Hjoed berikke ús it tryste berjocht dat ús âld-frijwilliger Jan Idskema op tongersdei 13 maart lêstlyn ferstoarn is.

Jan Idskema wie goed 7 jier in entûsjaste frijwillige waadgids by De Klyster. Hikke en tein yn Peazens mei de kwelder as achtertún wie Jan fan jongs ôf  altyd op it Waad te finen. Jan koe it Waad dan ek as syn broeksbûse: alle bistjes, plantsjes, geulen en de grillen fan it waar koe er as gjin oar. Jan siet fol ferhalen oer syn Waadgebiet en hy fûn it dan ek fantastysk om benammen jeugd mei te nimmen op waadekskurzje.

Yn’e ekskurzje droech Jan altyd de pet mei it gouden ankerke. Hy begûn syn ekskurzje dan mei in spannend ferhaal. Hy fertelde de bern dat er noait nei de kapper hoegde, en dat it geheim yn syn pet ferstoppe siet. It smiet altyd wer hilaryske mominten op as Jan de pet fan’e holle sette en in echte krabbe sjen liet dy’t yn’e pet siet en it hier koart hold. Noch sa’n moaie act wie as Jan in waadpier op iet en fertelde dat pieren hiel streksum binne en dat fûgels dat mar al te goed witte. Moaie anekdoaten, dy’t de ekskurzje ta in echte waadbelibbing makke dy’t de bern nea wer ferjitte sille. Jan hat in soad bestjutte at it giet om de bewustwurding en beskerming fan Wrâlderfgoed it Waad. Allinich al foar De Klyster hat er mear as 2.000 learlingen mei harren learkrêften en âlden meinaam it waad op.

Ek by ús klysterútstapkes wie Jan dejinge dy’t altyd soarge foar in fleurige noat. Yn april 2022 moast Jan spitigernôch ôfskied nimme as frijwilliger fan De Klyster fanwege in ôfnimmende sûnens. Dochs koe er it net litte en kaam er de jierren dêrnei noch faak efkes de seedyk oer om by de waadekskurzjes fan klystergidsen Peer, Olga en Annemarie. Wat sille wy him misse.

Jan mei de pet, do stiest yn ús ûnthâld gravearre en wy tinke mei in hiel soad wille oan dy werom. Ut namme fan it klysterteam winskje wy de neisten en syn frou Anneke in soad sterkte ta mei dit grutte ferlies.