én praktijk | Jong Leren Eten.

Gearwurking

Rijk Zwaan stelt it sied ta beskikking yn gearwurking mei de feriening Gemeenten foar Duorsume Untwikkeling, Wageningen University & Research en Jong Leren Eten.

 

Pykjes yn ‘e klasse

In briedmasjine yn ‘e klasse is super leuk! Bern meitsje fan tichtby mei hoe’t in pykje út in aai komt. Sy leare wat in pykje nedich hat om te groeien en binne ferantwurdlik foar de fersoarging fan de pykjes. In top ûnderfining!

Yn ‘e klasse komt in folautomatyske briedmasjine te stean mei 10 hinne-aaien. It brieden nimt 3 wike yn beslach. Nei de berte ferhúzje de pykjes nei de opfokbak en kinne noch 1 wike yn ‘e klasse bliuwe. De learlingen sille genietsje en dit projekt nea mear ferjitte.

Klysterfrijwilliger Wytze Postma is “pykje-koördinator” en hy is dei en nacht berikber om te helpen. Hij bringt al it materiaal op skoalle: briedmasjine, befruchte aaien, skoulampke, waarmteplaat, opfokbak, wetterbakje en in starthoemannichte pykjefiedsel.

PS Dit projekt kin it bêste starte yn de moannen maart, april, maaie. Jou dy sa gau as mooglik op!

 

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Kikkertsdril yn ‘e klasse

De maitiid komt deroan! It wurdt stadichoan wat waarmer en de kikkert wurdt stadichoan wat wekker.

As de kikkert waarm genôch is komt der kikkertsdril yn de sleat. Wolst mei dyn groep meimeitsje hoe ‘t út it dril in kikkertsfiskje groeit en dêr in piiplyts kikkertsje út ûntwikkelet? Jou dy dan op foar dit moaie maitiidsprojekt.

Sa gau’t der kikkertsdril is bringt De Klyster in glêzen akwarium op skoalle mei dril en soerstofplantsjes. De lesbrief kinst brûke om edukaasje te fersoargjen. Kikkertsfiskjes fersoargje is hiel aardich en learsum.

 

PS kikkerts binne in beskerme diersoarte, mar foar edukative doelen is it tastien om kikkertsdril yn ‘e klasse op te kweken. IVN makke in moai filmke foar dyn learlingen oer de fersoarging, sjoch Extra’s.

Oare ynformaasje

Wannear komt it kikkerdril? Dat witte we noait presys. Jou dy no op en sa gau't der dril is bringe wy it op skoalle. TINK DEROM: troch de hege temperatueren wurdt it nei alle gedachten twadde helte fan maart. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

06 schoon water en sanitair14 leven in het water