Kikkertsdril op skoalle

Op 21 maart 2024, de dei dat de maitiid offisjeel úteinset, hat frijwilliger Pieter Reitsma 30 akwaria mei kikkertsdril rûnbrocht nei de skoallen yn de regio. Natuerfrijwilliger Jordan van der Maas is ús kikkertsaakkundige en soarge foar it kikkertsdril. Dit jier hat de brune kikkert hast twa wiken earder as ferline jier it kikkertsdril ôfset.

It kikkertsdrilpakket is altyd tige populêr by de skoallen. It is fansels ek geweldich leuk om yn ‘e klasse de ûntwikkeling fan dril ta piiplyts kikkerke folgje te kinnen. Gewoan lekker sjen en dy ferwûnderje. De lesbrief jout lestips.

It pakket bestiet dit jier út: glêzen akwarium, potsje kikkertsdril, soerstofplantsjes, sierstientsjes, byldsjes fan de libbenssyklus fan de kikkert, lesbrief mei wurkblêden en fersoargingsynstruksjes (op dizze webside stiet in filmke oer it ynrjochtsjen fan it akwarium ). Dit jier is ek in foarjiers-natuer-speurkaart ûnderdiel fan it pakket. Op de speurkaart stean bisten en planten ôfbylde dy ‘t op dit stuit te spotten binne. Tink oan de brune kikkert, klyster, titelroas, krookje, túnslak, holders. De learkrêft kin mei dizze speurkaart efkes lekker mei de bern nei bûten.

NB. Kikkertsdril is by de wet beskerme, mar de wet regelet ek dat it tastien is om foar edukative doelen kikkertsdril yn ‘e klasse te hâlden.

Op de foto frijwilliger Pieter dy ‘t de pakketten rûnbringt troch regio Noardeast Fryslân.

Offalprojekt mei Koos de Jiskeman

Offalprojekt fan NME De Klyster mei Koos de Jiskeman. 🦺
Fan 27 febrewaris oant ein maart jout Koos de Jiskeman gastlessen op ferskate skoallen yn ús gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Koos bringt de bern by wêrom ‘t it belangryk is om ôffal better te skieden.
By de gastles rekkenje de bern sels út hoefolle ôffal de skoalle yn in jier produsearret. Koos leit se út hoe ‘t it ôffal recycle wurdt. De bern meie tips betinke foar bettere ôffalskieding by harren op skoalle of by harren thús. En se meie in reklameposter oer ôffalskieding meitsje. Ien fan dy reklameposters komt op in echte jiskewein dy ‘t troch de hiele Klysterregio rydt!
Middeis is der foar de lytskes in poppekastfoarstelling. De bern út de midden en ûnderbou kinne in kleurplaat meitsje. Dêrmei meitsje se kâns op in ritsje mei de jiskeman op de jiske-auto. 🚛
Wy winskje alle bern in soad wille by de gastlessen en sukses by it meitsjen fan de reklameposter en kleurplaat! 🖍

Klyster nijsbrief nr. 02

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze twadde twatalige nijsbrief oandacht foar:

  • It nije NME-oanbod
  • Kikkertsdril
  • Maitiidskuier
  • Nasjonale Bûtenlesdei
  • Skoalplein safari
  • Ynteraktive Moestúnles
  • Dochblêd en Weetsjesblêd Stinzeplanten

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Stinzeplanten Weetsjes Sykkaart Fr-NL

Taheakke: Stinzeplanten Doe-blêd

Presintaasje Amtners Frysk

Op moandei 26 febrewaris 2024 kamen alle gemeenteamtners Frysk gear by De Klyster. In pear kear jiers treffe dizze amtners inoar en oerlizze se û.o. oer it plak fan de Fryske taal binnen it gemeentlik belied fan harren gemeente (n) en dogge se ideeen op oer harren fak.

Dizze kear joech Tryntsje van der Steege fan de Afûk in presintaasje oer sichtberens fan it Frysk. Bedriuwen en organisaasjes kinne (finansjele) help krije fan de Afûk om binnen harren organisaasje it Frysk in promininter plak te jaan troch yn it foarste plak goed sichtber te wêzen.

Dêrnei joech Marjolein Staal fan De Klyster in presintaasje oer hoe ‘t it NME-Sintrum Frysk en NME keppele hat. De yntegrale oanpak soarget foar in win-win-situaasje foar de gemeenten, mar ek foar de skoallen. It idee is dat skoallen tenei NME yn it Frysk jouwe. Sa wurkje se oan harren duorsume doelen en oan it Taalprofyl Frysk. Frysk en natuer binne ûnderdiel fan dyn identiteit en ûnskiedber ferbûn.

Klyster nijsbrief nr.01

Bêste nijsbrieflêzer,

Yn dizze earste twatalige nijsbrief oandacht foar:

  • Iepening earste twatalige NME-Sintrum fan Fryslân
  • Taalprofyl Frysk
  • Offalprojekt
  • Doeblêd Wetterfûgels

In soad lêswille!

Klik hjir om de nijsbrief te lêzen

Taheakke: Wetterfûgels Weetsjes

Taheakke: Wetterfûgels Doe-blêd

Deputearre Knol iepenet twatalich NME-Sintrum

Under grutte belangstelling fan bestjoerders fan gemeenten, provinsje, Ryk, skoallen, IVN, en frijwilligers en meiwurkers fan De Klyster iepene deputearre Sybe Knol op freed 2 febrewaris 2024 it earste folslein twatalige NME-Sintrum fan Fryslân. Foar de iepeningshanneling klom Sybe Knol op in trepke om in pompeblêd op ‘e gevel fan De Klyster te befestigjen. “En no is it offisjeel en sichtber”.

Sybe Knol neamde De Klyster in foarrinner en in goed foarbyld fan in besiele sintrum: sizze is neat en dwaan is in ding. Sippy Tigchelaar fan de stifting freonen fan De Klyster wie de seremoanjemaster en priigje mei namme de frijwilligers en it projektteam dat keihurd wurke hat oan it realisearjen fan in modern twatalich sintrum. Teamlieder Marjolein Staal rôp op om nei dizze stap perfoarst net stil te stean, mar Frysk en NME te stypjen en te boargjen yn gemeentelijk, provinsjaal en skoalbelied. “No moatte we trochpakke.”

Janke Singelsma fan it “lectoraat meertaligheid en geletterdheid van hogeschool NHL Stenden” joech in dúdlike beljochting fan de mearwearde fan twataligens. Hja die in oprop om De Klyster fierder fleane te litten troch Fryslân.

Yn de grutte seal stiene de leskisten útstald en leine de Fryske hantliedingen en materialen om te besjen. Frijwilliger Olga Baggelaar joech in demonstraasje leskist-beskilderjen.

Mei in bakje kofje en oranjekoeke koene de gasten it materiaal besjen en prate mei de projektmeiwurkers.

 

Op ‘e foto f.l.n.r. Marjolein Staal, Janke Singelsma, Joke Stapensea, Twadde Keamerlid Aant-Jelle Soepboer mei soan, IVN-direkteur Henriette Beukema, boargemaster Johannes Kramer, bestjoerssikretaris Durk Holwerda, wethâlder Hanneke Jouta en wethâlder Gerben Wiersma.

Lês hjir mear: https://www.rtvnof.nl/video-de-klyster-ondergaat-ingrijpende-renovatie-en-wordt-volledig-tweetalig/646391/

 

Lêzing Theunis Piersma

Lêzing Theunis Piersma

Op 19 jannewaris 2024 joech heechleraar trekfûgelekology Theunis Piersma in lêzing mei as titel wat Fûgels elkoar oer ús lân fertelle.

It wie in ynspirearjende lêzing dy ‘t gong oer trekfûgels, mar úteinlik ek oer hoe ‘t alles mei elkoar gearhinget yn de natuer.

Theunis is lid fan it komitee fan oanrekomandaasje fan De Klyster.

Stim op Betty

Klystergids Betty is nominearre foar de ‘Gouden Opsteker 2023’! Betty hat al tûzenen learlingen yn regio Noardeast-Fryslân mei in protte entûsjasme meinommen de natuer yn. Sy fertsjinnet de ‘Gouden Opsteker’ dûbeld en dwers. Stimsto ek?

 

Twatalich NME-Sintrum

Fan 2024 ôf is De Klyster een folslein twatalich NME-Sintrum. De ôfrûne jierren is hurd wurke om alle edukaasjematerialen, leskisten en de webside te modernisearjen é oer te setten yn it Frysk. In team fan frijwilligers, keunstners, edukaasjespesjalisten, foarmjouwers, oersetters en regelneven gongen der oer te set.

Provinsje Fryslân en de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel ha it projekt stipe.

Natuerwearden en lânskiplike kwaliteiten binne ûnderdiel fan jins identiteit en dêr is taal en landschappelijke kwaliteiten, zijn onderdeel van je identiteit en daar is taal ûnskiedber mei ferbûn.

Skoallen moatte wurkje oan harren Taalprofyl foar Frysk en kinne tenei oan harren duorsume en Fryske doelen wurkje troch harren natuerlessen yn it Frysk te jaan. Ek de klystergidsen joue de ekskurzjes yn it Frysk, want Frysk is de taal dy ‘t bern prate as se bûten binne. Boppedat ha blommen en bisten prachtige Fryske nammen dy ‘t it wurdich binne om te behâlden.

Us dream yn 2024

Us dream foar 2024

Dat alle basisskoalbern fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel ûnder skoaltiid nei bûten gean en natuer en lânskip ûntdekke yn dizze moaie regio.

  • Dat sy grutsk leare te wêzen op wêr’t se weikomme.
  • Dat sy in dynamyske skoaldei hawwe, wêryn ‘t stilsitte en leare mei de holle ôfwiksele wurdt mei bûten leare mei holle, hert en hannen.
  • Dat sy topûnderfinings yn ‘e natuer belibje kinne, dy’t in net út te wiskjen yndruk efterlitte.
  • Dat sy natuerfeardichheden foar it libben leare.
  • Dat sy, tanksij de natuer opgroeie ta in sûne en lokkige generaasje.

 

It Klysterteam winsket eltsenien in Grien, Sûn en Lokkich nijjier ta!