Op moandei 9 oktober 2023 hat in slagge Foarlêsdei plakfûn op twa basisskoallen yn Dantumadiel. Boargemaster Klaas Agricola en wethâlder Gerben Wiersma hawwe it ferhaal foar “Stien wurdt grien, mar de beamkes binne fuort” foarlêzen op KBS de Wel yn Broeksterwâld en KBS de Wynroas yn Wâlterswâld. Hjirbij waarden wichtige saken besprutsen as klimaat, bioferskaat en wetteropfang.

Om “stien wurdt grien” ek praktysk te meitsjen krigen de skoallen in plantenbak foar op it skoalplein. Op de foto: bestjoerders en bern plantsje tegearre de strûken.

De Duorsume Foarlêsdei wurdt alle jierren organisearre troch De Klyster. Yvonne de Beer fan De Klyster regele dizze dei. Lês mear yn it parseberjocht.