yn ‘e parse Bûtenlesdei foar 1.232 learlingen
Yn ‘e parse stie in moai stik oer de Bûtenlesdei dy ‘t De Klyster organisearre.
Yn ‘e parse stie in moai stik oer de Bûtenlesdei dy ‘t De Klyster organisearre.
Dit jier is De Klyster it earste twatalich NME-Sintrum fan Fryslân wurden.
Dat betsjut dat edukatyf materiaal twatalich beskikber is. Mar ek dat yn alle ekskurzjes en gastlessen de Fryske taal brûkt wurde mei.
It is dêrom wichtich dat it hiele Klysterteam it Frysk yn alle gefallen passyf behearsket en ferstiet, sadat bern harren eigen taal brûke kinne.
De ôfrûne moannen hawwe Joanneke Romkema, Bianca van Tielen en Mirja Brandorff de AFUK-kursus foar net-Frysktaligen folge en mei goed gefolch ôfsletten. Fan dit plak ôf de hertlike lokwinsken mei it beheljen fan it sertifikaat!
Op ‘e foto f.l.n.r. Klysters Joanneke Romkema, Bianca van Tielen en Mirja Brandorff
Ofrûne tiisdei, diene yn Nederlân hast 100.000 learlingen fan goed 1.300 skoallen mei oan de Nationale Buitenlesdag.
Yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân giene mar leafst 15 skoallen mei 1.232 learlingen nei bûten.
Natuer – en miljeuedukaasje sintrum De Klyster foarseach alle dielnimmende skoallen fan in praktysk lespakket mei de titel “ik bén natuur / ik bín natoer”, wêrmei ‘t de learkrêften, sûnder in soad tarieding, mei de bern nei bûten koene.
De learlingen giene om skoalle hinne op ûntdekkingstocht mei de maitiidsbingospeurkaart en sammelen dy natuerskatten om se dêrnei nei te tekenjen. As lêste wie der foar elk bern in lekkere apel en in amulet as oantinken.
Eins soe it alle dagen Bûtenlesdei wêze moatte. Dus skoallen dy ‘t foar de simmer noch graach in Bûtenlesdei organisearje wolle, binne fan herte útnûge en kinne harren opjaan fia de webside. It materiaal, ynklusyf in apel foar elk bern, wurdt dan op skoalle brocht!
DOKKUM – Freed 5 april 2024 waard op De Zijl yn Dokkum it tulpeseizoen 2024 ynlet. Bern fan CBS Eben Haëzer plantsje de earste blombak fol mei maitiidsbloeiers. Om De Zijl hinne binne ferskate kleurige en lekker rûkende blombakken te finen.
De pleatste tulpebakken sille har de kommende tiid wer fan har moaiste kant sjen litte. Wethâlder Rebecca Slijver grypte dizze gelegenheid oan om omtinken te freegjen foar it belang fan it bioferskaat. Foar de stichting Tulpenstad Dokkum wie it in moai momint om sjen te litten dat har wurksumheden bydrage oan it moaier meitsjen fan ‘e binnenstêd. Njonken de blombakken binne op de ferskate bolwurken ek blombollen plante. Op it Wester-en sûderbolwurk binne stinzeblombollen plante, dizze blombollen fermearderje har yn ‘e grûn en jouwe nei in pear jier in tekken fan kleur.
It bestjoer waard by syn wurksumheden stipe troch ferskate sponsoaren en wurket dêrby nau gear mei de gemeente en Natuer – en Miljeu Edukaasje Sintrum De Klyster.
De Klyster fersoarge in gastles by groep 7 fan de CBS Eben Haëzer. Foar dizze groep wie in fotowedstriid organisearre mei de opdracht: meitsje in moaie foto fan stinzeplanten of ynsekten. De moaiste foto waard makke troch Sipke Zijlstra en waard troch wethâlder Rebecca Slijver ûntbleate.
Op de foto wethâlder Rebecca Slijver ûntbleatet de winnende foto fan Sipke Zijlstra.
Parse en media joegen wiidweidich omtinken oan de happening. Yn it berjocht hjirûnder in ferslach.
foto: Bote Sape Schoorstra
Freed 5 april 2024 organisearre De Klyster y.g.m. stichting Dokkum Tulpenstad de start fan Tulpenstad Dokkum.
Dêr gie in stinzeplanteprojekt oan foarôf. Learlingen fan groep 7 fan de Eben Haezer School út Dokkum learden fan klysterprojektlieder Hilda Buursma alles oer stinzeplanten en it nut fan dizze ierbloeiers foar it bioferskaat.
Juf Hilda learde de bern yn har gastles hoe ‘t it komt dat krokussen, snieklokjes, bostulpen en oare stinzeplanten al sa betiid bloeie kinne: in bol / knol is in fiedingsbom, dus by de earste sinnestrielen kinne dizze stinzeplanten al groeie en bloeie. De bern diene sels ûndersyk nei bollen en knollen troch in sipel en in ierappel te ûntleedzjen.
Klysterjuf Hilda naam de skoalle ek mei op ekskurzje nei de Skierstins yn Feanwâlden om dêr de Stins te besjen en de rykdom oan stinzeplanten te ûntdekken. FotoBart en FotoHans fan KidzKlix joegen in fotokursus en giene mei op ekskurzje. De learlingen krigen de opdracht om stinzeplanten op ‘e foto te setten. It smiet prachtige foto’s op fan stinzeplanten en ynsekten.
Stinzeplanten hawwe kultuerhistoaryske wearde en binne ierbloeiers. As de earste hommels en wylde bijen wekker wurde út ‘e wintersliep, bloeie de stinzeplanten en kinne se hjir har iten opskarrelje. Stinzeplanten binne dus hiel wichtich foar it bioferskaat.
De iepening fan it tulpestêd Dokkum waard ek troch de learlingen fersoarge troch it plantsjen fan kultivars. Wol gjin echte stinzeplanten, mar wol blommen dy ‘t Dokkum opfleurje. Foarsitter Ger Heeringa fan Dokkum Tulpenstad hold in besiele taspraak. Wethâlder Rebecca Slijver wie ek fan de partij en ûntbleate de winnende foto.
Stichting Dokkum Tulpenstad plante earder stinzeplanten op de bolwurken fan Dokkum.
Foto: Sape Bote Schoorstra
Bêste nijsbrieflêzer,
Yn dizze 3e nijsbrief oandacht foar:
In soad lêswille!
Klik hjir om de nijsbrief te lêzen
Taheakke: Boaiembistjes Weetsjes Sykkaart en Praatplaat FRL NL
Tsien meiwurkers fan De Klyster folgen op trije tiisdeitejûnen in kursus Klimaatadaptaasje. Pyke Kroes fan it IVN fersoarge de workshops wêrtroch ‘t de kursisten goed taret binne om aanst sels in gastles jaan te kinnen op basisskoallen oer wetterberging, klimaatferoaring, hoasbuien, hjittestress, omheechgeande seespegel en hoe hjirmei om te gean (klimaatadaptaasje).
Wetter yn Fryslân; tefolle of te min en hoe sille wy dêr yn ‘e takomst op ynspylje? Ek Fryslân moat him tariede op de risiko’s fan it feroarjende klimaat en dêrop de omjouwing oanpasse.
In oanskôchlike wettertafel makket sichtber hokker maatregels nuttich en mooglik binne, lykas spûnswurking fan griene tunen by fûle rein. In oare wettertafel lit sjen wat bart as de seespegel omheech giet en hoe ‘t je foarkomme kinne dat we aanst Amersfoort oan See hawwe.
Uteinlik sil de kursistegroep mei-inoar de gastles “Stien wurdt Grien” gearstelle foar basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Tige nijsgjirrich en learsum, mar foaral ek aardich om te dwaan.
It projekt set nei de simmerfakânsje útein as pilot.
Op de foto ien fan de wettertafels en flnr Jurjen, Joike, Pyke, Bertus, Peer, Hilda, Bianca, Mirja en Yvonne. Op de foto ûntbrekke Trudy, Marjolein en Joanneke
Op 21 maart 2024, de dei dat de maitiid offisjeel úteinset, hat frijwilliger Pieter Reitsma 30 akwaria mei kikkertsdril rûnbrocht nei de skoallen yn de regio. Natuerfrijwilliger Jordan van der Maas is ús kikkertsaakkundige en soarge foar it kikkertsdril. Dit jier hat de brune kikkert hast twa wiken earder as ferline jier it kikkertsdril ôfset.
It kikkertsdrilpakket is altyd tige populêr by de skoallen. It is fansels ek geweldich leuk om yn ‘e klasse de ûntwikkeling fan dril ta piiplyts kikkerke folgje te kinnen. Gewoan lekker sjen en dy ferwûnderje. De lesbrief jout lestips.
It pakket bestiet dit jier út: glêzen akwarium, potsje kikkertsdril, soerstofplantsjes, sierstientsjes, byldsjes fan de libbenssyklus fan de kikkert, lesbrief mei wurkblêden en fersoargingsynstruksjes (op dizze webside stiet in filmke oer it ynrjochtsjen fan it akwarium ). Dit jier is ek in foarjiers-natuer-speurkaart ûnderdiel fan it pakket. Op de speurkaart stean bisten en planten ôfbylde dy ‘t op dit stuit te spotten binne. Tink oan de brune kikkert, klyster, titelroas, krookje, túnslak, holders. De learkrêft kin mei dizze speurkaart efkes lekker mei de bern nei bûten.
NB. Kikkertsdril is by de wet beskerme, mar de wet regelet ek dat it tastien is om foar edukative doelen kikkertsdril yn ‘e klasse te hâlden.
Op de foto frijwilliger Pieter dy ‘t de pakketten rûnbringt troch regio Noardeast Fryslân.
Bêste nijsbrieflêzer,
Yn dizze twadde twatalige nijsbrief oandacht foar:
In soad lêswille!
Klik hjir om de nijsbrief te lêzen