Ferline jier krige De Klyster de fraach fia de gemeenteried om op de Julianaskoalle en de Bernhardskoalle yn Kollum gastlessen te fersoargjen oer amfibyen. Learlingen Xaveer en Chris hiene nammentlik deariden salamanders fûn en de gemeenteried yn in brief frege om hjir wat oan te dwaan. Klyster Mirja Brandorff gie mei de klassen fan de jonges op ‘en paad en lei út oer de poddetrek. Tegearre makken se in advys foar de gemeente wêryn’t oanret waard om ferkearsbuorden te pleatsen, wêrmei’t de fytsers attint makke wurde op oerstekkende podden, salamanders en kikkerts.
Mei tank oan dizze twa jonge bistefreonen binne der no in jier letter, offisjele warskôgingsbuorden pleatst lâns it fytspaad tusken Tolhuis en Oostenstein. Hjoed hawwe de klassen oanwêzich west by it pleatsen fan de buorden troch de gemeentlike bûtentsjinst.
Wethâlder Hanneke Jouta is grutsk op it inisjatyf: “De bern ha de podden, kikkerts en salamanders in stim jûn en hawwe har mei hert en siel ynsetten foar de natuer. It is in moaie aksje en it krinkje is rûn, de buorden binne pleatst.”
Lês mear yn it parseberjocht en/of klik op it filmke foar in live ferslach.
Op ‘e foto Chris en Xaveer mei manlju fan de gemeentlike bûtentsjinst dy’t it boerd pleatse, filme troch RTV NOF.
Xaveer en Chris (9) zorgen voor echte verkeersborden voor paddentrek – RTV NOF Nieuws


