PIETER VAN DER GALIEN “In natoerman yn ieren en sinen”
20 juni 1953 – 13 april 2021
Moandei 19 april 2021 hat ús it trieste berjocht berikt fan it ferstjerren fan ús trouwe frijwilliger Pieter van der Galiën. Wij binne tige oandien. Pieter wie fan 2005 ôf in tagediene frijwilliger dy’t altiten ree stie om skoalbern te belûken bij de natoer.
Alle wiken brocht Pieter de leskisten nei de skoallen ta en die hij alderhannen ûnderhâldsputsjes foar De Klyster. Hichtepunt wie elts jier wol it begliede fan it projekt “Kuikentjes in de Klas”. Pieter ynstalearre briedmasinen op de skoallen en regele hinneaaien dy’t útbred wurde koene. De bern fûne it geweldich om de lytste pykjes útkommen te sjen en te fersoargjen.
En dan it Kealtsjepaad, ek sa ’n moai projekt wêrtroch de beukers leare wêr ’t de molke wei komt. Pieter ûntworp in houten ko dy ’t de bern sels melke koene en hij makke in echte suvelkraam wêr ’t de bern molke, fla en oare suvelprodukten priuwe koene. De houten ko ha we doedestiids ferneamd nei Pieter: Pytsje.
Noch sa’n hichtepunt wiene de greidefûgelgastlessen yn it lân mei fierljeppen ta eintsjebeslút. Wat in wille ha de bern altiten hân en wat ha se in protte leard troch der mei de fûgelwachters op út te gean.
Pieter wie in graach sjoene gast op de skoallen en wij sille him o sa misse yn ús klysterteam.