yn ‘e parse – Beamfeestdei

Op woansdei 19 novimber organisearre De Klyster de Beamfeestdei 2025. Wethâlders Hanneke Jouta (Noardeast-Fryslân) en Kees Wielstra (Dantumadiel) plantten tegearre mei learlingen fan CBS De Welle en CBS De Tarissing beammen yn Burdaard en Rinsumageast.

Klyster projektmeiwurker Yvonne de Beer joech gastlessen op de skoallen tegearre mei de ‘mannen fan grien’ fan de gemeenten oer it nut fan beammen.

De rein dearre de stoere wethâlders en stoere learlingen hielendal net. Lekker mei de learzens yn’e klaai genoat elkenien fan’e plantaktiviteit.

Op ‘e foto fan klysterfotograaf Sjanne Pol wethâlder Kees Wielstra mei learlingen.

Lês mear:  Kinderen planten bomen in de regio op Boomfeestdag – RTV NOF Nieuws

 

yn ‘e parse – Jou in bern in boek

Op freedtemoarn 14 novimber stie De Klyster yn it ramt fan de 19e edysje fan it projekt ‘ Jou in bern in boek ’. Alle bern út groep 5 fan de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel krigen dêrby fergees it Fryske boek ‘ Paula en de weirekke spegel ’.

De offisjele útrikking waard ferrjochte troch wethâlder Wiebe Strikwerda fan de gemeente Dantumadiel en berneboargemaster Luuk de Bruin, yn oanwêzigens fan SO De Wingerd, CBS De Sprankeling, OBS Theun de Vriesskoalle.

Lês mear  https://www.rtvnof.nl/19e-editie-jou-in-bern-in-boek-by-de-klyster-yn-damwald/723409/

 

GDO Kennisdei 2025

Op 13 novimber wie de lanlike GDO kennisdei. De Klyster waard fertsjintwurdige troch Marjolein Staal. Tema fan de kennisdei wie Fiedsel-edukaasje en Fiedsel-feardigens. Meardere lêzingen en ‘best practices’ waarden dield.

Dêrneist waard de Ynnovaasje en Ympaktpriis útrikt en fûn de ALV plak.

yn ‘e parse – Alliânsje skoaltunen

De Alliantie Schooltuinen hat Klyster Joanneke Romkema ynterviewd oer it moestúnprogramma fan De Klyster: inspiratieverhaal schooltuinen uit Damwâld“. Ofrûne jier hat natuer – en miljeuedukaasje sintrum (NME) De Klyster yn it Fryske Damwâld as pilot fjouwer skoallen begelaat by it skoaltúnkjen. Elke skoalle krige advys fan moestúnadviseur Joanneke S. Romkema en tweintich lessen fan in moestúncoach. “Yn de grientetún kinne je safolle mear kwyt as allinnich griente. Bern kinne rekkenje, oefenje mei taal en sosjale feardichheden ûntwikkelje.”
Lês it hiele ferhaal hjir:

yn ‘e parse – Bioferskaat begraafplak Ternaard

Learlingen fan groep 8 fan CBS It Harspit hawwe yn Ternaard sa’n 800 biologyske blombollen plante op it pleatslike gemeentlik begraafplak. Dêrneist binne der 9 nêstkasten en 2 flearmûzekasten ophongen.

Projektkoördinator Jan Tiede Bouma fan De Klyster begelate de biodiversiteitsaksje tegearre mei Theo van der Horn en kollega’s fan de gemeente Noardeast Fryslân. De kommende jierren sille alle gemeentlike begraafplakken mei help fan learlingen mear biodivers makke wurde. Jan Tiede fersoarge op skoalle in gastles oer de kringloop fan it libben. Dizze les foarmet ek in wichtich ûnderdiel fan it edukaasjeprojekt Biodiversiteit op Begraafplaatsen fan De Klyster.

Lês mear yn it parseartikel.

Leerlingen Ternaard helpen biodiversiteit op begraafplaats te vergroten – RTV NOF Nieuws

 

Nije leskiste Beammen

De Klyster is in nije leskiste riker mei de titel Beammen. Dizze kiste giet oer hoe’t út in siedsje in ymminske beam groeie kin. Learlingen fan groep 3 en 4 wurde útdage om op syk te gean nei beammen yn ‘e buert fan skoalle.

Al it materiaal sit yn de prachtich beskildere leskiste, wêrmei’t learkrêften sa út de fuotten kinne.

Klysterprojektmeiwurker Trudy van Assen beskildere de leskist en ûntwikkele ek de edukative ynhâld fan leskiste Beammen. It boek “Het begint met een zaadje” is it útgongspunt fan de kiste.

De skoallen út de klysterregio kinne dizze moaie leskiste fergees liene.

Klyster nijsbrief nr. 09

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze nijsbrief omtinken foar:

  • GFT, wat dochst dermei? Novimberaksje
  • NME-kontaktpersoan, jou it troch
  • yn ‘e parse: tegelwippen Fûgellân
  • yn ‘e parse: Foarlêsdei stikelbaarch
  • yn ‘e parse: skoallen ûntfange moestúnsertifikaten
  • Neijiersaktiviteiten yn byld
  • Dochblêden stikelbaarch!

In protte lêswille!

Klik hier om de nieuwsbrief te lezen

Bijalge: Stikelbarchjes – kleurplaat

Bijlage: Stikelbarchjes – doeblad

Edukaasjesafary 2025

It tema fan de edukaasjesafary foar NME-ers út de trije noardlike provinsjes wie dit jier “de krêft fan iten”. En dat fiedsel mear is as iten hawwe klysters Jurjen, Sterre en Marjolein dizze dei ûnderfûn.

Iten-edukaasje draacht by oan in fearkrêftige generaasje. Yn trije ôfwikseljende workshops kaam iten-edukaasje ta libben en waard ûnderfûn hoe’t iten lichem, libbensstyl en bewustwurding rekket.

Der waard filosofearre oer wat ús fiedt, self iten sean en û.l.f. fan hûsdokter Inge Hamming waard it libbensstylroer ferkind en hoe’t dit ynset warde kin yn it eigen wurk en deistich libben.

De edukaasjesafary waard organisearre troch IVN natueredukaasje en fûn plak yn en om it iuwenâlde bûten De Slotpleats hinne. In plak dêr’t natuer, smaak en duorsumens byinoar komme.

Op de foto de Slotpleats mei klysters Jurjen en Sterre. Edukaasjesafary 2025

Wethâlder Strikwerda mei op ekskursje

Woansdei 29 oktober 2025 hat wethâlder Wiebe Strikwerda fan ‘e gemeente Dantumadiel mei west op klysterekskurzje. De wethâlder die mei oan de hjerstkuier yn it Driesumer bosk ûnder lieding fan klyster Annemarie van der Molen.

“Hy fûn it oprjocht hiel leuk en fassinearjend hoe’t de bern mei de opdrachten omgiene”, fertelt Annemarie. “Hy hat ferskate ûnderdielen meimakke en sjoen dat dit de learlingen safolle mear jout as in “gewoane” binnenles”.

De wethâlder wie ûnder de yndruk fan it ferskaat fan it oanbod fan de Klyster. Al mei al in tige slagge útsje.

yn ‘e parse – learlingen ûntfange moestúnsertifikaat

ÛNKRÛDBÛTER OP IN TOASTKE LEKKERDER AS FERWACHTE!

Dizze wike wie de feestlike ôfsluting fan it Klyster skoalmoestúntrajekt.

Hast hûndert learlingen út groep 5 o/m 7 fan CBS De Tarissing út Aldwâld, CBS Eben Haëzer út Dokkum, CBS De Fjouwerhoeke út Hantumhuizen en SLS De Tijstream út Holwert krigen harren sertifikaat foar dielname oan it Schoolmoestuintraject.

Tweintich wiken lang learden de bern fan harren eigen klystermoestûncoach alles oer siedzjen, rispjen, boaiemlibben en de kringlopen yn de natuer. “Ze hebben niet alleen geleerd hoe groenten groeien, maar ook hoe alles in de natuur van nut is en met elkaar verbonden is”, fertelt Joanneke Romkema, skoalmoestûnadviseur fan NME De Klyster.

Us moestúntrajekt ûntfong earder dit jier lanlike kwaliteitserkenning en past binnen de gemeentlike doelstellings fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân op it mêd fan it befoarderjen fan in sûne libbensstyl. Takom jier kinne op’e nij fjouwer basisskoallen meidwaan oan dit griene en sûne learaventoer.

Lês hjirûnder mear

Leerlingen ontvangen certificaat bij afsluiting schoolmoestuintraject NME De Klyster – RTV NOF Nieuws