yn ‘e parse – oerhandiging boek ‘Dit wie de plestik tiid’

Op ‘e foto f.l.n.r.: Eline van den Nieuwenhof (NME De Klyster), Marjolein Staal (NME De Klyster), Burgemeester Klaas Agricola, Alex de Jager (directeur Afûk), Hermien van der Meer (Afûk), Ida Heddema (Afûk), Burgemeester Johannes Kramer, Yvonne de Beer (NME De Klyster), Maria Westerbos (directeur Plastic Soup Foundation), Anna Dotinga (gemeente Noardeast-Fryslân) & Hanny Brands (Plastic Soup Foundation).

Oerhandiging boek ‘Dit wie de plastic tiid’

Op tongersdei 10 oktober wie de Dei fan de Duorsumens. Yn dit ramt oerlange direkteur en oprjochter fan de Plastic Soup Foundation, Maria Westerbos, de earste eksimplaren fan it boek ‘Dit wie de plestik tiid’ oan boargemasters Klaas Agricola en Johannes Kramer. Dizze offisjele oerlanging fûn plak by NME De Klyster. Op inisjatyf fan de Klyster waard it boek ‘Dit was de plastic tijd’ fan Geert-Jan Roebers oerset yn it Frysk. De Fryske oersetting waard dien troch Wietske Poelman, it boek waard útjûn troch de Afûk.

Nei ôfrin fan de oerlanging binne de boargemasters nei basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân gien om út it boek foar te lêzen en yn petear te gean mei de learlingen oer de miljeuproblematyk oer plestikfersmoarging.

Yntusken binne der mear as 500 Fryske eksimplaren fan it boek ferspraat op basisskoallen troch hiel Fryslân, in twadde druk is al ûnderweis.

Zie ook: Overhandiging boek ‘Dit wie de plestik tiid’ – RTV NOF Nieuws

Klyster nijsbrief nr. 08

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze achtste nijsbrief spesjale oandacht foar de Dei fan ‘e Duorsumens. Alle skoallen hawwe it boek “Dit wie de plestik tiid”  hjoed kado krigen fan De Klyster. Hjiroer kinst mear lêze yn ‘e nijsbrief.

In soad lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Edukaasjesafary 2024

IVN natueredukaasje organisearre op moandei 30 septimber 2024 de jierlikse Edukaasjesafary foar NME-beropskrêften en – frijwilligers yn Noard-Nederlân. It tema wie “ Dij mit baaide bainen op grond stoan blift, komt nait veuroet ”.

Marjolein Staal fan De Klyster dompele har ûnder yn de brûzende aktiviteiten, eksperiminten en ynnovaasjes yn it Natuerûnderwiis. Merlijn Tolhoven joech en boeiende lêzing oer de relaasje minske en natuer.

 

yn ‘e parse

Eanjum, 3 oktober 2024 – Hjoed stutsen learlingen fan groep 6 fan basisskoalle De Tijstream fan Holwert harren hannen út de mouwen by it ûnderhâld fan de Einekoai by Eanjum. De learlingen hiene in natuerekskurzje yn de Van Asperenkooi, dêr’t op itselde stuit frijwilligers fan It Fryske Gea dwaande wiene mei ûnderhâldswurksumheden. De learlingen foelen mei de noas yn de bûter, want se waarden útnûge om te helpen. Klysterfrijwilligers Betty Kooistra, Hilda Buursma en Pieter Reitsma fersoargje dit learsume projekt oer Einekoaien.

 

 

Klyster nijsbrief nr. 07

Bêste nijsbrieflêzer,

In dizze 7e nijsbrief oandacht foar:

  • It nije NME-oanbod
  • NME-kontaktpersoan
  • Klimaat Escapekist
  • Foar eltse skoalle een boek kado
  • Boaiembistendagen 2024
  • Griene fuotstappen
  • Fearren doe-blêd

In soad lêswille!

2024 Nijsbrief nr 07

Taheakke: Fearren weetsjes

Taheakke: Fearren doe-blêd

Lanlike netwurkgearkomste

Op 10 en 11 septimber wie wer de jierlikse twadaagse fan it lanlike GDO-netwurk. Marjolein Staal represintearre De Klyster. Sy die mei oan it panel mei as ûnderwerp brêgen bouwe tusken Natuer en Kultuer. De Klyster hat in soad ûnderfining mei it ferbinen fan kultuer en natuer.

Alwer foar de 10de kear kamen wy byinoar mei hast 70 besiele direkteuren fan sintra foar Natuer – en Duorsumheidsedukaasje en NDE-amtners. Wy praten ûnderoaren oer de ûntwikkelings oangeande de duorsume skoalle en de stipe fan it ûnderwiis, en oer brêgen bouwe tusken natuer – en kultueredukaasje. Lykas alle jierren is der ek in hiel soad kennis en ûnderfining dield.

Wethâlder Jacqueline van Dongen, ús foarsitter, iepene de twadaagse. Theo Leupen fan DuurzaamDoor en Giuseppe van der Helm fan Coöperatie Leren voor Morgen  joegen harren lanlike blik op duorsum ûnderwiis en de krêftige rol fan de NDE-sintra hjiryn: ‘Duorsumens is net wat derby komt; it is de kearn fan it ûnderwiis ‘

Gastorganisaasje wie Kunstwerk yn ‘e gemeente Zevenaar. Hja lieten sjen dat de ferskate edukaasjes – natuer, kultuer en erfgoed – foar skoallen hiel goed mei-inoar ferfrissele wurde kinne en dat hja inoar fersterkje. Om dat te ûnderfinen, waarden wy traktearre op in rûnlieding oer bûtenpleats Sevenaer en op in fragmint fan de jeugdopera Benno en de wûndere wrâld fan de boaiemdieren fan Pier21; in perfekte gearraning fan natuer en kultuer. De Klyster hie opera Benno yn 2023 ek yn har NME-programma doe.

It wie in ynspirearjende gearkomste, wêryn’t benammen ferankering fan Duorsumens yn ‘e fyzje fan ‘e skoalle, boargerskip, de regio as klaslokaal en de gearwurking tusken ferskate edukaasjes, aktuele ûnderwerpen wiene.

yn ‘e parse

Start edukaasjeprojekt Noardlike Fryske Wâlden

It edukaasjeprojekt oer de Noardlike Fryske Wâlden is moandeitemoarn 9 septimber 2024 wer fan start gien. Fjirtich skoalklassen út de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân sille oan ‘e slach mei it lesprogramma ‘Takomst foar in unyk Lânskip’. In projekt om mear te witten te kommen oer de Fryske Wâlden. Wethâlder Jelle Boerema fan Achtkarspelen en foarsitter fan ‘e feriening Noardlike Fryske Wâlden Albert van der Ploeg joegen it startsein fan it lesprogramma.

De Klyster koe wer 16 skoallen dielnimme litte. Binnen in sucht wie dit al jierren suksesfolle projekt folboekt.

Foto: Isa Visser, RTF NOF

Lês mear Wethouder Jelle Boerema geeft startsein educatieproject in Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden (destreekkrant.nu)

 

Aktiviteiten neijier/winter 2024

Damwâld, 4 septimber 2024 – Alle skoallen ûntfange yn ‘e earste skoalwike de grutte poster foar yn ‘e leararekeamer en foar eltse learkrêft it aktiviteiteboekje.

De kar is tige: 16 aktiviteiten om mei dyn learlingen natuer en lânskip te ûntdekken.

 

Simmerfakânsje

It Klysterteam winsket eltsenien in noflike simmerfakânsje ta. Yn ‘e moanne augustus is De Klyster sletten. Graach oant septimber!

Klyster nijsbrief nr. 06

Bêste Nijsbrieflêzer,

In dizze 6e nijsbrief oandacht foar:

  • Neijier oanbod
  • Jubileum frijwilliger Hilda
  • Frysk op Skoalle
  • Berik earste semester Klysterteam
  • Doeblêd Sweltsjes

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Sweltsjes Weetsjes Sykkaart

Taheakke: Sweltsjes Doe-blêd