Damwâld – Tongersdei 24 november 2022 hat De Klyster de earste stap set nei in folslein twatalich NME-sintrum. Yn oparbeidzjen mei IVN en mei stipe fan Janke Singelsma en Jolanda Verhoef fan it “lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid NHL Stenden Hogeschool” en de Provinsje, sil De Klyster mei dizze ambysje oan de slach.
It stribjen is dat it plak fan it Frysk yn it nije beliedsplan fan 2024 ôf, fêstlein stiet en bekostige wurde kin. In wichtige betingst is dat yn 2023 al it lesmateriaal oerset wurdt yn it Frysk. Dêrnei folgje û.o. nijsbrief, webside en oare kommunikaasjekanalen. Hjirfoar wurdt subsydzje oanfrege bij Provinsje Fryslân.
Frysk en Natoer hearre gewoan bij elkoar. Wêr’t je weikomme, it lânskip, dyn natuerlike omjouwing bepale, lykas de taal dyn identiteit.
Troch NME yn it Frysk oan te bieden kinne skoallen wurkje oan harren taalprofyl foar Frysk (Taalplan Frysk 2030, Frysk foar no en letter).