Boargemaster Johannes Kramer en wethâlder Pieter Braaksma ha foarlêzen tidens Duorsumensdei op KBS De Gearing yn Ie en KBS De Rank yn Mitselwier.

It ferhaal Stien wurdt Grien wie oanlieding om meielkoar te praten oer bioferskaat, klimaat en wetteropfang en wat je sels thús dwaan kinne oan duorsumens.

Ek binne de learlingen dwaande west mei it fergrienen fan it skoalplein. Tegearre ha se bio-ferskate plantenbakken delsetten. Op de groepsfoto hat boargemaster Kramer de moffen al oan om de learlingen mei helpe te kinnen mei it plantsjen.

Nei ôfrin mochten de bern allegearre in duorsum skoalplein ûntwerpe. It moaiste ûntwerp wint in priis. De winner wurdt op 31 oktober bekend makke.

De Duorsume Foarlêsdei wurdt alle jierren organisearre troch De Klyster. Yvonne de Beer fan De Klyster regele dizze dei. Lês mear yn it parseberjocht.

https://www.waldnet.nl/wn/nieuws/76082/Voorlezen_tijdens_de_Dag_van_de_Duurzaamheid.html