Ofrûne sneon 30 maaie 2026 krige Marjolein Staal fan De Klyster de Fryske Natuerpriis 2026 útrikt troch Houkje Rijpstra, direkteur fan Omrop Fryslân. In prachtige erkenning foar har jierrenlange ynset foar natuer – en miljeuedukaasje.
Under lieding fan Marjolein Staal groeide De Klyster út ta in ynspirearjend sintrum dêr’t jierliks tûzenen bern leare oer natuer, bioferskaat, lânskip en duorsumens. De priis bestiet út it plantsjen fan de Johan de Jong-beam op in troch har keazen plak yn novimber fan dit jier.
Lês hjir it parseartikel. Marjolein Staal wint de Johan de Jong-boom: “Ik dacht: die prijs gaat naar iemand anders” – Omrop Fryslân
Bekijk hier het filmpje (20+) Facebook


