De Klyster is in nije leskist riker mei de titel Hjerst. Dy kiste befettet prachtich hjerstmateriaal en daget learlingen fan groep 1 en 2 út om nei bûten te gean en mei al har sintugen de hjerst te belibjen. Al it materiaal sit yn de prachtich beskildere leskist, wêrmei’t learkrêften sa út de fuotten kinne.
Klysterprojektmeiwurker Mirja Brandorff beskildere de leskist en ûntwikkele ek de edukative ynhâld fan leskist Hjerst.
De skoallen út de Klysterregio kinne dizze moaie leskist fergees liene.