Dit skattige hûntsje is in koaikerhûntsje. Foarhinne gong hy mei de koaiker alle dagen nei de koai. Einekoaien binne ferburgen pearels yn it lânskip en kultuerhistoarysk erfgoed. Gean mei dyn learlingen mei op ekskurzje nei de einekoai en ûntdek it sels.
Yn ’t foar komt juf Hilda yn de klasse fertellen oer it berop fan koaiker, koaikerhûntsjes, fangpipen, lokeinen en de bysûndere natuerwearden yn de koai.
Einekoaien binne lânskipseleminten dêr’t in soad yn te sjen en te belibjen is. Meastentiids net tagonklik foar publyk. Do krijst no de kâns om mei dyn klasse efkes te sjen. Giest mei?
It Fryske Gea is eigener fan de koaien en we hawwe spesjale tastimming fan It Gea om de koaien yn Eanjum en Gytsjerk besykje te meien.