Gean mei dyn learlingen op wjirmeaventoer en lear oer wjirmen en biodiversiteit.
Jimme krije in materiaalpakket op skoalle brocht mei echte wjirms en ynstruksje.
Mei de learlingen ûntdekst mei dizze wjirmen wat bioferskaat is. Dat de boaiem de grutste boarne fan bioferskaat op ierde is en de wjirm in ûnmisbere soartegroep foarmet yn dizze boaiem.
Sûnder dizze slimerige sliert soene ús boaiems der hiel oars útsjen en soene in soad planten en diersoarten net bestean kinne. In lytse krêftpatser dy’t syn wurk docht sûnder dat wy dat sjogge. Hoe’t dat sit, sille de learlingen neier ûndersykje mei dit materiaalpakket. It projekt duorret maksimaal trije wiken. Dan litte de learlingen de wjirms wer frij sadat sy harren wurk yn ‘e boaiem dwaan kinne.




