Stifting Freonen fan De Klyster

Tsjintwurdich komme bern hieltyd minder bûten. De stifting is oprjochte om inisjativen te stypjen dy’t bern belûke by de natuer yn regio Noardeast-Fryslân. Dêrom stipet de stifting De Klyster.

De Stifting Freonen fan De Klyster freget û.o. projektsubsydzjes oan, dy’t brûkt wurde om bern praktysk yn de kunde komme te litten mei de natuer en it lânskip.

It bestjoer

Bertus Mulder

Bertus Mulder

foarsitter

Minsken, bisten en planten besteane troch de waarmte fan de sinne, de soerstof yn de loft en it wetter fan de wolken. It is oan ús om dat te hoedzjen en te noedzjen.

Durk Holwerda

Durk Holwerda

siktaris

Natuer moast jong erfare; dat nimst dyn hiele fierdere libben mei.

Thom Feddema

Thom Feddema

ponghâlder

Bern en natoer, dé takomst seit dit bestjoer!

Sippy Tigchelaar

Sippy Tigchelaar

bestjoerslid

De natuer sjen, fiele, hearre, priuwe en rûke, dy ferwûndering ferbynt ús mei it lânskip en dy sensaasje komt alle bern ta.

Oege Jan Leegstra

Oege Jan Leegstra

bestjoerslid
Marjolein Staal

Marjolein Staal

bestjoersadviseur

Alle bern nei bûten en genietsje fan de natoer! Dat moatte wij stypje. Wurd dêrom ek lid fan ús freonenklup.

ANBI

Stifting Freonen fan De Klyster is een algemien nut beëagjende ynstelling en hat de ANBI-status.

Misje

Alle bern yn Noardeast-Fryslân nei bûten! Dat is sûn, jout wille en soarget foar it opbouwen fan in positive bân mei de natuer.

Fyzje

Elts bern hat rjocht op natuer. Bûten boartsje en ûntdekke leit te’n grûnslach oan duorsum gedrach.

Freon wurde / donearje

Kinst foar in lyts bedrach yn ‘t jier Freon wurde. Hoe’t dat giet lêst hier.

Kinst it formulier ynfolje en maile nei info@klyster.nl.

Wolst foar ien kear in jefte dwaan, dan kin dat fansels ek troch dyn jefte oer te meitsjen op NL 40 RABO 0307 8763 65 fan Stifting Freonen fan De Klyster.

Kontaktgegevens

Postadres: Stifting Freonen fan De Klyster
Blauhússtrjitte 2
9104 EV Damwâld

RSIN nûmer fan Stifting Freonen fan De Klyster: 8552.70.573

Mailadres: b.mulder@knid.nl

Ferantwurding

Jierferslach 2024

Jierferslach 2023

Jierferslach 2022

Jierferslach 2021

Jierferslach 2020

Jierferslach 2019

Jierferslach 2018