Yn elke bôletromp sit wol wat fan ‘e boer!

” Suvel, bôle, fruit of dochs in koekje? De oarsprong leit by de boer. Dus tink tenei ast dyn tromke iependochst efkes oan de boeren. Boer Corné de Vries fan Wâlterswâld fertelde dit by de iepening fan de 18e edysje fan it jeugdedukaasjeprojekt yn Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden oan de bern dy’t in deidiel op syn bedriuw wiene.

Neist it produsearjen fan iten ûnderhâldt de boer ek de natuer. Yn it Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden dogge boeren dit ûnder oare mei snoeien. Hjirmei wurdt romte makke foar nije groei en mear bioferskaat. Foarsitter fan Feriening Noardlike Fryske Wâlden Ids Hellinga ûnderstreke hjirmei it belang fan in sûne keten yn de lânbou. Wethâlder Bakker fan Dantumadiel wie oanwêzich om de tradisjonele iepeningshanneling te dwaan. It snoeien fan in tûke. De wethâlder fertelde dat er eartiids ek by boeren snoeid hie.

Snoeie, bioferskaat en kreativiteit steane sintraal by it deidiel yn it fjild. De klasse giet yn groepkes it fjild yn. Landschapsbeheer Friesland en Natuer – en Milieuedukaasje sintra De Klyster, de Naturij en Pingo & Pet soargje foar de edukative begelieding. Dizze unike gearwurking fan partijen soarget al 18 jier foar in suksesfol lesprogramma. Dit jier binne der fernijde biodiversiteitsopdrachten wêrby’t de learlingen op syk gean nei libben yn de houtwâlen en singels. Dêrmei slute wy mear oan op de belibbingswrâld fan bern. Gjin teory, mar mei de fuotten yn it gers. Der waard ûnder oare in moaie griene sprinkhoanne fûn troch de klasse fan CBS de Wynroas.

De kommende wiken gean der noch mear as 30 klassen it fjild yn by boeren yn Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden om it kûlizelânskip wêryn’t se wenje, boartsje en leare te ûntdekken.