Stichting Dokkum Tulpenstad set Dokkum yn kleur troch it plantsjen fan bollen. Allegearre yn it ramt fan bioferskaat, wetterberging en in griene binnenstêd.
Dit jier freegje wy wer 1 skoalklasse om te helpen mei it plantsjen fan de bollen yn ‘e binnenstêd fan Dokkum. Dizze skoalle krijt yn it foar in aardige kombinearre gastles oer bijen en it belang fan in griene binnenstêd fan ús klysterfrijwilligers Hilda en Pieter.




