FERGEES
Doch mei mei de Nasjonale Bûtenlesdei op 8 april. We fiere dizze dei dat der op skoallen yn hiel Nederlân troch tûzenen learkrêften hieltyd mear bûten les jûn wurdt. Jou dy op en De Klyster bringt in kompleet fergees learlingpakket op skoalle.

NIEUW: mei dit jier foar elke learling in aventoerestôk!

Dit is in koarte positive bewustwurdingsaksje oer natuer en sûnens foar de hiele skoalle. Foar elke learling is der in apel, poster, natuerspeurbingokaart, amulet en op it plein komt wêr mooglik in wettertaap.

Stap 1: bûtenles mei m.h.f. natuerbingokaart + aventoerestôk

Stap 2: elts bern krijt in apel, glês wetter, amulet

Stap 3: koarte les m.h.f. de powerpoint

Stap 4: learlingen meitsje as ferwurking de poster

 

Dogge jim mei?

 

TINK DEROM: leaver op in oare dei? Dat kin. Jou dat oan yn it opmerkingfjild by dyn oanmelding.

TINK DEROM: wolst in wettertaap op it plein? Jou dat ek oan, dan nimme we dy foar dy mei.

In gearwurkingsprojekt fan De Klyster, GGD en JOGG Sûn op eigen Grûn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

 

Oare ynformaasje

De natuer jout ús alle dagen 4 sûne kadootsjes: iten, wetter, soerstof, griene omjouwing. Ast dy dat realisearrest begrypst ek hoe moai oft alles mei-inoar gearhinget. Untdek dit mei de bûtenlesdei. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn