Tiisdei 12 desimber 2023 is it Kolleezje fan Deputearre Steaten Fryslân “op paad” west troch de regio Noardoost-Fryslân, om harren te ferdjipjen yn projekten en netwurken yn dizze regio. Gebietsdeputearre Sybe Knol fan de regio Noordeast Fryslân hie it Kolleezje hjirfoar útnûge.
De dei sette útein mei in gearkomste fan DS yn it Streekhûs Burgum.
Op it programma stie ein fan de moarn in lunch mei in ôffurdiging fan ferskate maatskiplike organisaasjes út ‘e regio.
Foar dizze ‘walking lunch’ wie ek Marjolein Staal frege om mei Deputearren en Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn petear te gean oer NME De Klyster en de ûntjouwingen op it gebiet fan natoer en duorsummens edukaasje. De leden toande har hiel belutsen en fansels kaam ek de wearde fan de provinsjale stipe foar De Klyster troch it Iepen Mienskips Fûns oan’e oarder.
Oare organisaasjes wiene: ANNO, Theater Stichting het Achterland, ’t Stationnetje, Ruurd Wiersma Museum, Stichting Pompster Vervoer, Botkepark, Streekwurk Noordoost Fryslân, Mearkas, QOP.
De haute cuisine lunch waard fersoarge troch Mearkas út Eastermar https://mearkas.nl
Nei de lunch gong it Kolleezje û.o. op projektbesite bij iepenloftmuseum De Spitkeet yn De Harkema, projektbesite Gastvrijheid aan de Lauwers, en fûn in parsepetear DS plak by Theetuin aan de Lauwers yn Gerkeskleaster-Strobos.
Op de foto: de hearen yn it wyt fan Mearkas iepenje de lunch. Tahearders f.l.n.r. Femke Wiersma, Marjolein Staal, Friso Douwstra, Ronald Zoodsma, Arno Brok.
Foto: Julia Dongstra