Dizze wike berikte ús it drôve berjocht dat âld-frijwilliger fan De Klyster Sieberen Postema op tiisdei 21 july op 78-jierrige leeftyd hommels ferstoarn is. Sieberen Postema wie fan 2008 ôf oant en mei 2022 frijwillige natuergids by De Klyster.

Hikke en tein yn de Wâlden op’ e Tike, boarte Sieberen as bern altiten bûtendoar en sa ûntstie in sterke bân mei de natuer. En dat bleau, want hy wie noch altiten regelmjittich te finen by de Leijen, fierrekiker om ‘e nekke.

Sieberen hâlde fan de natuer, fan it fiskjen, d’r op út mei it boatsje, fûgels sjen, en hy mocht der hiel graach oer fertelle, benammen oan bern, want it oerbringe fan leafde foar de natuer fûn er tige wichtich. Hy hat dêrom destiids de natuergidsenoplieding fan it IVN folge en is sadwaande yn 2008 by NME-sintrum De Klyster kaam as frijwillige natuergids.

Sieberen hat sa’n 3.000 bern kennismeitsje litten mei de natoer yn noardeast Fryslân. Hij wurke mei oan û.o. de projekten: Noardlike Fryske Wâlden, takomst foar in unyk lânskip, Waadstrúne,  Swalkkuier troch it Houtwiel en Op Avontoer by de Boer.

Troch syn grutte postuer en waarme swiere stim makke Sieberen yndruk, mar de measte yndruk makke hy wol as hy it ikoanyske doaske út de bûse wei helle. Tidens de ekskurzjes oan bern fan de boppebou tovere hy steefêst dat doaske mei nijsgjirrige natuerskatten foar it ljocht mei û.o. in hazzepoatsje, in kowetosk, in fûgelpoatsje en by eltse skat fertelde Sieberen in sterk ferhaal en dat makke syn ekskurzjes foar bern, mar ek foar learkrêften en âlders, ta in ûnferjitlike natuerbelibbing.

Sieberen wie in smoute prater en dat wie der ek tidens de teamútjes fan De Klyster. Hy naam faak efkes it wurd en dan waard der hiel wat ôflake om de sterke ferhalen fan dizze Wâldpyk, mei in hert fan goud en op it goede plak.

Sieberen Postema hat in soad betekene foar De Klyster op it mêd fan edukaasje, en ek foar it Fryske Gea, wêr ’t hy ek frijwilliger wie en him dwaande hâlde mei natuerbeskerming troch it tellen fan fûgels.

Sieberen, natuerminsk en sympatike kollegagids, do stiest yn ús ûnthâld gravearre en wy tinke mei in soad respekt en in glim om ‘e mûle oan dy werom.

Ut namme fan it klysterteam winskje wy de neisten en syn frou Lammie, in soad sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit grutte ferlies.

 

Yn de parse by RTV-NOF ferskynde it folgjende berjocht.

Oud-natuurgids De Klyster Sieberen Postema overleden – RTV NOF Nieuws