Bestjoersgearkomste Freonen

Moandeitejûn 27 maaie 2024 fergadere it bestjoer fan stifting Freonen fan De Klyster. Wethâlder Hanneke Jouta, kontaktamtner Harrie Siegersma fan Noardeast-Fryslân en wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel sleaten yn it begjin fan de gearkomste oan om yn’e kunde te kommen mei it bestjoer fan de stifting.

De wethâlders lieten witte dat se natuer – en miljeuedukaasje (NME) tige wichtich fine en geregeld ôfstimme mei De Klyster oangeande it NME-programma. Offalskieding en Bioferskaat neamden de wethâlders benammen as wichtige ûnderwerpen om geregeld omtinken oan te besteegjen.

It bestjoer fan de Freonen hie Jan Piet de Boer fan Landschapsbeheer Fryslân (LBF) útnûge om in presintaasje te jaan oer Stinzenflora. Stinzefloara is in aktueel ûnderwerp en is ferbûn mei libben erfgoed. Foaral yn de noardeastlike regio binne de omstannichheden ideaal: seeklaai, humus – en kalkrike boaiem binne treflike omstannichheden foar stinzefloara. Harstastate Hegebeintum, Philipusfenne Kollum, Rinsmastate Driesum, Schierstins Feanwâlden, tsjerkhôf Rinsumageast, Bolwerk Dokkum, tsjerkhôf Ternaard binne prachtige plakken om de stinzefloara te bewûnderjen. Stinzeplanten binne ierbloeiers (bollen, knollen, woartelstokken) en fungearje as fiedselboarne foar ûntweitsjende hommels en bijen. Dat is goed foar it bioferskaat. Fryslân ken gjin kastielen, mar wol stinzen en staten dêr ‘t de adel wenne. Hja ymportearren yndertiid de stinzefloara, dy ‘t ûnderwilens as ynheems beskôge wurde mei. Dr. Botke en D.T.E. van der Ploeg hawwe der foar soarge dat de stinzefloara op ‘e kaart kaam is en as erfgoed by Fryslân heart.

Jan Piet fertelde dat in soad frijwilligers belutsen binne by sawol ûnderhâld as behâld fan de unike stinzefloara. LBF soe graach ek learlingen hjirby belûke wolle. Jan Piet de Boer joech oan graach hjiryn tegearre mei De Klyster op te lûken.

It bestjoer en de wethâlders sjogge it ûnderwerp as in kânsryk edukaasjeprojekt passend by de regio en gemeentlike doelstellingen op it mêd fan lânskip en erfgoed. De kommende tiid sil de teamlieder fan De Klyster yn gearspraak mei bestjoer, wethâlders en LBF de mooglikheden ûndersykje foar in projektoanfraach.

Nei de presintaasje kaam it bestjoer gear oer û.o. it jierferslach fan de Freonen.

 

Op de foto: Jan Piet de Boer fan LBF fersoarget presintaasje oer Stinzenflora.

Klyster nijsbrief nr. 04

Bêste nijsbrieflêzer,

In dizze 4e nijsbrief oandacht foar:

  • Bûtenboartersalarm
  • Nasjonale NQ-test (natoeryntelliginsje)
  • Alden en natoerûnderwiis
  • Grut gemeentlik ôffalprojekt: ôfsluting én ferfolch
  • Projekt Bioferskaat op begraafplakken
  • Bûtenlesdei
  • Leskisten
  • Wike fan de natoer
  • Doe-blêd en sykkaart Stoepeplantsjes

In soad lêswille!

Klik hjir om de ijsbrief te lêzen

Taheakke: Stoepeplantsjes Weetsjes Sykkaart Fr-NL

Taheakke: Stoepeplantsjes Doe-blêd

yn ‘e parse

MITSELWIER – Learlingen fan CBS De Rank hawwe 18 nêstkasten pleatst op begraafplak ‘Reidswâl’ by Mitselwier. Krekt as de 23 learlingen fan groep 7/8 fan CBS Op de Hoogte yn Boerum, hawwe sy meidien oan in bysûnder pilot-projekt fan De Klyster. In projekt dat samar ris in ferfolch krije kinne soe.

Begraafplakken binne yn it lânskip faak lytse oäzes fan bioferskaat. It projekt giet oer: de ‘circle of life’, rêst en in noflik plak foar minske en bist.

Lês mear yn it parseberjocht:

https://www.rtvnof.nl/leerlingen-sluiten-het-project-biodiversiteit-op-begraafplaatsen-af-met-het-plaatsen-van-nestkasten/656526/

 

yn ‘e parse

Op tongersdei 18 april wie it ôfslutende parsemomint fan it projekt ‘ Koos de Vuilnisman ‘. Yn totaal hawwe goed 1200 bern meidien, ferspraat oer 22 skoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. De dielnimmende klassen hawwe in poster ûntwurpen, de bêste poster is drukt op in jiskewein.

Arenda Visser, fan de Kristlike Nasjonale Skoalle te Wâlterswâld, wie de winneres!

Op ‘e foto f.l.n.r.: wethâlder Gerben Wiersma, berneboargemaster Arjen, winneres Arenda, wethâlder Hanneke Jouta & berneboargemaster Ruben.

Linkje nee it parseberjocht: Afvalposter schittert op vuilniswagen – RTV NOF Nieuws

Frysk Sertifikaat

Dit jier is De Klyster it earste twatalich NME-Sintrum fan Fryslân wurden.

Dat betsjut dat edukatyf materiaal twatalich beskikber is. Mar ek dat yn alle ekskurzjes en gastlessen de Fryske taal brûkt wurde mei.

It is dêrom wichtich dat it hiele Klysterteam it Frysk yn alle gefallen passyf behearsket en ferstiet, sadat bern harren eigen taal brûke kinne.

De ôfrûne moannen hawwe Joanneke Romkema, Bianca van Tielen en Mirja Brandorff de AFUK-kursus foar net-Frysktaligen folge en mei goed gefolch ôfsletten. Fan dit plak ôf de hertlike lokwinsken mei it beheljen fan it sertifikaat!

Op ‘e foto f.l.n.r. Klysters Joanneke Romkema, Bianca van Tielen en Mirja Brandorff

Bûtenlesdei 9 april

Ofrûne tiisdei, diene yn Nederlân hast 100.000 learlingen fan goed 1.300 skoallen mei oan de Nationale Buitenlesdag.

Yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân giene mar leafst 15 skoallen mei 1.232 learlingen nei bûten.

Natuer – en miljeuedukaasje sintrum De Klyster foarseach alle dielnimmende skoallen fan in praktysk lespakket mei de titel “ik bén natuur / ik bín natoer”, wêrmei ‘t de learkrêften, sûnder in soad tarieding, mei de bern nei bûten koene.

De learlingen giene om skoalle hinne op ûntdekkingstocht mei de maitiidsbingospeurkaart en sammelen dy natuerskatten om se dêrnei nei te tekenjen. As lêste wie der foar elk bern in lekkere apel en in amulet as oantinken.

Eins soe it alle dagen Bûtenlesdei wêze moatte. Dus skoallen dy ‘t foar de simmer noch graach in Bûtenlesdei organisearje wolle, binne fan herte útnûge en kinne harren opjaan fia de webside. It materiaal, ynklusyf in apel foar elk bern, wurdt dan op skoalle brocht!

yn ‘e parse

DOKKUM – Freed 5 april 2024 waard op De Zijl yn Dokkum it tulpeseizoen 2024 ynlet. Bern fan CBS Eben Haëzer plantsje de earste blombak fol mei maitiidsbloeiers. Om De Zijl hinne binne ferskate kleurige en lekker rûkende blombakken te finen.

De pleatste tulpebakken sille har de kommende tiid wer fan har moaiste kant sjen litte. Wethâlder Rebecca Slijver grypte dizze gelegenheid oan om omtinken te freegjen foar it belang fan it bioferskaat. Foar de stichting Tulpenstad Dokkum wie it in moai momint om sjen te litten dat har wurksumheden bydrage oan it moaier meitsjen fan ‘e binnenstêd. Njonken de blombakken binne op de ferskate bolwurken ek blombollen plante. Op it Wester-en sûderbolwurk binne stinzeblombollen plante, dizze blombollen fermearderje har yn ‘e grûn en jouwe nei in pear jier in tekken fan kleur.

It bestjoer waard by syn wurksumheden stipe troch ferskate sponsoaren en wurket dêrby nau gear mei de gemeente en Natuer – en Miljeu Edukaasje Sintrum De Klyster.

De Klyster fersoarge in gastles by groep 7 fan de CBS Eben Haëzer. Foar dizze groep wie in fotowedstriid organisearre mei de opdracht: meitsje in moaie foto fan stinzeplanten of ynsekten. De moaiste foto waard makke troch Sipke Zijlstra en waard troch wethâlder Rebecca Slijver ûntbleate.

Op de foto wethâlder Rebecca Slijver ûntbleatet de winnende foto fan Sipke Zijlstra.

Parse en media joegen wiidweidich omtinken oan de happening. Yn it berjocht hjirûnder in ferslach.

 

FIDEO: VIDEO: Regenachtige start van Tulpenstad Dokkum: “Mar dy kleurkes fleure it sa moai op” – RTV NOF Nieuws

foto: Bote Sape Schoorstra

Gastlessen Stinzeplanten

Freed 5 april 2024 organisearre De Klyster y.g.m. stichting Dokkum Tulpenstad de start fan Tulpenstad Dokkum.

Dêr gie in stinzeplanteprojekt oan foarôf. Learlingen fan groep 7 fan de Eben Haezer School út Dokkum learden fan klysterprojektlieder Hilda Buursma alles oer stinzeplanten en it nut fan dizze ierbloeiers foar it bioferskaat.

Juf Hilda learde de bern yn har gastles hoe ‘t it komt dat krokussen, snieklokjes, bostulpen en oare stinzeplanten al sa betiid bloeie kinne: in bol / knol is in fiedingsbom, dus by de earste sinnestrielen kinne dizze stinzeplanten al groeie en bloeie. De bern diene sels ûndersyk nei bollen en knollen troch in sipel en in ierappel te ûntleedzjen.

Klysterjuf Hilda naam de skoalle ek mei op ekskurzje nei de Skierstins yn Feanwâlden om dêr de Stins te besjen en de rykdom oan stinzeplanten te ûntdekken. FotoBart en FotoHans fan KidzKlix joegen in fotokursus en giene mei op ekskurzje. De learlingen krigen de opdracht om stinzeplanten op ‘e foto te setten. It smiet prachtige foto’s op fan stinzeplanten en ynsekten.

Stinzeplanten hawwe kultuerhistoaryske wearde en binne ierbloeiers. As de earste hommels en wylde bijen wekker wurde út ‘e wintersliep, bloeie de stinzeplanten en kinne se hjir har iten opskarrelje. Stinzeplanten binne dus hiel wichtich foar it bioferskaat.

De iepening fan it tulpestêd Dokkum waard ek troch de learlingen fersoarge troch it plantsjen fan kultivars. Wol gjin echte stinzeplanten, mar wol blommen dy ‘t Dokkum opfleurje. Foarsitter Ger Heeringa fan Dokkum Tulpenstad hold in besiele taspraak. Wethâlder Rebecca Slijver wie ek fan de partij en ûntbleate de winnende foto.

Stichting Dokkum Tulpenstad plante earder stinzeplanten op de bolwurken fan Dokkum.

Foto: Sape Bote Schoorstra

Klyster nijsbrief nr. 03

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze 3e nijsbrief oandacht foar:

  • Fûgel fan de wike
  • Wike fan de Skoaltún -> De grutte Jierdappelles
  • Subsydzje Frysk en Lekker nei Bûten
  • Doeblêd Boaiembistjes

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Boaiembistjes Weetsjes Sykkaart en Praatplaat FRL NL

Taheakke: Boaiembistjes Kleurplaat

Taheakke: Boaiembistjes Doe-blêd