Nei de simmerfakânsje hat De Klyster in ferrassing yn petto foar alle basisskoallen….. de foarstelling Troep! fan HympHamp theater.

By dizze foarstelling wurdt aardich wat troep makke. Mar jiskemannen Johan en Johan soargje derfoar dat alles der wer spik en span útsjocht en alle troep kreas opromme wurdt. Se krije help fan menear van der Laan en buorfrou Trees. Wêrom is menear van der Laan eins altyd sa lilk en segrinich? Is hy wol hielendal fit? Miskien moat er de rommel yn syn holle ris wat better oprêde, lykas Johan en Johan dat dogge. Dan wurdt net allinnich de wrâld in bytsje better, mar ek menear van der Laan én de strjitte mei ús troep!

Troep! komt op skoalle en is geskikt foar alle groepen.

foto: Sieta Stel