Komitee fan Oanrekommandaasje
De Klyster hat in Komitee fan Oanrekommandaasje. Hjir sitte bekende Friezen yn dy’t ambassadeur binne foar De Klyster.
De Klyster hat in Komitee fan Oanrekommandaasje. Hjir sitte bekende Friezen yn dy’t ambassadeur binne foar De Klyster.
"Bûten boartsje is bûten bewege en dat is net allinich hiel spannend en útdaagjend, mar ek nochris hiel sûn én learsum. It klinkt sa logysk, mar just yn dizze tiid is it hiel hurd nedich om dit te stimulearjen. En dat is no krekt wat De Klyster docht!"
"Fansels, we wolle foar ús bern skjin wetter, suvere lucht, genôch iten, wenromte en gelok. Dêrfoar sille we op in duorsume wize mei ús ierde omgean moatte…. Moaie wurden, dy’t De Klyster omset yn dieden! Mei it OereNatuer-programma komme alle bern yn oanrekking mei de natuer yn harren eigen leefomjouwing. Dêr begjint it."
"Do wurdearrest pas wat ast snapst watst sjochst! Dêrom gun ik elts bern in master of juf dy’t it klasselokaal útdoart, hup de natuer yn. De Klyster helpt dêrby, dat fyn ik geweldich,"
"Yn dizze tiid wêryn’t bern hieltiten minder bûten komme, fyn ik it tige wichtich dat de jongerein troch De Klyster stimulearre wurdt om derop út te gean. Noardeast-Fryslân is sá moai …. as jonkje wie ik altiten bûtendoar en is myn leafde foar de natuer ûntstien. Dit komt alle bern ta, de learzens en âld spikerbroek oan en it fjild yn!"