Learlingen helpe mei tegels derút, grien deryn yn wyk Fûgellân

Freed 10 oktober 2025 holpen learlingen fan CBS De Hoeksteen en CBS Nynke fan Hichtum mei tegelwippen yn wyk Fûgellân.

Wethâlder Hanneke Jouta stuts mei de learlingen de hannen út de mouwen. Mei kroaden waarden tegels ôffierd en strûkjes oanfierd om te plantsjen.

De tegelwipaksje is ien fan alle klimaat adaptive maatregels dy’t yn de wyk Fûgellân naam wurde, wêrtroch’t dizze wyk taret is op de gefolgen fan klimaatferoaring en bestân is tsjin hoasbuien en hjittestress.

De Klyster fersoarge op de skoallen ek in gastles oer klimaatferoaring, sadat de learlingen snappe dat it fergrienen fan de wyk helpt om wetter fêst te hâlden en om kuolte te jaan yn waarme perioaden.

Lês mear yn ûndersteand parseberjocht.