Ek dit jier hat De Klyster in ferhaal skriuwe litten foar de Duorsume Foarlêsdei. De foarlêsdei falt yn de Berneboekewike en past yn it tema. Klyster Geertruida fan Assen hat it ferhaal “Stien wurdt Grien” skreaun en illustrearre.
Alle 47 skoallen fan de Klyster ha dit moai Frysk ferhaal krigen. It ferhaal giet oer klimaat, wetteropfang, bioferskaat en wat je thús dwaan kinne.
Priisfraach: nei ôfrin kinne de bern harren dreamskoalplein tekenje. De moaiste tekening wint in moaie priis.