Duorsume Foarlêsdei oer stikelbargen grut sukses op basisskoallen

Freed 10 oktober wie it de Duorsume Foarlêsdei foar it basisûnderwiis. Dizze stie helendal yn it teken fan de stikelbaarch. By de aktiviteit, genieten de learlingen fan ferhalen en learsume mominten oangeande dit bysûndere bist.

By it foarlêzen troch boargemaster Haga en wethâlders fan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân harken learlingen mei oandacht nei in spesjaal foar de gelegenheid skreaun ferhaal troch klystermeiwurker Geertruida fan Assen oer stikelbargen.

Nei it ferhaal giene de bestjoerders yn petear mei de learlingen oer de stikelbaarch en hoe’t dit bistje sjen lit dat we ús omjouwing duorsumer ynrjochtsje moatte. Want, it giet net goed giet mei de stikelbaarch yn Nederlân. De oantallen nimme al jierren ôf troch ferlies fan leefgebiet, ferkear, yntinsive lânbou en it gebrek oan skûlplakken yn ferstienne tunen. Krekt dêrom waard it belang fan in stikelfreonlike tún beklamme: minder tegels en mear grien soargje net allinnich foar skûlplakken foar stikelbargen, mar ek foar mear ynsekten, ferkuolling yn de simmer, bettere wetteropfang en in sûn netwurk fan tunen dêr’t bisten har feilich yn ferpleatse kinne.

De reaksjes op de skoallen wiene unanym posityf. Learkrêften beklamje hoe weardefol it is om natuer en ferhalen te kombinearjen: it makket bern nijsgjirrich, belutsen en entûsjast om sels wat te dwaan. Om dy reden lieten de bestjoerders in stikelbaarchhûs mei foerbakjes achter om ek om skoalle hinne it ferskil te meitsjen foar de stikelbaarch.

Koartsein: in stikelfreonlike tún is goed foar it bioferskaat, it klimaat én foar ússels. Dwaan dus, dy stikelfreonlike tún!

Sjoch yn de link it filmke en neiere ynfo.

 

Egels worden in het zonnetje gezet: “Wy moatte se helpe” – RTV NOF Nieuws