Klyster Marjolein Staal is nominearre foar de Fryske inisjatyfpriis de ‘Johan de Jong beam‘. Mei dizze priis wurde minsken yn it sintsje set dy’t har bysûnder ynsette foar de natuer. Marjolein wurket dit jier al 25 jier by De Klyster en makket har hurd foar natueredukaasje foar elk bern. Ek yn har frije tiid is sy oanjager om bern de natuer belibje en ûntdekke te litten. Sa is sy al 10 jier foarsitter fan DikGroen, in stichting dy’t lytsskalige natuerinisjativen stimulearret en finansiert en is sy keazen yn de lederied fan Vogelbescherming Nederland. Fierder sit se yn de inisjatyfgroep fan de Pluktún yn har wenplak dêr’t biologyske giffrije blommen plukt wurde kinne en dêr’t sy foar dwaande is mei in edukatyf programma, sadat ek de basisskoalle learlingen hjirby belutsen wurde.

Har tsjinkandidaten binne ek aktive natuerminsken. Dus it sil sneon 30 maaie noch hiel spannend wêze wa’t de beam wint dit jier. As Marjolein wint kiest se as beam foar in plataan. Dizze beam wol se graach plantsje litte by de PABU, de oplieding foar learkrêften basisûnderwiis, “omdat dit de nije juffen en masters binne dy’t stimulearre wurde moatte om ûnder skoaltiid mei de learlingen nei bûten te gean. De Klyster en oare NME-sintra stypje de learkrêften hjirby graach, want NME-sintra hawwe frijwilligers yn tsjinst dy’t steane te popeljen om de bern de natuer belibje te litten.”, leit se út.

“Foar my is it al in hiele ear dat ik nominearre bin en ik gun it de oare kandidaten ek hiel bot”, seit Marjolein. “It set NME op de kaart en dat is geweldich en ja, winne is fansels leuk”.

Marjolein ferskynde ôfrûne sneon 23 maaie yn it programma Op en Ut fan Omrop Fryslân en it promoasjefilmke sirkulearre op de sosjals. “In moaie promoasje foar achter it byldskerm wei, jas oan, learzens oanen en hup nei bûten“, sa seit Marjolein.