De âldste groep learlingen fan CBS De Tarissing yn Rinsumageast hat op tiisdei 18 novimber lêstlyn, de hannen út de mouwen stutsen. Groep 7 -8 hat yn it ramt fan Klysterprojekt ‘Biodiversiteit op Begraafplaatsen‘ nêstkasten timmere en blombollen plante ûnder lieding fan Klyster-projektmeiwurker Jan Tiede Bouma.

Nei in perioade fan restauraasje fan de Alexandertsjerke yn Rinsumageast, fûn de tsjerke it inisjatyf ‘biodiversiteit op begraafplaatsen’ nijsgjirrich en passend foar it eigen tsjerkhôf. Der waard kontakt socht mei de pleatslike basisskoalle en mei Ds. Hille Vlasman. Want net allinnich giene de learlingen letterlik mei de hannen oan it wurk, ek holle en hert waarden oansprutsen by in petear mei Ds. Vlasman oer de kringloop fan it libben. Oer libben en net te mijen dea. Nei dit bysûndere en weardefolle petear waard in besite brocht oan it tsjerkhôf. Sa praten de bern mei de dûmny oer wat dêr te sjen is, hoe’tst dy dêr gedraachst en hokker rituelen wy kenne by in begraffenis.

Nei it middeisskoft hawwe de learlingen in hiel soad blombollen plante tusken de grêfstiennen. Sa soargje wy der mei-inoar foar dat der yn’e iere maitiid iten te finen is foar de earste wylde bijen. En fansels eaget it kleurich yn de dan noch koarte dagen. Mei de 10 nij timmere nestkasten dy’t no yn de beammen hingje, kinne we stelle dat it tsjerkhôf fan Rinsumageast noch mear geskikt makke is foar in rikere biodiversiteit.