Oer De Klyster

De Klyster is in sintrum foar natuer- en miljeu-edukaasje (NME) fan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân en set har yn foar in grien, sûn en duorsum Noardeast-Fryslân

De Klyster fersoarget arranzjeminten en lesmateriaal foar it ûnderwiis op it mêd fan Natuer en Duorsumens en rjochtet har spesjaal op de natuer en it lânskip tichtby hûs.

Fyzje

Troch bern al op jonge leeftiid yn kontakt te bringen mei de natuer yn de eigen leefomjouwing, dy te ûnderfinen en derfan te genietsjen, wurdt mei de basis lein foar sûn en duorsum gedrach.

De Klyster folder

Jo kinne mear lêze oer ús aktiviteiten en fyzje yn ús in onze folder. (pdf, 5,6 MB)

Utliensintrum

Basisskoallen kinne fergees gebrûk meitsje fan it útliensintrum. Prachtich beskildere leskisten en oar edukatyf materiaal kinne liend wurde. De Klyster hat in hel- en bringservice.

Al it materiaal datst online reservearrest by De Klyster wurdt op skoalle brocht en wer netsjes ophelle.

Ekskurzjes & Aktiviteiten

Basisskoallen kinne fan 1 euro ôf de learling meidwaan oan ekskurzjes en natuer- en duorsumensprojekten. Sertifisearre gidsen nimme de bern mei nei bûten en litte de learlingen de natuer yn Noardeast-Fryslân belibje.

Nijsbrief

De Klyster jout alle moannen in digitale nijsbrief út. Wolst dy nijsbrief ûntfange, folje dan it kontaktformulier yn.

Gearwurkje

De Klyster wurket nau gear mei oare griene organisaasjes lykas IVN, Staatsbosbeheer, It Fryske Gea en Landschapsbeheer Friesland.

Ferantwurding en Belied

Klik hjirre foar it Beliedsplan De Klyster 2020-2024
Klik hjirre foar it Jierplan 2025 fan De Klyster
Klik hjirre foar it Jierplan 2024 fan De Klyster
Klik hjirre foar it Jierplan 2023 fan De Klyster
Klik hjirre foar it Jierferslach 2024 fan De Klyster
Klik hjirre foar it Jierferslach 2023 fan De Klyster
Klik hjirre foar it Jierferslach 2022 fan De Klyster